Saskia Sassen
Saskia Sassen (De Haach, 5 jannewaris 1949) is in Nederlânsk-Amerikaanske sosjologe en ekonome, bekend fan har ûndersyk nei globalisearring en ynternasjonale migraasje. Op 't heden (2007) is se heechlearaar sosjology oan de Universiteit fan Chicago en oan de London School of Economics. Sassen betocht de term wrâldstêd. Sy is troud mei de sosjolooch Richard Sennett.
Jeugd en stúdzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sassen waard berne yn Nederlân mar waard grutbrocht yn de Argentynske haadstêd Buenos Aires, dêr't har heit, de SS'er Willem Sassen, hinne flechte wie om oan feroardieling en finzenis te ûntkommen. Fierders wenne sy in grut part fan har jeugd yn Itaalje.
Fan 1966 ôf studearre se elts jier yn in oare stêd filosofy en politikology, nammentlik oan de Universiteit fan Poitiers yn Frankryk, de Università degli Studi di Roma en de Universidad Nacional de Buenos Aires. Sûnt 1969 studearre hja sosjology en ekonomy oan de University of Notre Dame, Indiana, dêr't sy yn 1971 en 1974, har Master- en Doctor of Philosophy-diploma helle. Fierders helle hja ek noch har master-diploma yn filosofy yn Poitiers (1974).
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har post-doctoral fellowship oan it Center for International Affairs fan de Harvard-universiteit, hat Sassen sawol yn as bûten de F.S. ferskillende akademyske posysjes hân. Op dit stuit is se Ralph Lewis Professor of Sociology oan de Universiteit fan Chicago en Centennial Visiting Professor of Political Economy by it 'departemint foar sosjology' oan de London School of Economics.
Fan 1980 oant 1990 waard se rekkene ta de meast wichtige skriuwers oer urban development yn de sosjology. Sy ûndersocht de prosessen fan globalisearring en ymmigraasje fan wurk en kapitaal en de ynfloed dy't moderne kommunikaasjemiddelen dêr op hawwe. Sassen konkludearre ûnder oaren dat de naasje-steat syn ynvloed op dizze ûntjouwings ferliest.
Sûnt hat sy har spesjalisearre yn transnasjonale ymmigraasjestreamen dêr't sy it ferskynsel fan de global city yn beskriuwt. Har boek Global City, út 1991, hie fan gefolgen dat sy rillegau ien fan de meast oanhelle skriuwers oer globalisearring waard. Yn 2001 waard it boek fannijs besjoen en werútjûn. Yn 2002 wie hja ien fan de saakkundigen, mei Arnoud Boot en Khyentse Norbu yn de dokumintêre Zandkastelen fan Alexander Oey.
Sassen har boeken binne oerset yn tolve talen en sy is lid fan de Klup fan Rome.
Op 15 maaie 2013 is har de Spaanske wittenskipspriis Prins fan Asturiëpriis, yn de kategory sosjale wittenskippen, takend.