Springe nei ynhâld

Stânrjochtlike eksekúsje

Ut Wikipedy
De stânrjochtlike eksekúsje fan Spanjerts troch Frânske besettingsgroepen nei de Opstân fan Twa Maaie yn Madrid, yn 1808. (Skilderij De Trêde Maaie 1808, fan Francisco Goya.)

In stânrjochtlike eksekúsje is in foarm fan eksekúsje wêrby't immen beskuldige wurdt fan in misdriuw, dêrfoar de deastraf oplein kriget sûnder in folsleine en earlike foarm fan proses (of sûnder lykfol hokker foarm fan proses), wêrnei't dy persoan daliks ombrocht wurdt. Behalven as in soarte fan eksekúsje, wat ommers in beskate foarm fan 'e rjochtsgong suggerearret, kin soks ek sjoen wurde as klearebare moard. Stânrjochtlike eksekúsjes binne yn it ferline útfierd troch de plysje, de kriichsmacht en paramilitêre organisaasjes. As ferskynsel wurdt it gauris assosjearre mei de besetting fan it iene lân troch it oare, guerriljastriid, it ûnderdrukken fan opstannen, terrorisme en alle oare sitewaasjes dy't liede ta it ynstoarten of oan kant reagjen fan 'e normale prosedueres foar it omgean mei persoanen dy't fertocht wurde fan misdriuwen.

Under de besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden in soad fersetslju en ek gizelders dy't neat mei it ferset te krijen hiene, troch de Dútske besetters stânrjochtlik eksekutearre. Yn it gefal fan fersetslju gie it dêrby gauris om in opleine deastraf foar harren fersetsdieden, mar foar de gizelders en ek in soad oare fersetslju gie it om represaille-aksjes fan 'e Dútsers nei fersetsdieden. Oan 'e oare kant die ek it ferset sels oan stânrjochtlike eksekúsjes, bgl. fan kollaborateurs, wichtige Dútske ofsieren of fan lju út 'e eigen gelederen fan it ferset dy't net (mear) betrouber achte waarden en dy't tefolle wisten.

Stânrjochtlike eksekúsjes fan kriichsfinzenen is ferbean ûnder de Trêde Sjenêfske Konvinsje. Dêrnjonken wurdt it ek beskôge as in oarlochsmisdie om in fijannich militêr dy't him oerjaan wol, of dy't siik, ferwûne of al kriichsfinzen is, sûnder korrekte foarm fan proses te deadzjen. Yn it ferline wiene seerôvers, spionnen, fersetslju of partizanen, en kommando's dy't djip efter de fijannige linys oantroffen waarden, útsûndere fan dy regel, mei't dy net as militêren sjoen waarden, mar as opstannelingen of terroristen. Sokken mochten legaal sûnder foarm fan proses finzen set of sels deade wurde. De slachtings dêr't dat yn 'e Twadde Wrâldoarloch ta late yn lannen as Poalen en de Sovjet-Uny, en yn mindere mjitte ek Frankryk en Nederlân, soarge der nei de oarloch foar dat de regeljouwing feroare waard om ek alle boppeneamde groepen de beskerming fan 'e status fan kriichsfinzenen te jaan.

Yn hast alle rjochtstelsels binne tsjintwurdich stânrjochtlike eksekúsjes yllegaal, mei't se sjoen wurde as dwers yngeand tsjin it rjocht fan eltse beskuldige op in earlik proses. Yn 'e praktyk fine stânrjochtlike eksekúsjes benammen yn oarlochssitewaasjes lykwols noch altyd plak. Guon ferneamde persoanen dy't stânrjochtlik eksekutearre binne, wiene de Nederlânske fersetsstriidster Hannie Schaft, de kommunistyske guerriljastrider Che Guevara en de terroristelieder Osama bin Laden. In foarbyld fan in stânrjochtlike eksekúsje út 'e skiednis fan Fryslân is de Dronryp-represaille fan 1945.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.