Smjunt
smjunt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mareca penelope | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De smjunt (Mareca penelope) is in fûgel út it skaai fan de Smjunten. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane einen. De Eastein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme Anas penelope. It skaai Mareca is lykwols op 'e nij ynfierd.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De smjunt wurdt sa'n 41 oant 51 sm grut, en hat in wjukspanwiidte fan 75 oant 86 sm. It gewicht fan de fûgel leit tusken de 500 en 900 gram. De Jerke hat meast grize fearren, dy't foaral oan de ûnderkant en op it boarst wat ljochter fan kleur binne. De jerke hat in opfallende brune kop mei giele krún en foarholle. De blauwe snaffel hat in swarte punt. It wyfke hat in ûnopfallende brune kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedgebieten fan de smjunten lizze yn Noard-Jeropa, Noard-Aazje en in part fan it noarden fan Noard-Amearika. De Fûgels libje op marren, somtiden ek by stadich streamende rivieren. By it ynfallen fan de winter trekke de fûgels nei it suden. Yn Jeropa oerwinterje se yn Midden en Súd-Jeropa. Ek yn Fryslân binne se dan yn grutte kloften te sjen. Meast by it wetter mar ek faak op de greide of it boulân om dêr te fretten.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]smjunten binne eins echte fegetariërs. Sy ite sawol wetterplanten mar ek gêrs en oare planten op de wâl. De fûgels binne in 15 oeren deis dwaande mei iten en moatte sa'n 300 oant 400 gram deis hawwe.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De smjunten wurde mei twa jier geslachtsryp. Koart nei de winter foarmje de smjunten pearkes, de briedtiid leit yn de moannen maaie oant july. De smjunt makket in nêst op de grûn flak oan de wetterkant, it nêst wurdt beklaaid mei dûns. It wyfke leit sa'n 5 oant 9 aaien, dy in 5 sm grut binne. De aaien wurde 24 dagen bebret. De jongen ferlitte it nêst fuortendalik wêrnei se noch sa'n 45 dagen by harren mem bliuwe foardat se harren sels rêde kinne.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Chuck Hagner: Guide to ducks and geese. Stackpole, Mechanicsburg 2006. ISBN 0-8117-3344-0
- P. W. Mayhew: The feeding ecology and behaviour of wigeon (Anas penelope). Glasgow 1985.
- Hendrik Brunckhorst: Ökologie und Energetik der Pfeifente (Anas penelope L. 1758) im schleswig-holsteinischen Wattenmeer. Kovac, Hamburg 1996. ISBN 3-86064-454-8
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Smjunt (skaai)
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda