Pita Grilk
Pita Grilk | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pita Louise Grilk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 july 1905 | |
berteplak | Skiermûntseach (Skiermûntseach) | |
stoarn | 16 maaie 1980 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Skiermûntseagersk | |
sjenre | poëzij | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
De Lytje Pole | |
jierren aktyf | 1961 – 1980 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Pita Grilk (folút: Pita Louise Grilk; Skiermûntseach, 21 july 1905 – Ljouwert, 16 maaie 1980) wie in Frysk dichteresse, dy't poëzij skreau yn har memmetaal, it Skiermûntseagerske dialekt.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grilk wie in dochter fan in Skiermûntseachske seekaptein by de keapfardij, Louw Grilk, en dy syn frou Pietje Schaafsma. Tegearre mei har suster Janet studearre hja oan in konservatoarium. Nei harren oplieding fêstigen de susters harren yn 1929 yn Ljouwert, dêr't Pita piano- en oargelles joech en har suster sjong- en spraakles. Grilk wie ek oargeniste fan de minnistegemeente fan Grou.
As dichteresse publisearre hja fersen yn har memmetaal, it Skiermûntseagersk. Ien fan har gedichten waard yn 2010 op in stien yn 'e Taalrûte fan Skiermûntseach ferivige. Yn dat gedicht tekenet hja de sfear fan it strân fan it eilân, dêr't in minske, konfrontearre mei de ûnbidigens fan 'e eleminten, net oars kin as him neatich fiele.[1] Ek hat Grilk meiwurke oan 'e samling folksferhalen fan dr. Ype Poortinga en oan 'e earste wurdlist fan it Skiermûntseagersk, de Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs, út 1968, fan Douwe Fokkema sr.
Grilk stoar op 16 maaie 1980 yn 'e âldens fan 74 jier. Hja waard op 21 maaie fan dat jier begroeven op Skiermûntseach. De beide susters wiene net ûnbemiddele; de feiling fan harren ynboel brocht yn 1983 ƒ 240.000 op.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1961 – It Swiere Akkeurd; Lastebleu; Wyldebleu (by de Fryske Akademy, Ljouwert)
- 1961 – Swyljen; It Jonge Hets; Eeunderwoois (by de Fryske Akademy)
- 1961 – Krimpe; In Minsk Allene; Aud Welkomtús (by de Fryske Akademy)
- 1961 – De Pole en de Minsken (by de Fryske Akademy)
- 1963 – De Lytje Pole (by Utjouwerij Miedema, Ljouwert)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes:
boarnen:
|