Springe nei ynhâld

Rutger Hauer

Ut Wikipedy
Rutger Hauer
akteur
Rutger Hauer, 2010
Rutger Hauer, 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rutger Oelsen Hauer
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 23 jannewaris 1944
berteplak Breukelen
stoarn 19 july 2019 (75 jier)
stjerplak Beetstersweach
jierren aktyf 1969–2019
prizen Golden Globe, Gouden Keal, Rembrandt Award.
offisjele webside
Offisjeel webstee

Rutger Oelsen Hauer (Breukelen, 23 jannewaris 1944 - Beetstersweach, 19 july 2019) wie in Nederlânsk akteur dy't sûnt de jierren tachtich benammen yn de Feriene Steaten wurket. Foar syn rol yn Blade Runner waard hy nominearre foar in Academy Award. Ta de haadprizen dy't er wûn hearre in Golden Globe, twa Gouden Keallen en in Rembrandt Award.

De wenpleats fan Rutger Hauer, Poastwei 2, Beetstersweach

Hauer is in soan fan de akteurs Arend Hauer en Teunke Mellema (1906-1979). Doe't Hauer de Amsterdamske Toanielskoalle dien hie yn 1967 spile er in skoft by de Noarder Kompanjy út Drachten yn ferskate stikken, dêr wiene Shakespeare's Richard III, John Steinbeck's Of Mice and Men, Joost van den Vondel's Joseph in Dothan en Max Frisch syn Biedermann und die Brandstifter by.

Yn 1969 waard Hauer yn it hiele lân bekend mei de haadrol yn de telefyzjesearje Floaris, in avontoererige dy't him yn de Midsiuwen ôfspile. Yn dy tolfdielige searje fan regisseur Paul Verhoeven spile Hauer ridder Floaris fan Rosemondt.

Yn 1973 krige er as filmakteur ynternasjonale bekendheid troch syn haadrol yn Turks Fruit, (nei it boek fan Jan Wolkers). It levere him syn earste byrol op yn in Ingelsktalige film, The Wilby Conspiracy út 1975, mei Sidney Poitier en Michael Caine. Yn de jierren tachtich wie er ek te sjen yn Ingelân yn in rige reklamespots foar Guinness.

Nei 1990 begûn Hauer hieltyd mear yn B-films en tf-searjes te spyljen. Hy wie foaral te sjen yn aksje-, horror- en sciencefictionfilms mei in relatyf leech budget, trochstrings yn de rol fan in minnen-ien.

Yn it nije millennium begon Hauer oan in comeback nei de A-film.

Hauer boaske yn 1985 syn twadde frou Ineke ten Cate, dochter fan sjoernalist Laurens ten Cate (sy wiene al by elkoar sûnt 1968). Hauer hat ien dochter, aktrise Aysha Hauer, berne yn 1966 en hy is pake wurden yn 1988.

Hauer stoar nei in koart siikbêd yn de âlderdom fan 75 jier thús yn Beetstersweach. Der stie fan him in rou-advertinsje yn 'e Ljouwerter Krante. De útfeart mei kremaasje wie yn besletten rûnte op 24 july 2019.

Rutger Hauer as Floris
Rutger Hauer en Monique van de Ven (1972)
Hantekening fan Rutger Hauer
  • Yn 2004 einige er op nr. 92 by de ferkiezing fan de Grutste Nederlânner.
  • Mei de The Rutger Hauer Starfish Association krewearret Hauer him foar it lot fan mei Hiv besmette bern en swiere froulju.[1] Teffens stipet Hauer Sea Shepherd en sit er yn de "Board of Advisors" fan dy organisaasje.
  • Hauer wennet offisjeel yn Hollywood (FS), mar hat ek altyd in went yn Fryslân oanholden, nammentlik in eardere pleats yn Beetstersweach.
  • Yn april 2007 ferskynde syn autobiografy All Those Moments: Stories of Heroes, Villains, Replicants, and Blade Runners (co-skriuwer Patrick Quinlan) dêr't er in protte syn filmrollen yn besprekt.[2] Alles wat boek opsmyt giet nei Hauer's Starfish Foundation.
  • Septimber 2009 krige Hauer 'de Gratama', de nei Rients Gratama neamde kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân. De priis wurdt útrikt oan minsken dy't harren 'bûtengewoan fertsjinstlik makke hawwe op kultureel-maatskiplik mêd yn Fryslân'.[3]

Rutger Hauer Award

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmfestival Shortcutz Amsterdam rikt fan 2020 ôf de Rutger Hauer Award út oan in persoan of ynstelling dy't troch jonge filmmakkers as ynspiraasjeboarne sjoen wurdt. De earste Rutger Hauer Award is takend oan regisseur Paul Verhoeven.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rutger Hauer Starfish Association. Accessed 2008-05-30.
  2. Rutger Hauer and Patrick Quinlan. All those moments: stories of heroes, villains, replicants, and Blade Runners, New York, NY: HarperEntertainment, 2007. ISBN 0061133892.
  3. Wykblêd Áctief', 23 septimber 2009. Foarside.
  • Wikipedia nl, Rutger Hauer.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rutger Hauer fan Wikimedia Commons.