Koatstertille
Koatstertille | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Achtkarspelen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.480 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,87 km², wêrfan: - lân: 7,40 km² - wetter: 0,47 km² | |
Befolkingsticht. | 330 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 12'N 6° 5'E | |
Lokaasje Koatstertille (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen | ||
Offisjele webside | ||
FB-side Koatstertille | ||
Kaart | ||
Koatstertille, yn de folksmûle ek wol koartwei "De Tille" neamd, is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen. It doarp leit east fan de Burgumer Mar oan it Knillesdjip.
Under it doarp falle ek de buorskippen De Koaten (foarhinne Koaten), Mûntsetille en Opperkoaten.
Koatsterille hat 2.480 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan oarsprong wie Koaten in boeredoarp (Koaten is ôflaat fan Cottum dat wer komt fan koaterboeren, oftewol "de koaters"). Mei't yn 1571 de Spaanske ofsier en steedhâlder Caspar de Robles de opdracht joech om it Knillesdjip te graven, setten minsken harren nei de omkriten fan de brêge oer it kanaal nei wenjen en ferskode dus in diel fan it doarp. Dy delsetting krige de namme De Tille (de Fryske beneaming foar hege brêge).
Fynsten fan stikken dowestien oan de súdkant fan 'e Alde Dyk ferwize dêr nei it bestean fan in tsjerke út likernôch de 11e-12e iuw, dy't nei alle gedachten oan Sint-Benediktus wijd wie. Der wurdt oannommen dat dy tsjerke al foar de reformaasje ôfbrutsen waard. De tsjerke ferhûze neffens de tradysje letterlik stien foar stien nei it plak dêr't it hjoeddeiske hôf leit (Tillebuorren 45). Fan dy tsjerke bestiet in ôfbyld fan Jacobus Stellingwerf út 1722. Fierders binne fan dy tsjerke allinne in pear kleastermoppen bewarre bleaun. In tredde tsjerke waard boud yn Koaten, dy't foar de arbeiders fan De Tille te fier fuort lei en doe't dy ek wat yn de tsjerkeried te sizzen krigen, lieten hja de tsjerke ôfbrekke en yn 1882 op it hjoeddeiske plak werbouwe.[3]
Yn de 19e iuw ûntstie der mear warberens oan it kanaal. Der kaam in jeneverstokerij, in skipstimmerwerf en der waarden oan it kanaal ferskillende nôt- en oaljemûnen boud. De nôt- en oaljemûne Vries wie de lêste fan de mûnen fan Koatstertille. Dy mûne ferfong de yn 1865 ôfbaarnde nôtmûne fan Ritsma út 1858 en waard yn 'e jierren 1960 nei in eardere ûnttakeling yn 1939 foar in grut part ôfbrutsen. De stiennen romp baarnde yn 1986 ôf en dêrnei is alles opromme.[4].
By it omlizzen fan it kanaal om it doarp hinne ein jierren 1930 ûnstie der tusken de haven en it kanaal in dearinnend stik lân, dêr ferskate bedriuwen gebrûk fan makken. Dat hie ta gefolgen dat De Tille it doarp Koaten benefter liet en dêrom is yn 1959 de doarpsnamme Koaten opgien yn Koatstertille. Troch in wiziging fan it yndustrialisaasjebelied fan it Ryk waard Koatstertille oanwiisd as ûntwikkelingskearn.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Koatstertille stiet foar aktiviteiten it MFA It Tillehûs. De ynwenners fan Koatstertille wurde tradisjoneel foar rinkjespuiers útmakke.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Benediktustsjerke (Koatstertille).
De PKN-gemeente Koatstertille makket gebrûk fan de Benediktustsjerke. Sûnt 1966 waard fanút Droegeham in grifformeade tsjerke stifte. De grifformearde tsjerke waard yn 2022 foar it lêst brûkt en oerdroegen oan de gemeente om dêr flechtlingen yn op te fangen.[5]
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skoalle mei de Bibel Oranje-Nassau
- Iepenbiere Basisskoalle De Balkwar
- Kristlike Basisskoalle De Merlettes
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Angelsportferiening Koatstertille
- Doweferiening De Dowejager
- Fuotbalferiening Koatstertille
- Revuploech Koatstertille
- Toanielferiening Nij Begjin
- Tilster Tennisklub
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1955 | 1960 | 1964 | 1969 | 1973 | 1992 | 2000 | 2004 | 2006 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 961* | 1257 | 1458 | 1997 | 2380 | 2557 | 2517 | 2515 | 2533 |
Jier | 2012 | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 2547 | 2502 | 2432 |
(*) Koaten
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sybrand van Haersma (1766-1839), grytman
- Gauke Kootstra (1874–1942), bestjoerder
- Louw de Graaf (1930), politikus
- Arno Bunnig (1985), basketballer
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Survival Koatstertille
- De stifting Revuploech Koatstertille bringt dêr de lêste jierren de Nijjiersrevu fan Koatstertille.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Neffens in stien by it poepekrús oan de Harstewei waard dêr yn 1580 in Dútske lapkepoep fermoarde.
- Yn 1976 begûn minister Jos van Kemenade mei stimulearringsûnderwiis, foar bern mei efterstânsproblemen, ek op de skoallen yn Koatstertille.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Line 13: Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Tytsjerk - Ljouwert
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |