Springe nei ynhâld

Merry Madagascar

Ut Wikipedy
Merry Madagascar
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Soren
produsint Joe M. Aguilar
útfierend
   produsint
Mireille Soria
Eric Darnell
Tom McGrath
senario Eric Darnell
Tom McGrath
David Soren
muzyk Heitor Pereira
filmstudio DreamWorks Animation
PDI
distribúsje DreamWorks Animation
spilers
haadrollen Ben Stiller
Chris Rock
David Schwimmer
Jada Pinkett Smith
byrollen Danny Jacobs
Tom McGrath
Carl Reiner
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 novimber 2009
foarm koarte tekenfilm
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 28 minuten
filmsearje
filmsearje Madagascar

Merry Madagascar is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn 'e foarm fan in koarte kompjûteranimearre tekenfilm út 2009. It is in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst, en de titel betsjut sadwaande "In noflike Madagascar tawinske". De film makket diel út fan 'e kommersjeel tige súksesfolle Madagascar-franchise. Merry Madagascar waard regissearre troch David Soren. De film hat in spyldoer fan 28 minuten en folget de bisten út 'e populêre lange tekenfilm Madagascar, út 2005, as se yn Madagaskar de krystman moetsje.

Alex de liuw, Marty de sebra, Melman de sjiraffe en Gloria it nylhoars binne bisten út 'e Central Park Zoo yn New York, dy't strâne rekke binne op Madagaskar (sjoch: Madagascar). Hja besykje út alle macht om nei hûs werom te kearen, en bouwe dêrta in hjitte-luchtballon. Dy wurdt lykwols fuort nei harren ôfreis út 'e loft sketten troch kening Julien en syn makys, om't se him oansjogge foar de "reade nacht-eardske", in aaklike fleanende fijân, dy't harren ienris yn it jier bekûgelet mei stiennen.

Fuort letter arrivearret de echte reade nacht-eardske, dy't yndie de makys begjint te bekûgeljen mei stiennen. Julien hat diskear grutte kattepûlen opstelle litten om mei werom te sjitten (sa hat er de hjitte-loftballon ek delhelle), mar de makys reitsje sa yn panyk dat der fan effektive wjerstân net folle komt. Sadwaande grypt Alex yn, op oantrúnjen fan Marty, Melman en Gloria, en sjit in kattepûl ôf, wêrmei't er de reade nacht-eardske út 'e loft sjit.

Pas neitiid ûntdekke Alex, Marty, Melman en Gloria dat de 'stiennen', dêr't de makys mei bekûgele waarden, eins brokjes stienkoal binne (wat stoute bern foar de kryst krije), en dat de 'reade nacht-eardske' eins de krystman is yn syn fleanende belslide lutsen troch rindieren. By it delstoarten fan 'e slide op Madagaskar hat de krystman sa'n klap op 'e plasse krigen, dat er ûnthâldsferlies oprûn hat. Hy wit net mear wa't er is of wat syn ferantwurdlikheden binne. Dat betsjut dat de bern fan 'e wrâld fannacht omdôch op harren pakjes wachtsje sille. Alex, Marty, Melman en Gloria beslute harren flater goed te meitsjen troch sels alle pakjes rûn te bringen. It mês snijt oan twa kanten as se dan mei-iens harsels yn New York ôfsette kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Foar dat plan binne se lykwols de help nedich fan 'e rindieren fan 'e krystman, en dy wegerje om oarders oan te nimmen fan wa ek útsein de krystman sels. It docht lykwols bliken dat der al lange tiid spannings besteane tusken de Noardpoal (dêr't de krystman mei syn rindieren wennet) en de Súdpoal, dêr't de psychopatyske pinguïns fan Madagaskar wei komme. Der is sels sprake fan in 'kâlde oarloch' tusken de beide poalgebieten (hoewol't de jonge pinguïn Private en it froulike rindier Cupid fereale reitsje). Skipper en de oare pinguïns binne sadwaande mar al te ree om 'e rindieren de loef ôf te stekken, en se brûke it magyske stof fan 'e krystman om harsels it fermogen te jaan om te fleanen, sadat sy de slide lûke kinne.

Yn it begjin einiget it besykjen fan 'e dieretúnbisten om 'e pakjes te besoargjen yn gaos, dat se beslute om alle pakjes by it neiste postkantoar te dumpen en har derôf te meitsjen. As se lykwols yn in appartemint delstoarte en by fersin grutte blydskip yn it libben fan it lytse famke Abby bringe, betinke se har en sette troch mei de besoarging.

Underwilens wurdt de krystman op Madagaskar belutsen by it feest dat de makys yn it plak fan kryst fiere: 'Juliannewaris'. Dêrby jouwe alle makys kadootsjes oan kening Julien. Om't er sels gjin kado foar him hat, makket de krystman gau wat boartersguod fan in pear tûkjes en wat bledsjes, wêrmei't er syn fermogen as boartersguodmakker werûntdekt. Hy begjint dan boartersguod foar alle makys te meitsjen, ta argewaasje fan kening Julien, dy't wol dat it feest inkeld om himsels draait. Dat, hy furdiget in dekreet út dat alle kado's fan him binne. De makys leverje al it spul by him yn, mar ta syn eigen ferbjustering wurdt Julien allinne mar depressyf no't er mei in ûnbidige heap boartersguod sit. De krystman suggerearret dat er der faaks fan opknappe sil as er wat boartersguod weijout. Dat is in nij idee dat noch nea by Julien opkommen is, en as er it prebearret, docht bliken dat er him der yndie better troch fielt. Fan it iene utertst yn it oare as er is, begjint er dan yn rekôrtempo de berch boartersguod wei te jaan.

