Springe nei ynhâld

Krasnodar

Ut Wikipedy
Krasnodar
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Territoarium Krasnodar
Gemeente Krasnodar
Sifers
Ynwennertal 744.995 (2010)
Oerflak 860 km²
Befolkingstichtens 866,3 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte 25-30 m
Oar
Stifting 1794 (stedsrj. 1867)
Tiidsône UTC+4
Simmertiid UTC+3
Koördinaten 45°02′N 38°58′E
Webside www.krd.ru
Dizze side giet oer de stêd Krasnodar. Foar oare betsjuttings, sjoch: Krasnodar (betsjuttingsside).
Lizzing kraj Krasnodar yn Ruslân

Krasnodar (Russysk: Краснодар, Krasnodar; klam op it lêste wurdlid) is in stêd mei sa’n 745.000 ynwenners (2010; folkstelling 2002: 646.000) oan 'e rivier de Koeban, yn it súdeasten fan Jeropeesk Ruslân. It is de haadstêd fan it territoarium (kraj) Krasnodar. De stêd Krasnodar leit op likernôch 1.250 km fan Moskou en op sa’n 80 km noardeastlik fan 'e Swarte-Seehaven Novorossiysk.

De stêd waard yn 1793 stifte as in fêsting fan 'e kozakken dy't ûnderdiel útmakke fan 'e ferdigening fan 'e grins mei it Osmaanske Ryk. De fêsting krige de namme Jekaterinodar, "Geskink" (dar) "fan Katarina" (jekaterino) (dat is Katarina de Grutte). Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech de stêd him ta in wichtich hannelssintrum yn Súd-Ruslân en waakste de befolking bot oan.

Yn 'e Russyske Boargeroarloch keazen in protte Koebankozakken de kant fan 'e anty-bolsjewistyske Witen. Yn desimber 1920 waard de stêd omdoopt yn Krasnodar (krasno betsjut "read"). Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de stêd fan augustus 1942 oant febrewaris 1943 beset troch de Dútsers. Krasnodar rekke swier skansearre en moast nei de oarloch fannijs opboud wurde.

Ekonomy en ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Obelisk ta eare fan it 200-jierrich bestean fan 'e Koebankozakken (1897).

Krasnodar leit yn in tige fruchtber lânbougebiet (swarte ierde), dêr't as meast noarlike regio yn 'e wrâld ek tee produsearre wurdt. In protte yndustry yn 'e stêd hat te krijen mei de lânbou, lykas itensferwurking en de produksje fan lânboureau. De stêd hat in grut tal ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr’t de Koeban-Steatsuniversiteit (KoebGOe, stifte yn 1920) en de Koeban-Steatslânbou-universiteit (KGAOe, de grutste fan Ruslân, stifte yn 1922) de wichtichsten fan binne. Teffens binne der oaljeraffinaderijen.