Springe nei ynhâld

Norbertus fan Gennep

Ut Wikipedy
Norbertus fan Gennep
   hillige
Norbertus mei de montrâns yn syn hân en in beroufolle Tanchelm oan syn fuotten
Norbertus mei de montrâns yn syn hân en in beroufolle Tanchelm oan syn fuotten
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1080
berteplak Gennep of Xanten
stjerdatum 6 juny 1134
stjerplak Maagdenburg
etnisiteit Nederlanner
hillichferklearring
sillich ferkl. 28 july 1582
hillich ferkl. 1621
fereare troch Roomsk-katolike Tsjerke
hjeldei 6 juny
hillichdom Abdij Strahov (Praach)
attributen Monstrâns, tsjelk mei spin, Tanchelm of duvel
patroan fan Bohemen, Tsjechje, Praach, Antwerpen en Maagdenburch

Sint-Norbertus (Gennep - Maagdenburch, 6 juny 1134); ek: Norbertus fan Xanten of Norbertus fan Gennep) wie in katolike biskop en is de stifter fan de premonstratinzerske kleasteroarder.

Norbertus foar syn bekearing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Norbertus wie de soan fan de hear fan Gennep, dy't besibbe wie oan de keizer fan it Hillich Roomske Ryk, en waard doe't er 12 waard troch syn âlden nei de kapittelskoalle fan it Viktorstift yn Xanten stjoerd. Dêr kaam Norbertus yn tsjinst fan de aartsbiskop fan Keulen. Hy krige de posysje fan subdiaken en dy posysje yn de geastlike stân fersekere him fan ynkommen, sûnder dat er it sekuliere libben hoechde op te jaan. Al gau krige er de funksje fan hofkapelaan oan it hôf fan keizer Hindrik V. Norbertus libbe in nochal wrâldsk en lossinnich libben. Wie der earne in grut feest, dan wie Norbertus ek fan de partij. Hy mocht him graach ûnder de hegerein ôfjaan en hie dan hjir, dan dêr in frommis foar de wille.

Dat gyng sa oant him ûnderweis nei Vreden yn Westfalen in fûle stoarm oer it mad kaam. Doe't op dy reis tichteby in bolbliksem delsloech en Norbertus fan it fan skrik stegerjende hynder foel, kaam foar him de ommekear. Nei't er dêr in skoftke sa lein hie frege er, lykas ea ek Paulus, "Heare, wat wolle Jo dat ik doch?". Op dy fraach hearde er troch godlike genede ynwindich in stim sizzen dat er him fan it kwea ôfkeare moast om it goede te dwaan. Norbertus wie doe earne yn de tritich.

Norbert fan Xanten wurdt troch de aartsbiskop fan Keulen ta diaken en preester wijd

Foar Norbertus bestjutte dat foarfal in tiid fan ynkear en boete dwaan. Yn 1114 gyng Norbertus foar it earst nei Siegburg om dêr him dêr yn it benediktynske kleaster Sint-Michael te ferdjipjen yn it kleasterlibben. Hy begûn syn rykdom fuort te jaan en rôp de koarhearen fan Xanten op om syn foarbyld te folgjen en mear earnst te meitsjen fan harren ropping. Norbertus lit him wije as diaken en preester en besocht yn Xanten herfoarmings troch te fieren, mar syn oanfjurjen stjitte dêr op fûl ferset. Norbertus learde ek it strange kleasterlibben yn it augustynske kleaster fan Kleasterrade (tsjintwurdich Rolduc by Kerkrade) kennen en kaam dêr yn de kunde fan it wurk fan Augustinus.

Nei't er syn lêste besit weijûn hie begûn er op bleate fuotten troch Europa as boetepreker te reizgjen. Syn fermoanjende preken waarden by de befolking rûnom wurdearre, mar se leveren ek fijannen op. Hy hie der sels mar op los libbe en wie net iens lid fan in oarder, dat wêr helle er it wei om oaren sa de les te lêzen? Op it Konsylje fan Fritzlar yn 1118 moast er him ferantwurdzje, mar der folge frijspraak. Norbertus gyng doe nei Saint Gilles yn Súd-Frankryk, dêr't paus Gelasius II residearre. Fan de paus krige Norbertus beskerming en offisjele tastimming om oeral wêr't er woe te preekjen. Yn syn preken rôp Norbertus op om Kristus en de apostels ta foarbyld te wêzen. De tochten wiene dreech, Norbertus reizge net allinne, mar troch de kjeld dy winter en in tekoart oan iten ferstoaren trije fan syn gesellen. Yn Vallenciennes foege Hugo fan Fosses him by Norbertus oan, immen dy't letter ien fan syn grutste folgelingen wurde soe.

