Springe nei ynhâld

Smoke Signals (film)

Ut Wikipedy
Smoke Signals
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris Eyre
produsint Larry Estes
Scott Rosenfelt
senario Sherman Alexie
basearre op ferhaal fan Sherman Alexie
kamerarezjy Brian Carpenter
muzyk B.C. Smith
filmstudio (ûnôfhinklike film)
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Adam Beach
Evan Adams
byrollen Irene Bedard
Gary Farmer
Tantoo Cardinal
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Kanada
premiêre 26 juny 1998
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedramafilm, roadmovie
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $2 miljoen
opbringst $6,7 miljoen
prizen ferskaat (sjoch: resultaat)

Smoke Signals is in Amerikaansk-Kanadeeske komeedzjedramafilm, coming-of-agefilm en roadmovie út 1998 ûnder rezjy fan Chris Eyre. It senario waard skreaun troch Sherman Alexie op basis fan in koart ferhaal út Alexie syn eigen ferhalebondel The Lone Ranger and Tonto Fistfight in Heaven, oer twa freonen dy't tsjinstelde bylden hawwe fan 'e heit fan 'e iene freon. Smoke Signals, wêrfan't de titel "reeksynjalen" betsjut, waard produsearre as in ûnôfhinklike film. De film is unyk om't it de earste film ea wie dy't makke waard troch in cast en crew wêrfan't alle leden fan Yndiaansk komôf wiene. Smoke Signals waard mei loovjende resinsjes ûntfongen en waard yn 2018 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register fanwegen syn kulturele, histoaryske en estetyske wearde.

Victor Joseph en Thomas Builds-the-Fire binne twa jonge Yndianen dy't yn it stedsje Plummer, yn it Keur d'Alêne Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Idaho wenje. Victor is in lulke jongeman dy't goed is yn basketbal, wylst Thomas in eksintrike ferhaleferteller is. Hja binne mei-inoar opgroeid as buorjonges dy't faak rûzje hiene en dan wer freonen wiene. As jongemannen ûnderhâlde se in ynlike, mar tagelyk ek gauris ûnnoflik freonskipsbân.

Dy ûnnoflikens komt fierhinne fuort út harren totaal ferskillende relaasjes mei Victor syn heit, Arnold Joseph. Dy hat Thomas nammentlik as poppe mei gefaar foar eigen libben rêden by in nachtlike brân dêr't Thomas syn beide âldelju by omkamen. Sadwaande beskôget Thomas him as in held, dêr't er gjin kwea wurd oer hearre wol. Victor, oan 'e oare kant, hat jierrenlang te lijen hân ûnder syn heite alkoholisme en húslik geweld, oant syn heit úteinlik him en syn mem Arlene foargoed yn 'e steek litten hat. Hoewol't er net oars kin as fan syn heit hâlde, koesteret er ek in bittere wrok tsjin him.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Arnold Joseph yn Phoenix (Arizona) komt te ferstjerren, geane Victor en Thomas tegearre mei de auto op reis dêrhinne om syn jiske op te heljen, wêrby't se de hiele westlike Feriene Steaten trochkruse moatte. As se oan 'e reis begjinne, binne se har allebeide al tige bewust fan harren Yndiaanske identiteit, mar harren perspektyf ferskilt datoangeande frijwat. Foar Victor hat it net folle praktyske wearde, mar makket it gewoan diel út fan wa't hy is. Thomas, dêrfoaroer, klammet him tige fêst oan 'e tradysjes fan syn folk, de Keur d'Alêne (Coeur d'Alene), en hy is in romantikus dy't de ferneamde film Dances with Wolves al ûntelbere kearen sjoen hat. Victor syn stoïsisme fassinearret Thomas, wylst Victor him oan Thomas syn dweperij ergeret. Underweis leare beide jongemannen harrensels en inoar better kennen.

As se yn Phoenix arrivearje, moat Victor einlings de tsjinstridige gefoelens ûnder eagen sjen, dy't er foar syn heit oer fielt. Ek Thomas moat syn byld fan Arnold bystelle as de mannen fan Suzy Song, in freondinne fan Arnold, te hearren krije wat der wier bard is, de nacht dat Arnold de lytse Thomas út it baarnende hûs fan syn âlden rêde. It docht nammentlik bliken dat Arnold, mei syn dronken kop, de brân sels by fersin feroarsake hie troch fjoerwurk ôf te stekken. De reis einiget dermei dat sawol Victor as Thomas in reälistysker byld kriget fan Arnold en tagelyk ek in better begryp foar inoar.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Victor Joseph Adam Beach
Thomas Builds-the-Fire Evan Adams


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Suzy Song Irene Bedard
Arnold Joseph Gary Farmer
Arlene Joseph Tantoo Cardinal
de jonge Victor Joseph Cody Lightning
de jonge Thomas Builds-the-Fire Simon Baker
beppe Builds-the-Fire Monique Mojica
Randy Peone John Trudell
Lester Fallsapart Leonard George
Junior Polatkin Michael Greyeyes
Boo Darwin Haine
Velma Michelle St. John
Lucy Elaine Miles

Smoke Signals is unyk om't it de earste film ea wie dy't makke waard troch in cast en crew wêrfan't alle leden fan Yndiaansk komôf wiene. De film waard regissearre troch Chris Eyre en produsearre as in ûnôfhinklike film mei in budget fan nei skatting $2 miljoen troch Larry Estes en Scott Rosenfelt. It senario waard skreaun troch Sherman Alexie, op basis fan it koarte ferhaal This Is What It Means to Say Phoenix, Arizona, út syn eigen ferhalebondel The Lone Ranger and Tonto Fistfight in Heaven, út 1993. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Brian Carpenter, en de filmmuzyk waard fersoarge troch B.C. Smith. De distribúsje waard dien troch de filmstudio Miramax Films. Smoke Signals gie op 26 juny 1998 yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Smoke Signals krige oer it algemien loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa omskreau Peter Stack de film yn 'e San Francisco Chronicle as "sûnder falske pretinsjes, grappich en fol ferhefte gefoelens, [...] goed aktearre, goed skreaun, mei sunige mar moaie bylden." Yn 'e Los Angeles Times omskreau Kevin Thomas Smoke Signals as "in waarme film oer freonskip en fermoedsoening" dy't histoarysk sawol as hjoeddeistich ûnrjocht oangeande de Yndianen yn byld brocht mei drûge humor. Marc Savlov neamde de film yn The Austin Chronicle "oangripend en grappich op in slûchslimme manear." Hy skeau ek: "De cast is sûnder útsûndering treflik yn syn respektivelike rollen, en Eyre syn oanhâldende gebrûk fan lange, neisjende shots fersterket de elegyske toan fan 'e film. [...] Smoke Signals is in hearlik, nei de holle stiigjend debút, dat jin bybliuwt lang nei't it ferhaal ferteld is."

In inkeling fûn Smoke Signals in mindere film. Sa skreau Susan Travernetti yn 'e Palo Alto Weekly dat "it regissearjen fan Chris Eyre in ûngelikense toan set, dy't it guon akteurs mooglik makket om wurk te leverjen dat grinzget oan in karikatuer, wylst oaren harren rollen rjochtút en rjochtoan spylje." Ek hie se krityk op it yn har eagen mislearre besykjen om stereotypen te trochbrekken. Oan 'e oare kant priizge se de begjin- en einsênes dy't neffens har "op prachtige wize poëtyske voice-overs kombinearje mei fisuële lyryk." Op 'e World Socialist Web Site bekritisearre Paul Bond benammen it senario fan Sherman Alexie, dat er folle swakker fûn as it oarspronklike koarte ferhaal fan deselde skriuwer dêr't it op basearre wie. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, hat Smoke Signals it hege goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 29 ûnderskate resinsjes.

Smoke Signals behelle yn 'e bioskopen in opbringst fan $6.745.362. Op in budget fan nei skatting $2 miljoen komt dat del op in winst fan mear as $4,7 miljoen.

De film waard yn 2018 bekroane mei ferskate prizen, lykas de priis foar bêste film op it Amerikaanske Yndiaanske Filmfestival, de priis foar bêste artistike bydrage op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tokio, de priis foar bêste Amerikaanske ûnôfhinklike film op it Wrâldfilmfestival fan San Diego, en de publykspriis op it Sundance Filmfestival. Ek regisseur Chris Eyre, senarioskriuwer Sherman Alexie en leden fan 'e cast wûnen yn 1998 ferskate prizen. Sa kende it Wrâldfilmfestival fan San Diego de priis yn 'e kategory bêste regisseur ta oan Eyre, dy foar bêste senario oan Alexie en dy fan bêste akteur oan Adam Beach. Op it Sundance Filmfestival wûn Eyre de filmmakkerstrofee.

Yn 1999 wûnen Eyre en Alexie tegearre de Florida Film Critics Circle Award foar bêste nijynkommeling. Datselde jiers wûn Evan Adams de Independent Spirit Award foar bêste akteursdebút, wylst Gary Farmer en Sherman Alexie foar dyselde priis nominearre waarden yn 'e kategoryen bêste manlike byrol, resp. bêste earste senario. Fierders waard Cody Lightning, ek yn 1999, foar syn rol yn Smoke Signals nominearre foar de Young Artist Award yn 'e kategory bêste byrol fan in jonge akteur yn in langspylfilm. Yn 2018 waard Smoke Signals opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register fanwegen syn kulturele, histoaryske en estetyske wearde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.