Springe nei ynhâld

MS-DOS

Ut Wikipedy

MS-DOS stiet foar Microsoft Disk Operating System (skiifbestjoeringssysteem). It wie ien fan de earste bestjoeringssystemen foar de Persoanlike kompjûter. Sa'n bestjoeringssysteem waard ferkocht op in skyfke. Jo koene it bestjoeringsprogramma fan it skyfke yn it ûnthâld fan de kompjûter lade.

Doe't IBM syn IBM-PC ûntwikkele soe er yn earsten dêr in eigen bestjoeringssysteem foar meitsje. It bedriuw Microsoft fan Bill Gates soe dêr in de BASIC-interpreter foar leverje.

Doe't it eigen bestjoeringssysteem neat opskeat frege IBM oan Microsoft as sy ek net it bestjoeringssysteem meitsje koene. Ynstee dat sels te skriuwen gie Bill Gates op syk nei in al besteand produkt fan in oar bedriuw.

Hy fûn dat by QDOS, dat ôflaat wie fan CP/M en de ôfkoarting stie foar Quick and Dirty Operating System. Microsoft betelle 50.000 dollar foar it programma en ûntwikkele it dêrnei fierder. Microsoft paste it oan de winsken fan IBM oan, dy't it ûnder de namme PC-DOS ferkocht.

Yn it kontrakt mei IBM stie, dat Microsoft it ek selsstannich oan oaren ferkeapje mocht. Microsoft die dat ûnder de namme MS-DOS. Doe't neist de IBM-PC ek de PC-kloanen op de merk kamen, waard MS-DOS al gau populêr.