Súdlike Nederlannen
Appearance
De Súdlike Nederlannen wie it gebiet dat ûnder Habsburchsk bestjoer bleau doe't de Noardlike Nederlannen har yn 1581 losmakken fan it bewâld fan Filips II. De Súdlike Nederlannen binne ek wol bekend as de Katolike Nederlannen. De Súdlike Nederlannen wienen ûnderdiel fan Spanje (1556–1714), Eastenryk (1714–94) en waarden anneksearre troch Frankryk (1794–1815). It gebiet komt foar in grut part oerien mei it hjoeddeistige Belgje, dat yn 1830 ûnôfhinklik waard fan Nederlân.