Oankomst Norbertus yn Antwerpen

Doe't paus Gelasius II yn 1119 ferstoar rekke Norbertus syn beskerming kwyt. De opfolger, paus Calixtus II, liet yn Reims in konsylje hâlde en Norbertus teach dêr hinne yn de hope dêr meistanners te finen, mar it slagge him ynearsten net de paus te sprekken. Letter regele de biskop fan Laon, dy't wurdearring hie foar it wurk fan Norbertus, in moeting mei de nije paus. Hy bleau dêr in skoftke en moete de paus foar in twadde kear yn it biskoplike paleis fan Laon. Op oantrunen fan de biskop besocht Norbertus dêr it Sint-Martinusstift te herfoarmjen, mar krekt lykas yn Xanten stjitte Norbertus op grutte wjerstân fan de koarhearen, dy't dôf wiene foar it boadskip fan harren nije abdij-oerste en net fan doel wiene harren privileezjes op te jaan. It spiet de biskop fan Laon tige dat Norbertus syn krewearjen foar it Sint-Martinusstift opjoech, mar hy wist Norbertus wol sa fier te krijen om yn syn bisdom in mienskip neffens syn idealen te stiftsjen yn in delte yn de bosken fan Coucy, dy't letter Prémontré hjitte soe.

Stifting fan de oarder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Paus Honorius erkend de Premonstratinzerske oarder (fresko kleasterbibleteek abdij Nová Říše, Tsjechje

Mei in pear studinten fan de kapittelskoalle fan Laon en syn learlingen en syn fjouwer gesellen stifte Nobertus dêr de mienskip, dy't ynearsten yn hutsjes om in oan Jehannes de Doper wijde kapel wenne en dêr't letter de oarder fan de Norbertinen út ûntstie. Yn in jier tiid leine op de Earste Krystdei fan 1121 de muontsen harren ûnthjitten ôf. Dy datum jildt noch jimmeroan as de bertedei fan de oarder. Fanwegen de grutte oanwaaks fan bruorren waard al gau in echte abdij mei in tsjerke boud. Ek froulju fielden har roppen en oant 1137-1140 wie Prémontré in dûbelkleaster.

Norbertus wie net in soad yn Prémontré. Faak gyng er fan stêd nei stêd en oeral preke er benammen foar ienfâldich folk, mar somtiden ek foar de hegerein. Yn 1122 wie Norbertus yn Antwerpen en omkriten, dêr't er de striid mei de ketterij fan Tanchelm oanbûn. Oeral stifte er nije kleasters en fjurre er de minsken oan om in ein te meitsjen oan de korrupsje en de lossinnigens yn de Tsjerke. Yn dat stribjen om de Tsjerke werom te bringen nei har woartels hied er in sterke bûnsmaat: Bernardus fan Clairvaux. Yn 1126 folge de erkenning fan de oarder troch paus Honorius II. De oarder naam in grutte flecht en der kamen nije stiftings of besteande abdijen sletten harren oan.

Norbertus wurdt wijd ta aartsbiskop fan Maagdenburch

Doe't Norbertus troch kening Lotharius útnoege waard om yn de dom fan Speyer te preekjen wiene dêr ek fertsjintwurdigers út Maagdenburch, dy't al in skoft nei in aartsbiskop sochten. Ynearsten hie Norbertus gjin nocht oan dy funksje, mar nei oantrunen fan de pauslike legaat en de kening joech er belies en reizge er op bleate fuotten en yn earmoedige klean nei Maagdenburch. Neffens de oerlevering seach er der sa earmoedich út, dat se him ynearsten net troch de poarte gean lieten. Mar ek yn Maagdenburch soe Norbertus de wjerstân ûnderfine dy't er ek yn Xanten en Laon meimakke hie. Kwestjes as it selibaat en it hawwen fan besit setten yn Maagdenburch de saak op skerp. In opstân koed er allinne mei in soad muoite oerlibje, der fûnen oanslaggen op syn libben plak en hy moast sels ris út de stêd flechtsje. Mar Norbertus wie fêsthâldend en slagge der lang om let yn om it bisdom te fernijen en it Us-Leaffrouwestift yn in premonstratinzerske abdij om te setten.

Yn 1131 reizge Norbertus mei keizer Lotharius III nei Rome om paus Innocentius II mei súkses te helpen, dy't in jier earder ta paus keazen wie en ferdreaun wie troch tsjinpaus Anacletus.

Norbertus ferstoar nei in siikbêd fan in pear wiken op 6 juny 1134 en waard begroeven yn de tsjerke fan it premonstratinzer Us-Leaffrouwekleaster fan Maagdenburch.

Paus Gregoarius XIII ferklearre Norbertus op 28 july 1582 sillich. De hillichferklearring folge yn 1621 troch paus Gregoarius XV. Yn de Tritichjierrige Kriich ferhûzen syn reliken yn 1627 nei it premonstratinzerske kleaster yn Strahov by Praach.

Norbertus wurdt fakentiden yn wite pij ôfbylde mei in monstrâns yn syn hân en Tanchelm of in duvel yn 'e boeiens ûnder syn fuotten, in ferwizing nei syn súksesfolle striid tsjin de dwaalleare fan Tanchelm. De tsjelk mei de spin ferwiist nei de leginde dy't ferhellet dat by it opdragen fan de hillige misse yn Kleasterrade (it tsjintwurdige Rolduc) in giftige spin yn de tsjelk foel. Norbertus woe de spin út earbied foar it bloed fan Kristus net út de tsjelk helje en dronk de wyn mei spin en al op. As troch in wûnder barde der neat mar krûpte de spin troch de noas fan Norbertus wer nei bûten. Oare attributen binne in krús mei twa dwersbalken en de fredespalm.

De offisjele feestdei fan de hillige is 6 juny.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: