Konservator
In konservator (of yn gruttere museä in haadkonservator) is de behearder fan in keunstsamling of in kolleksje fan oare foarwerpen en data mei artistike en/of wittenskiplike wearde.
Yn museä
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in grut museum is de haadkonservator de haadferantwurdlike dy't yn gearwurking mei de wittenskiplike stêf de opbou en ynstânhâlding fan 'e museumkolleksje beävensearret. Sa'n kolleksje kin bygelyks bestean út keunstfoarwerpen of oare saken fan kultuerhistoaryske of wittenskiplike wearde. Yn lytse museä kin de konservator himsels wier-wier bemuoie mei de konservaasje fan 'e kolleksje. Yn 'e regel wurket er dêrfoar lykwols gear mei in tiim fan mear ambachtlik spesjalisearre restaurators. Yn grutte museä bart de restauraasje ûnder it tafersjoch fan 'e konservator dy't oer de oangeande dielkolleksje giet.
In konservator of haadkonservator stalt fierders de permaninte tentoanstelling fan in museum gear en organisearret wikseltentoanstellings. Foar dat lêste wurk kin lykwols ek in gastkonservator oanlutsen wurde, dy't spesjalisearre is oangeande it oanbelangjende ûnderwerp. Fan in konservator wurdt ferwachte dat hy of sy de kolleksje ûntslút troch dy te dokumintearjen en ek troch it jaan fan lêzings en it publisearjen fan publykskatalogussen en wittenskiplike artikels yn faktydskriften. Hieltyd faker bart de katalogisearring fan sa'n museumynventaris mei help fan digitale middels. In mooglike foaroplieding is foar in konservator de stúdzjerjochting keunstskiednis, of foar in natoerhistoarysk museum de rjochting biology.
De term 'haadkonservator' wurdt faak brûkt as min ofte mear synonym mei 'museumdirekteur', al hawwe gruttere museä njonken in 'artistysk direkteur' (de haadkonservator) ek in 'ekonomysk direkteur', dy't oer de sinten giet.
Ferskil mei kurator
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kurator is immen dy't foar in museum, meastal op projektbasis, in tentoanstelling organisearret en dêr de artistike ferantwurdlikheid foar nimt. Dat is mar ien fan 'e wurkmêden dy't in konservator hat, en 'konservator' is dus in folle rommer begryp. De term 'kurator' komt út it Ingelsk, en kin tsjintwurdich as synonym mei 'tentoanstellingsgearstaller' beskôge wurde, wylst in konservator mear in 'museumoppasser' is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |