Slach by Aktium
De slach by Aktium wie in seeslach by Aktium, foar de kust fan Grikelân, op 2 septimber 31 f.Kr., dêr't de fleat fan Markus Antonius en Kleopatra sawat alhiel yn ferslein waard troch de fleat fan Oktavianus. De oerbleaune skippen kearen werom nei Egypte.
Oanrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oktavianus en mei him in protte Romeinen wienen hiel bot tsjin it feit dat Kleopatra troch Markus Antonius as in selsstannige keninginne behannele waard en fan him Romeinske provinsjes as geskink krige hie. De situaasje waard noch minder doe't Markus Antonius en Kleopatra it beslút nammen om Caesarion offisjeel as soan fan Caesar te erkennen. Dat beslút betsjutte dat Oktavianus gjin rjocht mear hawwe soe om Caesar op te folgjen. Doe Antonius ek noch syn frou Oktavia, de suster fan Oktavianus ferstote, ferkleare Oktavianus him en Kleopatra de oarloch. Yn de Romeinske senaat wie ek it grutste part tsjin de hannelwize fan Markus Antonius en giene efter Oktavianus stean.
De kriich kaam dan ek net echt as in ferrassing. Oktavianus dy't earder al kriich yn Illyricum fiere hie, wie baas oer de Balkan en behearske de rûte oer lân sadat er net oer see hoegde. Troch him waard net minder as fjouwerentweintich legioenen yn stelling brocht by de Baai fan Ambrasia, en wachte de komst fan Markus Antonius ôf. Dy arrivearre yndied en sloech syn kamp op by Aktium.
Omdat hy de bettere generaal wie, wachte Octavianus rustich ôf wat komme soe en lit ien fan syn bêste generaals, Marcus Vipsanius Agrippa, de stêd Metone oanfalle, dy't loyaal oan Antonius wie, en fan fitaal belang foar de oanfier fan fiedsel foar syn leger. It slagge Agrippa om de stêd te oermasterjen. Dat hie ta gefolch dat Antonius twongen wie Aktium te ferlitten. En dat koe allinnich as hy in seeslach oangie - it type oarloch dêr't Antonius gjin ûnderfining mei hie.
De slach by Aktium
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De floaten moeten elkoar bûten de Golf fan Ambracia, flakby it tsjintwurdige Preveza. De 220 skippen fan Markus Antonius wiene quinqueremen: útboude triremen, fan de foarside foarsjen mei in raam. Antonius hie lykwols in tekoart oan bemanning as gefolch fan de malariapleach dy't yn syn kamp woede hie. Dêrtroch ferleare in protte fan syn skippen oan effektiviteit.
De fleat fan Oktavianus bestie gruttendiels út liburnae. Dy wiene lykwols lytser as dy fan Antonius, mar waarden troch uterst goed trainde manlju bemanne en omdat syn skippen lichter en better draaie koene, beskikte Oktavianus oer in beslissend foardiel. Boppedat koe Oktavianus it oanfalsplan fan Antonius, dat er fia ien fan syn generaals, dy't finzen naam waard, te witte komd wie. Hy soarge dat it plan net slagge koe. De fleat fan Antonius waard earst bestoke mei fjoer en ferfolgens nei de kust werom dreaun, dêr't de skippen sûnder genede de grûn yn boaren waarden.
Yn de slach knepen Antonius en Kleopatra der tusken út en berikten de iepen see. Sy slaggen deryn werom te kommen nei Egypte, mar hienen harren manlju derby yn de steek litten. Histoarisy hawwe letter opskreaun dat Antonius en Kleopatra nea fan plan west hawwen om serieus mei te fjochtsjen yn de slach en fuort op 'e flecht sloegen doe't de slach útein sette. De seeslach einige dêrom yn in taktyske oerwinning foar Markus Antonius: hy wie ûntkaam oan de fal dy't Oktavianus foar him opsetten hie. Strategysk sjoen wie it in nederlaach: hy ferlear syn leger, syn reputaasje fan dapper man en eltse kâns de kriich te winnen.
Yn de winter rûn ferskate bûnsmaten fan Antonius oer nei Oktavianus (û.o. kening Herodes de Grutte fan Judea). As yn 30 f.Kr. it leger fan Oktavianus Egypte berikt, makket Antonius in ein oan syn libben, blikt Caesarion fermoarde te wezen, en hat Kleopatra ek sels in ein der oan makke (neffens de oerlevering mei help fan in njirre).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Keppeling om utens: |