Springe nei ynhâld

Loadewyk XII fan Frankryk

Ut Wikipedy
Loadewyk XII fan Frankryk

Loadewyk XII (Blois, 27 juny 1462 - Parys, 1 jannewaris 1515) wie kening fan Frankryk. Hy regeare fan 1498 oant 1515 as earste kening fan it Hús Valois-Orléans. Hy fierde krigen yn Itaalje dêr't hy tydlik in grut part fan yn hannen krige; de feroveringen gongen nei de slach by Novara yn 1513 wer ferlern, de keizer en Ingelân dienen in gefaarlike ynfal en de Switsers belegeren Dijon. Nei de fersoening mei Hindrik VII fan Ingelân (1514) boaske de kening mei syn suster Maria. Loadewyk XII waard opfolge troch syn efterneef en skoansoan Frans I, de man fan syn dochter.