Tsjin 'e ein fan 'e nacht hawwe Alex, Marty, Melman en Gloria de lêste pakjes teplak brocht. Se binne skjin ynein, mar se moatte noch werom nei Madagaskar foar de krystman. Skipper rapportearret lykwols dat der noch mar genôch magysk stof is foar ien reiske. Dat as se nei Madagaskar geane, sille se harsels net yn New York bringe kinne. De bisten beslute lykwols it juste te dwaan en keare werom nei Madagaskar, dat se mar kwealk op 'e tiid berikke foar't it stof op is. De slide stoart del op it strân en komt boppe-op de krystman del. Troch de klap kriget dy syn ûnthâld werom.

De krystman betanket Alex-en-dy foar harren tsjinsten en skrast Julien syn namme fan syn list fan ûndogenske lju. It docht lykwols bliken dat de bisten de sek mei kadootsjes foar it lytse Lychtenstein oer de holle sjoen hawwe, dat de krystman set de enerzjyfoarsjenning fan 'e slide oer op 'e reservetank mei magysk stof en set mei tûzen hasten ôf foar't Alex-en-dy om in lift freegje kinne. Alex, Marty, Melman en Gloria lizze har by de sitewaasje del en beslute de kryst op Madagaskar te fieren. Julien, lykwols, dy't him troch de krystman manipulearre fielt, bekûgelet Alex mei in kokosnút om wer op 'e ûndogenske list te kommen. It ding rekket Alex op 'e plasse, sadat er oanhelle rekket mei ûnthâldsferlies, krekt as de krystman foar him.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Alex de liuw Ben Stiller
Marty de sebra Chris Rock
Melman de sjiraffe David Schwimmer
Gloria it nylhoars Jada Pinkett Smith


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Danny Jacobs
Skipper, de lieder fan 'e pinguïns Tom McGrath
de krystman Carl Reiner
Maurice, in fingerdier Cedric the Entertainer
Mort, in mûsmaky Andy Richter
Private, in pinguïn Christopher Knights
Kowalski, in pinguïn Chris Miller
Rico, in pinguïn n.f.t. (gjin tekst)
Cupid it rindier Nina Dobrev
Abby Willow Smith
Donner it rindier Jim Cummings

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Merry Madagascar waard regissearre troch David Soren nei in senario fan himsels, Eric Darnell en Tom McGrath. De film hat in spyldoer fan 28 minuten en waard produsearre troch de filmstudio's DreamWorks Animation en PDI, ûnder tafersjoch fan filmprodusint Joe M. Aguilar, mei as útfierende produsinten Darnell, McGrath en Mireille Soria.

De stimmen fan 'e wichtichste personaazjes waarden ynsprutsen troch Ben Stiller, Chris Rock, David Schwimmer en Jada Pinkett Smith, dy't dat ek dien hiene yn 'e oarspronklike film Madagascar, út 2005. Sacha Baron Cohen, dy't oarspronklik de stim fan kening Julien de ringsturtmaky ynsprutsen hie, waard yn Merry Madagascar lykwols ferfongen troch Danny Jacobs. De filmmuzyk waard komponearre troch Heitor Pereira.

De distribúsje fan Merry Madagascar waard fersoarge troch DreamWorks Animation. De film waard as tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e oankommende kryst foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd op 17 novimber 2009 troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC.

Ien dei letter, op 18 novimber waard Merry Madagascar ek útbrocht op dvd, eksklusyf fia de winkels fan supermerkkeatling Walmart. Fan 11 oktober 2011 ôf mocht de dvd ek yn oare saken ferkocht wurde, en op 30 oktober 2012 kaam de film ek beskikber op blu-ray, as ûnderdiel fan 'e kompilaasje DreamWorks Holiday Classics. Merry Madagascar waard op 1 oktober 2013 op 'e nij op dvd útbrocht op ien skiif mei Shrek the Halls, Kung Fu Panda Holiday, Dragons: Gift of the Night Fury en The Croods.

Merry Madagascar waard nominearre foar seis Annie Awards, in groep wichtige Amerikaanske prizen foar animaasjefilms. De nominaasjes wiene û.m. foar bêste animearre tillefyzjeproduksje, bêste personaazje-animaasje yn in tillefyzjeproduksje, bêste personaazje-ûntwerp yn in tillefyzjeproduksje, en bêste stimaktearjen yn in tillefyzjeproduksje, sawol foar Danny Jacobs, yn 'e rol fan kening Julien, as foar Willow Smith, dy't de rol fan it famke Abby fertolke. Merry Madagascar wûn de Annie Award foar bêste storyboarding yn in tillefyzjeproduksje (Robert Koo).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)