Springe nei ynhâld

Marienchor

Ut Wikipedy
Marienchor
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal 38 (30 juny 2015)
Oerflak 4,57 km²
Befolkingsticht. 8 / km²
Hichte -0,8 - -1,4 m
Oar
Postkoade 26844
Koördinaten 53° 15′ 9″ NB, 7° 19′ 6″ EL
Tsjerke fan Marienchor

Marienchor is in doarp (Ortsteil) yn de Eastfryske gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier. Yn 2015 hie it doarp 38 ynwenners op in oerflak fan 4,57 km² en is dêrmei it lytste doarp yn de gemeente Jemgum.

Marienchor is in streekdoarp yn it Nederreiderlân en leit oan de dyk tusken Nendorp en Weener en Bunde. De grûn bestiet benammen út knipklaai en klaai op fean. De kearn fan it doarp leit op in geast en leit justjes boppe seenivo, wylst it omlizzende lân op of justjes dêrûnder leit.

It lân om Marienchor bestie ynearsten út dreech te bewurkjen leger lizzend miedlân. Noardlik fan it doarp lei de mar Marienchorer Meer. It doarp ûntstie op in terp, nei alle gedachten yn de hege of lette midsiuwen as in feanterij, en waard yn 1472 foar it earst Marienkoer yn in oarkonde neamd. It doarp wie in dochterdelsetting fan it doarp Critzum, dêr't de nammen Krytzemewalt (1475), Crismerwolt alias corus virginus (om 1500 hinne) nei ferwize. Lettere nammen wiene Mariencour (1524) en Marien Kohr (1645). "Marien" ferwiist nei Marije, dêr't de tsjerke oan wijd is. Mooglik wie it beslút ta de delsetting in oanset fan de tichtebylizzende Kommanderije Dünebroek, in kleaster fan de Johanniteroarder. Dêrnei ferwize fjildnammen sa as Kloster en Klosterhäuser. De kommanderije hie twa pleatsen (kleasterpleatsen), faaks in foarwurk, dêr't yn 1914 in begraafplak bleatlein waard. Ek besiet it kleaster de patronaatrjochten fan de doarpstsjerke.

Bestjoerlik hearde it doarp by it Fryske goa Reiderlân. Yn de lette midsiuwen waarden de bestjoerlike ienheden yn Eastfryslân fannijs yndield en waard Nederreiderlân by it Amt Emden yndield. Marienchor waard in gemeente yn de fâdij Jemgum yn it Amt Emden.

Nei de Slach by Jena yn 1806 waard it Reiderlân op grûn fan Nederlânske oanspraken, út Eastfryslân wei ta it Nederlânske departemint Westeriems yndield. Böhmerwold waard part fan it kanton Jemgum yn it arrondissemint Wynskoat.

Nei de delslach fan Napoleon, waard op it Kongres fan Wenen yn 1815 bepaald dat Eastfryslân, mei it Reiderlân, by it Keninkryk Hannover hearre soe. Marienchor waard part fan it Amt Jemgum yn 1817, dy't yn 1859 by de Krite Weener foege waard. Nei't it Keninkryk Hannover part fan Prusen waard, waard it doarp in gemeente (Kommune) yn de Krite Weener, dy't yn 1932 yn de lânkring Lier opgie.

De NSDAP wie al rillegau populêr yn Marienchor. By de rykspresidintsferkiezings fan 1932 krige Adolf Hitler mear as 70% fan de stimmen.

Dûmny Heinrich Gerhart Bokeloh wie in fûle tsjinstanner fan de nazys en wie part fan de Bekennenden Kirche. Nei't er him kritysk utere oer de Dútske ynfal yn Poalen yn 1939 waard er twongen dien te nimmen en waard er arrestearre. Hy waard nei it konsintraasjekamp Oranienburg brocht dêr't er twaenheal jier fêstsiet.

Nei de Twadde Wrâldkriich naam it doarp in bysûnder grut tal flechtelingen út it easten fan Dútslân op, dy't yn 1950 krapoan 40% fan de befolking útmakken. Dêr falt út op te meitsjen dat de lânkring Lier ekonomysk oanloklik wie, want dy luts yn ferliking mei de oare Eastfryske lânkringen Auwerk en Wittmund mear flechtelingen oan.

Yn 1961 foarme Marienchor mei de gemeenten Jemgum, Midlum, Holtgaste, Critzum en Böhmerwold de earste gearwurkingsgemeente yn Nedersaksen.

Op 1 jannewaris 1973 waard Böhmerwold yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen by de ienheidsgemeente Jemgum yndield.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marienchor is it lytste doarp yn de gemeente Jemgum. It doarp hat, lykas in soad plattelânsdoarpen yn East-Fryslân, te krijen mei in befolkingsefterútgong.

Jier 1823 1848 1871 1885 1905 1925 1933 1939 1946 1950 1956 1961 1994 2005 2015
Ynwenners 93 120 100 115 116 112 104 103 167 156 79 87 55 45 38

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Helmut Anneessen: Die Familien der Kirchengemeinde Böhmerwold (1695–1900). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 2004, ISBN 3-934508-16-2 (Ostfrieslands Ortssippenbücher, Bd. 68; Deutsche Ortssippenbücher, Bd. A 364).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

Jemgum Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
· · Berjocht bewurkje