Sersjant-majoar
In sersjant-majoar is in ûnderofsier yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by it grutste part fan 'e lânmacht en fierders by de marine, de loftmacht en de mariniers. It ekwivalint by de maresjesee en de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery is de opperwachtmaster. De oansprektitel is by de lânmacht "sersjant-majoar"; by de loftmacht "sersjant-majoar" of "majoar"; en by de marine en de mariniers "majoar" (om't dêr de haadofsiersrang fan majoar net foarkomt). By de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine wurdt om histoaryske redens de oansprektitel "skipper" brûkt.
De boppelizzende rang is by sersjant-majoar yn alle gefallen adjudant, en de ûnderlizzende rang is sersjant by de marine en de mariniers en sersjant 1e klasse by de lânmacht en de loftmacht. Dêrmei is sersjant-majoar ien fan 'e heechste ûnderofsiersrangen. 'Sersjant-majoar' betsjut letterlik "grut-sersjant", en oarspronklik wie in ien fan 'e heechste militêre rangen, dêr't sawol de hjoeddeistige generaal-majoar (oarspronklik sersjant-majoar-generaal) as majoar út fuortkomme. Pas ein achttjinde iuw ûntjoech sersjant-majoar him ta in ûnderofsiersrang.
Skematysk oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oersjoch fan 'e sersjant-majoarsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
sersjant-majoar of opperwachtmaster1 |
sersjant-majoar | sersjant-majoar |
1) by de artillery en de kavalery
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OR-7 | |||||||
sersjant-majoar sersjant-majoar (by de artillery en kavalery: opperwachtmaster, opper) |
sersjant-majoar majoar (Operasjonele Tsjint/Nautyske Tsjinst: skipper; by it Korps Mariniers: sersjant-majoar-marinier, majoar) |
sersjant-majoar sersjant-majoar of majoar |
opperwachtmaster opper |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |