Springe nei ynhâld

Spijk (Grinslân)

Ut Wikipedy
Spijk (Grinslân)
Sicht op Spijk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 1.346 (2021) [1]
Oerflak 19,88 km²
wêrfan lân: 19,76 km²
wêrfan wetter: 0,12 km²
Befolkingstichtens 68 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 23' N 6° 50' E
Webside Side Spijk

Spijk (Grinslânsk: Spiek; Frysk: Spyk) is in doarp yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta (oant 1990 gemeente Bierum).

It doarp wurdt foar it earst yn 1246 neamd as 'Spik' of 'to Spye' en waard oant twa kear ta hast troch in wetterfloed ferneatige. By de Sint-Martensfloed fan 1686 ferlearen 104 minsken it libben en by de Krystfloed fan 1717 53 minsken. Allinne de tsjerke bleau stean. It doarp moast dêrom twaris hast folslein werboud wurde. Yn 1718 waard in nije dyk oanlein, sadat it doarp tenei gjin oerlêst mear hie fan 'e see.

Op 9 maaie 1945 rûn it Dútske frachtskip 'Joanna' mei Nederlânske twangarbeiders fan it eilân Wangerooge by Spijk op in seemyn. Fan de 46 manlju kamen 38 om it libben. Op 12 juny 1945 ûntplofte de troch de Binnenlânske Striidkrêften opsleine munysje yn in load oan de Losdorperweg. By dy ramp ferstoaren 7 minsken, 7 rekken slim ferwûne en der wie in soad skea oan gebouwen.

It doarp bleau lang beheind ta wat strjitten om de wier hinne mei foar it meast 19e- en 20e-iuwsk bebouwing. Yn de jierren 1950 en 1960 is it doarp foars útwreide nei it noardeasten ta en wat letter ek nei it suden. Sûnt de jierren 1970 fûn de útwreiding nei it easten fan de Spijkstermaar plak. By de útwreidings waard de radiale struktuere hanthavene om sa de ienheid tusken it sintrum en de nijbou te behâlden. De útwreidings binne rom opsette wiken mei in soad frijsteande en twa-ûnder-ien-kape-wentes. It âlde sintrum is beskerme doarpssicht.

Andréastsjerke

De ier 13e-iuwske tsjerke wie neffens in tsjerkesegel út 1534 wijd oan de apostel Andréas. Yn de jierren 1670 baarnde de tsjerke mei in tal hûzen ôf en de weropbou fûn plak yn 1676. Yn 1848 waard de tsjerke fergrutte en yn 1902 waard de dakruter út 1711 ferfongen troch in toer neffens it foarbyld fan de tsjerke fan Uithuizermeeden.

In twadde tsjerke yn Spijk ûntstie nei de ôfskieding fan 1834. Yn 1845 liet de ôfskieden gemeente in tsjerke bouwe oan de Havenstraat. Yn 1887 ûnstie ek in dolearjende gemeente, dy't yn 1889 op de krusing fan de Grote Dijkstraat ('Ol Diek') mei de Hoofdweg in tsjerkje bouwe liet. Yn 1905 liet de ôfskieden gemeente in nije tsjerke oan de Hoofdweg-Zuid 5 neffens in ûntwerp fan Ytzen van der Veen bouwe. Yn 1911 foege de dolearjende gemeente harren by de oare grifformearden. Yn de tsjerke waard foar it lêst yn 2016 in tsjinst holden en dêrnei waard de tsjerke ferboud ta doarpshûs fan Spijk.

Spijk hat twa boargen hân, dêr't fierder net in soad oer bekend is. Nei alle gedachten wiene de boargen fan de famyljes Alberda en Ubbena, dy't yn 'e 16e en 17e iuw alletwa besit hiene yn Spijk. Yn 1631 stiet by beide boargen op in kaart in lid fan de Ubbena's neamd. De boarch, dy't eastlik fan it doarp stie, waard nei 1723 ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats, mar it boarchterrein en de hôf eastlik dêrfan binne noch oanwêzich. Op it plak fan de boarch, tsjintwurdich ynsletten troch nijbou, stiet hjoeddedei in pleats mei de namme 'Borghstee'. De boarch súdlik fan it doarp waard foar it lêst yn 1653 neamd. Letter waard dêr in pleats boud, dy't yn 1858 ôfbrutsen waard om fierderop werboud te wurden. Fan dy âlde boarch binne de grêften, in diel fan de singels en stikken fûnemint fan de noardlike muorre yn 'e grêft bewarre bleaun. Op it plak stiet no in pleats.

It doarp hat trije skoallen hân: de âldste wie in iepenbiere skoalle. Yn 1879 waard ek in grifformearde skoalle stifte en yn 1905 noch in herfoarme skoalle. De twa kristlike skoallen fusearren al yn 1966 en yn oktober 2020 ûnstie by de iepening fan 't Maar mei de iepenbiere skoalle derby in nije gearwurkingsskoalle mei in pjutteboartersplak en in bibleteek.

De nôt- en pelmûne Ceres waard yn 1839 boud en krige syn namme yn 1943.

Om de tsjerke ('t Loug) steane hûzen, eardere winkels en kafee's út de 19e iuw. Ek is dêr de kosterij mei de yn 1889 oanboude iepenbiere skoalle en it gebou fan de bank. De herfoarme pastorije oan de omwei datearret út 1923 en ferfong in âldere pastorije.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1859 1869 1879 1889 1899 1920 1930 1947 1971 1995 1999 2005 2021
Ynwenners 707 659 708 748 803 984 1.087 1.212 1.035 1.330 1.290 1.250 1.346

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje