Springe nei ynhâld

Klaas Kielstra

Ut Wikipedy
Klaas Kielstra
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 16 novimber 1963
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
partij VVD
fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn 'e
Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 2019 – ...
foargonger Avine Fokkens
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 2015 - 2019
fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn 'e
Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 2012 - 2015
foargonger Aukje de Vries
opfolger Avine Fokkens
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 2011 - 2015, 2019 - ...
offisjele webside
Klaas Kielstra op Twitter

Klaas Kielstra (Drachten, 16 novimber 1963) is in Frysk VVD-politikus út Stiens.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kielstra wie fraksjefoarsitter foar de VVD yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. Sûnt 2011 siet er foar dy partij yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Nei't Aukje de Vries ophold as fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Steaten, folge Kielstra har op. De Vries gie nei de Twadde Keamer.

Kielstra as deputearre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Provinsjale ferkiezingen fan 2015, wêrby't Kielstra de listlûker fan e VVD wie, wie de VVD ien fan de partijen dy't meidie oan de ûnderhannelings foar in koälysje. Op 15 maaie waard it koälysje-akkoart presintearre. De VVD kaam yn de koälysje, mei CDA, FNP en SP. Kielstra waard de earste VVD'er yn de Deputearre Steaten fan Fryslân sûnt Ton Baas dêr fan 2003 oant 2007 yn siet. Kielstra krige yn syn portefúlje ûnder Bedriuwsfiering, Romtlike Untjouwing en Rekreaasje en Toerisme.

Wêrom as fraksjefoarsitter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kielstra wie listlûker foar de VVD by de Provinsjale ferkiezingen fan 20 maart 2019. De nûmer twa op de list, Avine Fokkens, hie op de ferkiezingsjûn by Omrop Fryslân al ferteld dat Kielstra net automatysk wer deputearre wurde soe, mocht de VVD yn it kolleezje komme.[1]

Dat die bliken yn april, in moanne nei de ferkiezingen,: de oare Steateleden fan de VVD hiene mear fertrouwen yn Fokkens as deputearre. Kielstra naam har plak yn as fraksjefoarsitter yn de Steaten.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: