Springe nei ynhâld

Kreupel Hart

Ut Wikipedy
Kreupel Hart
persoanlike bysûnderheden
oare namme Lame Deer
nasjonaliteit (Sioux)
berne 18??
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn 7 maaie 1877
stjerplak Lame Deer (Montana)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e
    Minnikonzjû-Lakota
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Kreupel Hart (Ingelsk: Lame Deer; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), 18?? – Lame Deer (Montana), 7 maaie 1877) wie in opperhaad fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard benammen bekend troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't in Yndiaanske koälysje de Amerikaanske kavalery in ferpletterjende nederlaach tabrocht.

Kreupel Hart waard yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in foaroansteand opperhaad fan 'e Wakpokinyan-troep, dy't ta de Minnikonzjû-stamme fan 'e Lakota- hearde.

Fan 1866 oant 1867 focht Kreupel Hart mei yn 'e Oarloch fan Reade Wolk, wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, besochten om it Amerikaanske Leger te ferdriuwen út 'e forten dy't it tsjin 'e ferdraggen yn by it Bozeman Trail lâns boud hie. Hoewol't se yn dy opset slaggen, wie Kreupel Hart in tsjinstanner fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dat in ein oan dy oarloch makke. Hy seach nammentlik yn dat de Amerikanen har net oan har ûnthjitten hâlde soene, sa't se dat ek yn it ferline net dien hiene.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, dy't útbriek om't de Amerikanen har yndie neat gelegen lizze lieten oan it Ferdrach fan Fort Laramie, focht Kreupel Hart op 25 en 26 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingelen en oan 'e lêste man ta útrûgen. Op 7 maaie 1877 wied er ek oanwêzich by de Slach oan de Little Muddy Creek.

Op 7 maaie 1877 kaam Kreupel Hart om yn súdeastlik Montana, doe't syn doarp oanfallen waard troch Amerikaanske troepen ûnder befel fan kolonel Nelson A. Miles. It stedsje Lame Deer, dat letter likernôch oardel kilometer nei it noardeasten ta ûntstie, is nei him ferneamd. Hjoed de dei is dat it haadplak fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading, op dizze side.