Sietse de Vries
Sietse de Vries (De Tynje, 13 augustus 1955) is in Frysk skriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Sietse opgroeide op De Tynje koene de bewenners rûchwei opdield wurde yn grifformearden en kommunisten. De húshâlding De Vries wie in 'read nêst'. Nei de middelbere skoalle gie er nei de Sosjale Akademy. Russyske skriuwers as Dostojevski en Tsjechov makken doe yndruk op him. It tydskrift Frysk en Frij wie it blêd dêr't er nei syn diploma foar skriuwen gie. Nei fjouwer jier waard er sjoernalist foar de Ljouwerter Krante.
Yn 1998 debutearre er mei syn speurdersroman De boargemaster (1998). De omskriuwing fan de sletten doarpsmienskip en in skeel fan rjocht fan reed stiet dêryn sintraal. Binnen in jier folge in nije plysjeroman: De dea fan Nico Dekema. Dêryn toant er hoe't er tsjin de wrâld en har takomst oansjocht. Dat wurdt noch fersterke yn de haadpersoanen fan syn tredde boek Kûgels foar Kant (2002). De Vries skriuwt meast Frysk, mar yn 2000 ferskynde in Nederlânske detektive De spelbepaler. Mei Homme en It geheim fan pake sloech er in nij paad yn, dat fan berneboekeskriuwer. Yn 2009 ferskynde de fyfde speurdersroman fan De Vries, it krige de titel Potstro Fongers mei en ferskynde by de Friese Pers Boekerij.
Nei de Moanne fan it Fryske Boek yn 2011 waard bekend makke dat Sietse de Vries it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske Boek 2012 skriuwe soe. It hat de titel Bak en is in detektive.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De boargemaster (1998)
- De dea fan Nico Dekema (1999)
- De spelbepaler (Hollânsktalich, 2000)
- Kûgels foar Kant (2002)
- Potstro Fongers (2009)
- Bak (boekegeskink foar de Moanne fan it Fryske Boek, 2012)
Berneboek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Homme en it geheim fan pake (2003)
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De tredde helte (2009)