Springe nei ynhâld

Rod Jellema

Ut Wikipedy
Rod Jellema

Prof. dr. Roderick (Rod) Jellema (1927 - Washington, D.C., 11 maaie 2018[1]) wie in Amerikaansk dichter, universitêr dosint en oersetter.

Jellema waard grutbrocht yn Holland, Michigan en yn Ann Arbor, Michigan. Hy helle in B.A. oan Calvin College en in PhD oan de Universiteit fan Edinboarch (Skotlân).

Jellema waard 1955 dosint oan de Universiteit fan Maryland, College Park, dêr't er kursus kreatyf-skriuwen stifte en ek late. Yn 1992 gie er mei emeritaat.

Jellema is de skriuwer fan fiif boeken oer poëzy en trije oer oersettingen. Syn wurk waard ûnderskieden mei de Hart Crane Memorial Poetry Contest, de Piter Jellespriis en in Columbia University Translation Prize foar it oersetten fan Fryske poezy. Fierders krige hy fellowships fan de National Endowment for the Arts en Yaddo. Syn wurk ferskynde yn blêden as Atlanta Review, Beltway Poetry Quarterly, Field, Many Mountains Moving, Plum Review en Poet Lore.

Hy brocht syn tiid bar om bar troch yn Washington DC, San Juan, Puerto Riko, en it dúngebiet oan Lake Michigan ûnder Montague, Michigan.

Jellema wurke oan in boek oer de iere skiednis fan de New Orleanske jazz mei de titel Really Hot: A New Hearing for Old New Orleans Jazz (tegearre mei Gordon Darrah silger).[2]

Poëzy

  • Incarnality: The Collected Poems of Rod Jellema (Eerdmans 2010)
  • A Slender Grace: Poems (Eerdmans, 2004)
  • The Eighth Day: New & Selected Poems (Dryad Press, 1984)
  • Something Tugging the Line (Dryad Press, 1974)
  • The Lost Faces (Dryad Press), 1979

Oersettings

  • The Sound That Remains: A Historical Collection of Frisian Poetry (Eerdmans, 1990)
  • Country Fair: Poems from Friesland Since 1945 (Eerdmans, 1985)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In Memoriam: Emeritus Professor of English Rod Jellama
  2. projekten op de hiemside fan de auteur