Springe nei ynhâld

Nikolaastsjerke (Gau)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Gau
adres Boeijengastrjitte 431
koördinaten 53° 3' N 5° 42' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 13e iuw (toer), 19e iuw (tsjerke)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39767
Webside
PKN De Lege Geaën
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke yn Gau is de tsjerke fan de PKN-gemeente De Lege Geaën. De tsjerke is it iennige ryksmonumint fan it doarp.

De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde midsiuwske tsjerke waard yn 1685 ferfongen troch nijbou. Yn de 19e iuw ferfong it hjoeddeiske gebou dy tsjerke.

It Hardorff-oargel

By de 19e-iuwske nijbou fan de tsjerke waard de toer mei bakstiennen ommitsele. Dy ommitseling waard by in restauraasje fan de toer yn 2000 wer ferwidere. De âlde toer krige doe mei nije kleastermoppen de midsiuwske foarm werom.

Yn 2014 fûn der in renovaasje fan it tsjerkegebou plak. Dêrnjonken krige de eardere herfoarme en ûnder dy namme bekende tsjerke de âlde namme werom.

De 17e-iuwske iken preekstoel stiet yn it eastlike koer fan de tsjerke. It grutste diel fan de banken foar it tsjerkefolk waard by de renovaasje ferfongen troch stuollen. De banken ûnder de kreake binne bewarre bleaun.

De tsjerke besit op de westlike kreake in ienmanualich oargel fan Willem Hardorff út Ljouwert. It ynstrumint waard yn de jierren 1861-1862 boud en yn 1959 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert restaurearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: