Springe nei ynhâld

Snút

Ut Wikipedy
De snút fan in tapir.

De snút is by in protte bisten it nei foarren ta útstykjende diel fan 'e kop, dat sawol de noas as de bek omfiemet, al nimt de noas it grutste plak yn. Sadwaande wurdt de snút faak lykslein mei de noas, of spesifiker, mei it rooksintúch.

Guon bisten hawwe in tige sterk ûntwikkele snút, dy't faak in "slurfke" neamd wurdt. Te tinken falt oan tapirs en see-oaljefanten. By de slurfdieren (oaljefanten en besibbe bisten) hat dy ûntwikkeling him noch fierder trochset ta in ferlingde snút, dy't slurf of proboscis neamd wurdt. Dêrby binne de noas en de boppelippe ferraand ta in orgaan dat like lang is as in skonk en dat oan 'e útein twa fingereftige útsteksels hat dêr't dingen mei fêstpakt wurde kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.