Mense Ruiter
Mense Ruiter (Ynskedee, 5 oktober 1908 - Grins, 6 maart 1993) wie in Nederlânsk oargelbouwer. Hy hat in hiele protte oargels makke, foaral foar tsjerken yn de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte.
Yn 1931 stichte er syn eigen oargelboubedriuw. Ynearsten die er meast ûnderhâld en restauraasje en de bou fan lytse oargels, mar fan 1950 ôf boude er ek komplete grutte tsjerkoargels, as earste foar de herfoarme Petrustsjerke yn Woldendorp. Oare wichtige oargels fan Ruiter binne yn:
- de Maranathatsjerke yn De Haach (1952)
- de Keningstsjerke yn Amsterdam (1959)
Yn 1974 luts Ruiter him werom as direkteur, mar bleau oant syn ferstjerren wol belutsen by it bedriuw, dat ûnder syn namme fuortset waard. It ferhuze fan Zuidwolde (Grinslân) nei Ten Post. Yn 2020 droech direkteur Dolf Tamminga, dy't fan ein jierren santich ôf by Mense Ruiter wurke en dêr sûnt 2013 de lieding hie, it bedriuw oer oan oargelbouwer Sander Booij yn Langbroek. Mense Ruiter Orgelmakers B.V. hat syn haadfestiging in Ten Post mei in wurkpleats yn Langbroek.
-
Oargel fan Mense Ruiter yn de Nieuw Perspectief-kerk yn Hurdegaryp (1960).
-
Oargel fan de firma Mense Ruiter yn de Grutte Tsjerke fan Kollumersweach (1980).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mense Ruiter organs fan Wikimedia Commons. |