Springe nei ynhâld

Stasjon Houten

Ut Wikipedy
Stasjon Houten
station Houten
Stasjon Houten yn 2012
Stasjon Houten yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Houten
plak Houten
adres Onderdoor 82
arsjitektuer
stasjonskoade Htn
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1868
23 maaie 1982 Weriepening
sluting 1 jannewaris 1935
boujier 1866 1e stasjonsgebou
1982 2e stasjonsgebou
2008 3e stasjonsgebou
arsjitekt 1866
Karel Hendrik van Brederode [1]
1e stasjonsgebou
1982
J. Bak
2e stasjonsgebou
2008
H. Woltjer
3e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint 1e stasjonsgebou
monumintnûmer 0321/150 1e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 3
spoarline Steatsline H
7864 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Houten (Houten)
Stasjon Houten

Stasjon Houten (Htn) is in spoarweistasjon yn Houten en waard iepene yn 1868 oan Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel) iepene. Yn dizze Utertse stêd is yn 2008 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.

1e stasjonsgebou stasjon Houten yn 1977
2e stasjonsgebou stasjon Houten om en de by jierren 90
Stasjon Houten (Houten)
Nije stasjon
Nije stasjon
Nije lokaasje âlde stasjonsgebou
Nije lokaasje âlde stasjonsgebou
âlde stasjon
âlde stasjon
Lokaasjes stasjonsgebouwen

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Gerrit van Diesen en iepene op 1 novimber 1868 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Houten. En wie ien fan de seis stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie, en it ienichste fan dit type dy't noch oanwêzich is. Yn 1935 waard it stasjon sletten, mar yn 1982 waard it stasjon op 23 maaie weriepene.

It nije stasjon kaam al op in oare lokaasje as it eardere stasjon. It âlde stasjonsgebou hat nei de sluting yn 1935 tsjinst dien as basisskoalle en wenhûs foar meardere gesinnen. Ien fan de húshâldingen wie de seinhûswachter dy 't de njonkenlizzende oerwei en de wiksels betsjinne. Yn 1984 besleat de Houtense gemeenteried om it âlde stasjonsgebou te slopen. Nei protest fan de direkte buorlju en in hantekenaksje, oerwage de gemeenteried syn beslút. Fan 1986 ôf wie it gebou yn gebrûk as bedriuwssammelgebou. It nije stasjon kaam mear noardlik te lizzen en waard ûntwurpen troch arsjitekt Hans Bak.

It stasjonsgebou út 1982 waard yn 2008 ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Henk Woltjer. Om't it tal spoaren waarden útwreide it âlde stasjonsgebou út 1866 dat noch altyd op de eardere stasjonslokaasje stie moast hjir om sels 150 meter ferpleatst wurde. It nije stasjon kaam heger te lizzen as it stasjon út 1982. It stasjonsgebou út 1866 is hjoed-de-dei yn gebrûk foar deibesteging.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
6000 Sprinter (NS) Utert-SintraalHoutenGeldermalsen De Bosk
6900 Sprinter (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-SintraalHoutenUtert Geldermalsen Tiel

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ek G. van Diesen wurd neamt as arsjitekt