Njoggenjierrige Oarloch
De Njoggenjierrige Oarloch of Njoggenjierrige Kriich duorre fan 1688 oant 1697 en waard yn Jeropa fierd troch Loadewyk XIV fan Frankryk tsjin de Nederlânske Republyk, Eastenryk, Ingelân, Spanje en Savoye om de Frânske hegemony yn Jeropa.
Yn 1688 foel Frankryk Dútslân oan en dat joech Willem III de gelegenheid mei syn al earder betochte ekspedysje nei Ingelân útein te setten. Loadewyk XIV besocht om de, troch Willem III ferdreaune, Jakobus II wer op de troan te krijen, mar dat mislearre troch nederlagen yn de slach oan de Boyne (1690) en yn de seeslach by La Hogue (1692).
It leger fan de Frânske kening helle lykwols wol oerwinnings op it Jeropeesk kontinint (Fleurus, oermastering fan Namen, slach by Neerwinde). Doe't de Spaanske súksesjekwestje oan de oarder kaam, slagge it de Frânske diplomasy earst frede te sluten mei de seemachten en dêrnei ek mei de oare bûnsmaten. Yn oktober 1697 waard de Frede fan Ryswyk sletten, dy't foar alle partijen gjin beslissend foardiel opsmiet. Neffens it Barriêreferdrach mocht de Republyk garnizoenen legerje yn in rige stêden yn de Spaanske Nederlannen, lykas yn Nijpoarte en Koartryk, dy't dêrom barriêrestêden neamd waarden.
Troch net ien fan de partijen waarden de fredesbetingsten as foarfêst sjoen. Frankryk bleau de machtichste steat fan Jeropa en bleau in rivaal foar de Dútske keizer by syn oanspraken op de Spaanske troan, dy't al gau fakant wurde soe as Karel II fan Spanje sûnder neiteam stjerre soe. De noch bluodderigere Spaanske Suksesje-oarloch liet dan ek net lang op him wachtsje.
- Njoggenjierrige Oarloch
- Oarloch yn Jeropa
- Oarloch yn Noard-Amearika
- Oarloch yn Súd-Amearika
- Oarloch yn Aazje
- Oarloch yn de 17e iuw
- Skiednis fan Rynlân-Palts
- Oarloch fan Baden
- Oarloch fan Beieren
- Oarloch fan Brandenburch
- Oarloch fan Eastenryk
- Oarloch fan Hannover
- Oarloch fan Hessen-Kassel
- Oarloch fan Frankryk
- Oarloch fan it Hillige Roomske Ryk
- Oarloch fan Ingelân
- Oarloch fan Keulen
- Oarloch fan Loataringen
- Oarloch fan Mainz
- Oarloch fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
- Oarloch fan de Palts
- Oarloch fan Portegal
- Oarloch fan Saksen
- Oarloch fan Savoaye
- Oarloch fan Skotlân
- Oarloch fan Spanje
- Oarloch fan Sweden
- Oarloch fan Trier
- Oarloch fan Waldeck
- Militêr treffen yn 1688
- Militêr treffen yn 1689
- Militêr treffen yn 1690
- Militêr treffen yn 1691
- Militêr treffen yn 1692
- Militêr treffen yn 1693
- Militêr treffen yn 1694
- Militêr treffen yn 1695
- Militêr treffen yn 1696
- Militêr treffen yn 1697