Sjeas
In sjeas (ek wol: seas) is in troch hynders lutsen karre. It wurd is in ferbastering fan it Frânske chaise (stoel). De Fryske sjeas waard eartiids yn Fryslân op snein brûkt om de heareboeren nei de tsjerke te bringen.
De sjeas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sjeas kin sawol lutsen wurde troch in inkel- of twaspan Fryske hynders.
Foaral it bakje fan de sjeas is ryklik fersierd mei houtfykwurk en fersierings yn de rococo styl. It bakje fan bûgde panielen hinget yn learen riemen sadat it ridlik komfortabel riid.
De twa hege tsjillen steane nei bûten ta en binne oant sa'n 1.50 m heech, en hawwe 14 speaken.
Ek opfallend is dat by de Fryske sjeas de bestjoerder oan de linker kant sit. Oan dizze kant sit ek de ynstap. De froulju moatte dus foar de man del it bakje ynklimme.
Foar it behâld fan de sjeazen is in stamboek ynsteld: it Frysk Sjeaze Stamboek. Fan de sjeazen wurde ferskate mjitten naam en elke sjeas kriget in stamboeknûmer. Der steane sa'n hûndert sjeazen registrearre.
Wedstriden mei de sjeas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich wurdt de sjeas brûkt by wedstriden mei Fryske hynders. Foaral by túchwedstriden wurde fierwei de measte rubriken mei Fryske hynders foar in sjeas ferriden. Ek wurde sjeasen wol gauris brûkt foar it ringriden. Der binne ek elts jier in tal ringriderijen dy't organisearre wurde yn gearwurking mei de feriening It Fryske Túchhynder, wêrby allinne kombinaasje meidogge mei orizjinele Fryske seazen. Lykas by it tugen moatte hjirby de hear en dame op de seas klaaid wêze yn it Frysk kostúm fan rûn 1860. De dame draacht ûnder oaren in breed gouden earizer mei deroerhinne in kanten floddermûtse. De hear hat in swart pak oan, mei in hege hoed en blauwe hoazzen.
Ek is der noch de Fryske Quadrille, dy't geregeld op hynste eveneminten demonstraasjes jout mei 8 sjeazen.