Olst-Wijhe
Olst-Wijhe | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
Provinsje | Oerisel |
boargemaster | Sietske Poepjes |
sifers en geografy | |
haadplak | Wijhe |
grutste plak | Wijhe |
ynwennertal | 18.838 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 166 ynw./km² |
oerflak | 118,37 km² |
● wêrfan lân | 113,84 km² |
● wêrfan wetter | 4,53 km² |
tal doarpen | 7 |
ferkearsieren | Steatsline A, N337, N348, N756 |
skiednis | |
oprjochte | 2001 |
1 jannewaris 2001 - 26 maart 2002 |
Gemeente Olst |
oar | |
postkoade | 8120-8139, 8195-8199 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | Webstee fan de gemeente |
Olst-Wijhe (Nedersaksysk: Olst-Wieje) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 18.838 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 118,50 km² (wêrfan 2,52 km² wetter). De gemeente ûntstie yn 2001 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Wijhe en Olst.
plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Olst-Wijhe bestiet út 7 doarpen en njoggen buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Wijhe, dat ek it grutste doarp is.
Doarp | Buorskip |
---|---|
Boerhaar | Duur |
Boskamp | Eikelhof |
Den Nul | Elshof |
Olst | Fortmond |
Welsum | Hengforden |
Wesepe | Herxen |
Wijhe | Marle |
Middel | |
Welsumerveld |
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De provinsjale diken N337 (Dimter - Olst - Wijhe - Swol) en de N348 (Dimter - Wesepe - Raalte - Ommen) trochkruse de gemeente, lykas de steatsline A . Sawol Olst as Wijhe hawwe in spoarweistasjon dêr't in intercity twa kear yn 'e oere ophâldt. De gemeente hat twa fearponten oer de Isel: Wijhe-Vorchten en Olst-Welsum.
Kultuer en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Olst-Wijhe leit it natuergebiet Duursche Waarden dat diel útmakket fan de Uterwaarden fan de Isel. Om de ruïnes fan it eardere stienfabryk Fortmond hinne binne fan de jierren 1990 ôf troch Steatsboskbehear natuergebieten ûntwikkele. De doarpen Olst en Wijhe en it buorskip Marle hawwe mealfeardige nôtmûnen.
-
Duursche waarden by Olst (2007)
-
Herfoarme tsjerke fan Welsum (2019)
-
Nôtmolen Houdt Braef Stant yn Welsum (2018)
-
Iselliny (2018)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Oerisel | |
---|---|
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden | |
· · |
Olst-Wijhe | ||
---|---|---|
Doarpen: Boerhaar • Boskamp • Den Nul • Olst • Welsum • Wesepe • Wijhe | ||
Buorskippen: Duur • Eikelhof • Elshof • Fortmond • Hengforden • Herxen • Marle • Middel • Welsumerveld | ||
Wetter: Isel | ||
· · |