Sarah Chronis
Sarah Chronis | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sarah Chronis | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 augustus 1986 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Gryksk Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2001 – no | |
offisjele webside | ||
Sarah Chronis yn 'e IMDb |
Sarah Chronis (Amsterdam, 27 augustus 1986) is in Nederlânsk aktrise. Hja is benammen bekend fan har rol as Eva Persijn yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chronis waard yn 1986 yn Amsterdam berne as de dochter fan aktrise Adriënne Kleiweg en de Grykske[1] ûntwerper en keunstner Jorgos Chronis. Hja is de suster fan aktrise Iwana Chronis en fan DJ Mason (Iason Chronis). Chronis folge op 'e middelbere skoalle in HAVO-oplieding. Nei't se slagge wie foar har eineksamens, wurke se in fearnsjier as frijwillichster yn in weeshûs yn Brazylje. Werom yn Nederlân liet Chronis har ynskriuwe oan it konservatoarium om sang te studearjen, mar nei in jier besleat se dat dy oplieding tefolle talein wie op jazz, en hold se dermei op. Neitiid folge se aktearoplieding oan 'e Toanielakademy Maastricht.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As teenager siet Chronis op it Kinderen voor Kinderen-koar. Letter hie se û.m. in gastrol yn 'e komeedzjesearje Oppassen!!! en spile se de rol fan Loretta Danze yn tolve ôfleverings fan 'e rige Rozengeur & Wodka Lime. Yn 2005, fuort nei't se út Brazylje weromkommen wie, krige se de fêste rol fan Emma Romein yn 'e soapsearje Het Glazen Huis, dy't lykwols fanwegen ôffallende sjochsifers nei in pear moanne al fan 'e tillefyzje helle waard. Fan 2006 oant 2009 fertolke se fierders de rol fan Eva Persijn yn in oare soapsearje, Onderweg naar Morgen.
Chronis spile ek yn tillefyzjesearjes as Shouf Shouf!, Flow en Kinderen Geen Bezwaar. Fierders stie se op 'e planken as de boasaardige Sharpay Evans yn 'e reizgjende musical High School Musical, en hie se in rol yn it toanielstik De Vagina Monologen fan 'e Amerikaanske skriuwster Eve Ensler. Har debút as filmaktrise makke Chronis yn 2012 yn 'e komeedzjefilm Alleen Maar Nette Mensen. Yn 2014 spile se in ûntfieringsslachtoffer dat fereale rekket op ien fan har ûntfierders yn 'e rouwe dramafilm Bloedlink. Ek wie se yn 2015 te sjen as Hannah Hamel yn 'e searje Meiden van de Herengracht.
Yn 2019 die Chronis mei oan it njoggentjinde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Wie is de Mol?, wêryn't se presintatrise Merel Westrik ûntmaskere as de mol, en sa it spul wûn. Fan maaie 2019 ôf spile Chronis in pearke yn 'e dramasearje Nieuwe Burenmei akteur Kay Greidanus, mei wa't se ek yn it echte libben in relaasje hat.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1997 | Oppassen!!! | Karen | gastrol; ôfl. Oppasopa's |
1997 | Kinderen voor Kinderen | harsels | sjongster yn it Kinderen voor Kinderen-koar |
2002 | Oppassen!!! | Katja | gastrol; ôfl. Stilte A.u.b. |
2004 | Rozengeur & Wodka Lime | Loretta Danze | weromkearende rol; 12 ôfl. |
2005 | Het Glazen Huis | Emma Romein | fêste rol yn in soapsearje |
2006 | Onderweg naar Morgen | Dionne van Dam | gastrol; 1 ôfl. |
2006–2009 | Onderweg naar Morgen | Eva Persijn | fêste rol yn in soapsearje |
2007 | Shouf Shouf! | Chantal | gastrol; ôfl. Autorijschool Mussi |
2007 | Jensen! | harsels | gast yn in praatprogramma |
2008 | Flow | Lana | fêste rol |
2008 | Taxi 656 | sjongend famke | tillefyzjefilm |
2009 | Ik Kom bij Je Eten | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma |
2011 | Kinderen Geen Bezwaar | Lidewij | gastrol; ôfl. Vrouwelijk Richtingsgevoel |
2011 | Truman | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma |
2011 | Seinpost Den Haag | Natascha | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2014 | Flikken Maastricht | Evelyn Keus | gastrol; ôfl. Ciao |
2015 | Meiden van de Herengracht | Hannah Hamel | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2015 | Divorce | Fleur | gastrol; ôfl. Het Einde van het Begin |
2015 | Bureau Raampoort | Nadine van Haaften | minysearje |
2017 | Flikken Rotterdam | Sylvia van Dijk | gastrol; ôfl. All-in |
2017 | Centraal Medisch Centrum | Lana Vos | gastrol; 2 ôfl. |
2018 | Suspects | Aleid van Rossum | gastrol; ôfl. Missie Mali |
2019 | Wie is de Mol? | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma |
2019 | Goede Tijden, Slechte Tijden | Romy Dublois | gastrol |
2019 | Nieuwe Buren | Sophie van Velzen | fêste rol |
2019 | DNA | Josje de Wit | gastrol; ôfl. #1.10 |
2020 | Het Sinterklaasjournaal | juf Marjolijn | gastrol; 1 ôfl. |
films | |||
2012 | Alleen Maar Nette Mensen | famke yn restaurant | |
2014 | Bloedlink | Laura Temming | |
2015 | Dames 4 | Rosa | |
2017 | Alles voor Elkaar | Nicole | |
2018 | Zwaar Verliefd! | Marleen | |
2018 | Bon Bini Holland 2 | mem fan gesin / klant by FC Kip | |
2020 | Zwaar Verliefd! 2 | Marleen |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side. |