Springe nei ynhâld

Lac Courte Oreilles Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Lac Courte Oreilles Yndianereservaat
Lac Courte Oreilles Indian Reservation
polityk
haadplak Hayward (Wiskonsin)
stamme Lac Courte Oreilles Troep
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
county Sawyer County
sifers
ynwenners 3.013 (2000)
oerflak 279,5 km²
bef.tichth. 10,8 / km²
oar
stifting 1854
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.lco-nsn.gov
kaart
Yndianereservaten yn 'e steat Wiskonsin. Lac Courte Oreilles is werjûn yn read.

It Lac Courte Oreilles Yndianereservaat (útspr.: [lə'ku:dəre:], likernôch: "luh-kûû-duh-ree"; Ingelsk: Lac Courte Oreilles Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (Lac Courte Oreilles Band of Lake Superior Chippewa Indians). It leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, en is ferneamd nei Lac Courte Oreilles, in mar fan oansjenlike grutte dy't diel fan it reservaat útmakket.

De Odjibwe fan 'e Lac Courte Oreilles-troep wenje al sûnt minskewitten yn noardlik Wiskonsin. Fertsjintwurdigers fan 'e troep hearden ta de Odjibwe dy't yn 1842 mei folmachten fan 'e Amerikaanske oerheid it earste Ferdrach fan La Pointe sleaten. Tolve jier letter wiene de Lac Courte Oreilles op 'e nij fan 'e partij doe't it twadde Ferdrach fan La Pointe (1854) tekene waard. Under de ôfspraken fan dat lêste ferdrach waard doe it Lac Court Oreilles Yndianereservaat oprjochte.

It Lac Courte Oreilles Yndianereservaat leit op 45°53′ noarderbreedte by 91°25′ westerlingte yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It is ferneamd nei Lac Courte Oreilles, in mar dy't diel fan it reservaat útmakket. Yn it Odjibwe is de namme fan dy mar Odaawaa-zaaga’igan, wat "Ottawa-mar" betsjut. It eigentlike Lac Courte Oreilles Yndianereservaat leit yn it sintraal-westlike part fan Sawyer County, mar twa lytse perselen bûtenreservaatsk beheargebiet lizze by Rusk, yn Burnett County, en by Evergreen, yn Washburn County.

Yn totaal hat it Lac Courte Oreilles Reservaat in oerflak fan 279, 49 km² (of 27.949,2 ha). Oarspronklik wie frijwol it hiele gebiet oerdutsen mei mingd wâld en nullewâld, mar tsjin it begjin fan tweintichste iuw wie in grut part fan 'e krite, net inkeld it reservaat, mar ek it omlizzende gebiet, fierhinne kealslein troch ûntbosking feroarsake troch de houtyndustry. Yn 1933 waard dêrom noardeastlik en eastlik fan it reservaat it Nasjonaal Wâld Chequamegon stifte, dat in beskerme status hat. Tagelyk waard úteinset mei de nije oanplant fan beammen. Tsjintwurdich binne sawol it reservaat as it Nasjonaal Wâld stadichoan wer oan it bekommen fan 'e kealslach.

Behalven Lac Courte Oreilles lizze noch achttjin oare marren binnen de grinzen fan it Lac Courte Oreilles Reservaat, te witten: Ashegon Lake, Blueberry Lake, Chief Lake, Cristner Lake, Devils Lake, Green Lake, Grindstone Lake, Gurno Lake, Lake Chippewa, Little Round Lake, Little Lac Courte Oreilles, Pokegama Lake, Rice Lake, Scott Lake, Squaw Lake, Spring Lake, Summit Lake, and Tyner Lake. Ek it Steatswyldreservaat Grindstone Creek leit yn it Yndianereservaat. Der binne fiif wenkearnen yn it reservaat: Chief Lake, Little Round Lake, New Post, Northwoods Beach en Reserve. Dêrfan is Little Round Lake, yn 'e noardwestlike hoeke fan it reservaat, it grutste. It haadkertier fan 'e Lac Courte Oreilles Troep is lykwols fêstige yn it stedsje Hayward, dat bûten it reservaat leit, fuort benoarden Little Round Lake.

It Lac Courte Oreilles Reservaat is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen. Dat is ien fan 'e 22 ûnderskate stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet.

Neffens gegevens út 2000 wennen der doe likernôch 3.000 minsken yn it reservaat. De befolkingstichtens bedroech 10,8 minsken de km². De etnyske gearstalling fan 'e befolking wie 76,5% (of likernôch 2.300) Yndianen en 23,5% (of likernôch 700) blanken. De Yndiaanske reservaatbewenners foarmje mar 38,3% fan 'e leden fan 'e Lac Courte Oreilles Troep, mei't sa'n 3.700 stammeleden bûten it eigen reservaat wenje.

Ekonomy en foarsjennings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Lac Courte Oreilles Yndianereservaat wurdt eltse simmer de powwow fan 'e Lac Courte Oreilles Troep holden, mei as namme Honor the Earth ("Earbiedigje de Ierde"). De opname troch rockdrummer Mickey Hart fan guon fan 'e artysten fan 'e powwow fan 1991, ûnder de titel Honor the Earth Powwow: Songs of the Great Lake Indians, waard dat jiers in lytse nasjonale hit yn 'e Feriene Steaten. Yn it reservaat stiet ek it eigen kasino fan 'e stamme, it Lac Courte Oreilles Casino, mei't men op reservaatlân net bûn binne oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.