Springe nei ynhâld

Kyrenia

Ut Wikipedy
Kyrenia
Λάρνακα/Girne
Bestjoer
Lân de jure: Republyk Syprus
de facto: Noard-Syprus
Distrikt Kyrenia
Sifers
Ynwennertal 45.881 (2019)
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 20' N 33° 19' E
Offisjele webside
www.gazimagusabelediyesi.org
kyreniamunicipality.com
Kaart
Kyrenia (Syprus)
Kyrenia

Kyrenia (Gryksk: Κερύνεια Kerýnia, Turksk: Girne) is in havenstêd yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske republyk Noard-Syprus. Formeel is de stêd ek de haadstêd fan it distrikt Kyrenia fan 'e Republyk Syprus.

It gebiet om Kyrenia hinne wie al yn it neolitikum befolke. Ut dy tiid binne lykwols mar trije keramiken fynsten dien, wêrfan twa yn Aghios Epiktitos Vrysi by Kyrenia.

Yn 'e 10e oant 9e iuw f.Kr. waard Keryneia ien fan 'e njoggen stedskeninkriken fan Syprus. Oan it dynastike systeem yn Kyrenia kaam yn 312 f.Kr. in ein en it grûngebiet waard ûnder kontrôle set fan kening Nikokreon, in wapenkammeraat fan Aleksander de Grutte.

Skipswrak fan Kyrenia.

Mooglik krige de stêd ûnder de Romeinske keizer Claudius in akwadukt; de stêd wurdt ek neamd yn in ynskripsje út de Flavyske tiid. It is net wis oft de stêd de status fan in civitas hie. Yn 'e iere kristlike tiid waard de stêd in biskopsstêd ûnder de namme Kyrenia. By argeologen waard de stêd bekend troch it Skip fan Kyrenia, dat yn it skipswrakmuseum fan 'e stêd opsteld stiet. It hast 15 m lange skip sonk om 300 f.Kr. hinne.

Byzantinen, krúsfarders en Fenesianen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Byzantynske keizer Aleksios I Komnenos waard it kastiel fan Kyrenia útwreide, om't se yn Konstantinopel foar ynfallen fan Seltsjoeken benaud wiene, dy't doe al grutte dielen fan Lyts-Aazje ferovere hiene. Yn 1092/1094 besetten opstannige Syprioaten ûnder lieding fan in sekere Rapsomates. Johannes Dukas naam Kyrenia sûnder grut ferset wer yn en sloech de opskuor del, dy't rjochte wie tsjin it belestingrezjym fan Konstantinopel, mar neffens in ferslach fan biskop Nikolaos Muzalonek ek in oarsaak hie yn in skeel tusken Tsjerke en Steat oer de rjochtspraak.

Mei't Syprus him yn 1185 losskuorde fan Byzantium, oermastere de Ingelske kening Richard Liuwehert it eilân yn 1191, dy't yn Kyrenia de steatsskat bútmakke.

Kastiel fan Kyrenia.

Nei't de Genuezen it eilân yn 1373 feroveren en kening Peter II flechtsje moast, slaggen de hearen fan Lusignan der yn om it eilân fanút Kyrenia werom te feroverjen. De Fenesianen wreiden om 1540 hinne de festingwurken fan de stêd grutskalich út om it eilân tsjin de Ottomanen ferdigenje te kinnen. Dy oermasteren it eilân tusken 1570 en 1571 dochs en Kyrenia joech him har oer nei't de lieder fan 'e Fenesiaanske troepen mei de kastielgreve fan Nikosia fermoarde wiene.

Tsjin de ein fan 'e 16e iuw hie Kyrenia noch mar 600-800 ynwenners. Under de befolking ûntstie yn 'e 18e iuw opstân tsjin it Osmaanske bewâld fanwegen de praktyk dat amten kocht wurde koene. De lieder fan 'e opstân fan 1765 wie Khalil Agha, mar yn juny 1766 waard fanút Konstantinopel in troepemacht fan 5.000 man stjoerd. Kyrenia waard belegere en al gau moast de stêd him oerjaan en Khalil waard dêrnei eksekutearre.

Yn 1831 waard troch it Ottomaanske regear in folkstelling ûnder de mannelike ynwenners holde. Der wiene doe 123 Turken en 113 Griken yn Kyrenia.

Kyrenia flak foar de ûnôfhinklikens fan Syprus.

It eilân waard yn 1878 in koloanje fan Grut-Brittanje. By de earste Britske folkstelling yn 1881, dy't bedoeld wie om alle ynwenners te tellen, wiene der 1.192 ynwenners yn Kyrenia, wêrfan 570 Turken, 594 Grykske en nochris 28 ynwenners út oare folken. De folgjende desennia groeide de befolking stadichoan, sa docht bliken út de folkstellings, dy't sûnt 1881 om de tsien jier organisearre waarden. Mei't in soad Turken nei Anatoalje migrearren, woeks it oerwicht fan 'e Grykske befolking. Yn 1946 bestie it ynwennertal fan Kyrenia út 2.373 Griken, 696 Turken, 233 Britten, 30 Armeenjers, 9 Maroniten en 154 út oare folken. Tsjin 1960, it begjin fan 'e ûnôfhinklikens fan Syprus, wiene mar in fyfte diel fan 'e befolking Turksk.

Mei de tanimmende spannings tusken de Gryske Syprioaten en de Turkske Syprioaten, dy't yn 1963 omsloegen yn geweld, bleaune de etnyske groepen yn harren eigen wiken. Flak foar de Turkske ynvaazje wie noch twatredde fan 'e befolking Gryksk.

Turkske besetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Turkske paratroepen by Kyrenia.

Yn 1974 begûn Operaasje Atilla mei de bou fan in brêgehaad (Atilla I) yn 'e baai fan Pentemili, acht kilometer west fan Kyrenia. 3.000 Turkske soldaten lânen op Escape Beach. Oan 'e ein fan' e operaasje kontrolearren dy troepen 3 % fan it eilân, ynklusyf Kyrenia, dat de Turken Girne neamden. De Grykske befolking fan 'e stêd flechte yn july 1974 nei it suden fan it eilân. Syprioatyske Turken út it suden fan it eilân fêstigen har ûnder oare yn Girne. In soad Griken kamen yn augustus werom, mar se waarden oant oktober 1975 yn it Dome Hotel hâlden. Dêrwei waarden se nei Belapais brocht, mar 163 fan harren bleauwen yn Kyrenia. Yn febrewaris 1976 wie harren oantal sakke nei 95, yn maaie nei 48 en yn augustus nei 18. Yn 1977 sakke it oantal fierder nei sân, wêrûnder twa Maroniten en twa Syprioatyske Griken dy't troud wiene mei Turksk-Syprioaten. Meiïnoar binne 2.650 Grykske Syprioaten út Kyrenia ferdreaun.

Yn 1978 wennen der 4.761 minsken yn Kyrenia, mar harren oantal groeide no hurd. Yn 1996 wiene dat der 14.203 en yn 2006 wiene dat 23.839. Dy rappe groei is te tankjen oan de ferhûzing fan oare plakken fan Syprus nei Kyrenia mar ek troch in polityk fan Ankara om de befolkingsgearstalling op it eilân te feroarjen troch in sterke migraasje fanút Anatoalje nei Syprus.[1]

Tichteby Kyrenia lizze de haadkertieren fan it Turkske leger op Syprus en de striidkrêften fan 'e Turkske republyk Noard-Syprus.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besjen wurdich is de Byzantynske toer en it kastiel fan Kyrenia, it âlde stedssintrum mei syn smelle, steile strjitten en de fiskershaven mei de âlde fjoertoer. Mei hast 100 hotels is Kyrenia de wichtichste toeristyske lokaasje yn 'e Turkske Republyk Noard-Syprus.

De stêd hat trije musea:

Archangelostsjerke.
  • De Archangelostsjerke is in ikoanemuseum mei ikoanen út de 18e oant 20e iuw út plondere tsjerken. De hege klokketoer fan 'e Gryksk-otterdokse Archangelostsjerke is in symboal fan 'e stêd en wijd oan 'e aartsingel Michael.
  • It skipswrakmuseum yn it kastiel fan Kyrenia besit in skipswrak út de izertiid; it skip sonk om 300 f.Kr. en waard yn 1965 ûntdutsen troch de Syprioatyske dûker Andreas Kariolou op in djipte fan 30 m djipte en yn 1967 troch Michael Katzev fan 'e Universiteit fan Pennsylvania burgen.
  • It lytse Folkskeunstmuseum is yn in typysk 18e-iuwsk Syprioatysk hûs ûnderbrocht.

Net te missen binne:

Abdij Bellapais.
  • De Abdij Bellapais, in premonstratinzersk kleaster op 'e hellingen fan it Kyreniaberchtme. It gebou wurdt beskôge as in hichtepunt fan goatyske arsjitektuer en is ien fan 'e moaiste goatyske gebouwen fan it hiele Midden-Easten. De namme Bellapais is in ferkearde oersetting fan Abbaye de la Paix (Abdij fan 'e Frede).
  • De rotseftige flakte fan Chrysokava waard yn 'e Romeinske tiid as begraafplak en dêrnei as kalkstiengroeve brûkt.
  • De Tekke fan Hazreti-Ömer is in lyts mausoleum fan Hazreti Ömer (581–644) en in islamitysk beafeartsplak.
  • De neolityske delsetting Ayios Epiktitos Vrysi (lokaal: Çatalköy) leit op in lytse lântonge lykas soe it sa yn 'e see weigliidze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in part in oersetting fan de:Kyrenia.