Springe nei ynhâld

Keeseekoose Reservaat 66

Ut Wikipedy
Keeseekoose Reservaat 66
Keeseekoose 66 Reserve
polityk
haadplak Kamsack (Saskatchewan)
(bûten it eigentlike reservaat)
stamme Keeseekoose Earste Naasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
sifers
ynwenners 679 (2018)
oerflak 69,3 km²
bef.tichth. 9,8 / km²
oar
stifting 1874
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.keeseekoose.com
kaart
Keeseekoose Reservaat 66 (Saskatchewan)
Keeseekoose Reservaat 66
De lizzing fan it reservaat yn Saskatchewan.

It Keeseekoose Reservaat 66 (Ingelsk: Keeseekoose 66 Reserve) is in reservaat fan 'e Keeseekoose Earste Naasje (Keeseekoose First Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. It waard yn 1874 stifte as útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 4, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. It wie oarspronklik fêstige oan 'e igge fan 'e Swan yn súdeastlik Manitoba, mar jierlikse oerstreamings dêre twongen ta ferpleatsing fan it reservaat, mei as gefolch dat it binnen de grinzen fan Saskatchewan kaam te lizzen.

It Keeseekoose Reservaat 66 bestiet út 18 losse perselen lân, dy't sitewearre binne yn it súdeastlike diel fan Saskatchewan, oan 'e noardkant fan 'e rivier de Assiniboine, tusken de plakken Kamsack yn it suden en Pelly yn it noarden yn. It grinzget oan it Coté Reservaat 64 fan 'e Coté Earste Naasje. It haadkertier fan 'e Keeseekoose Earste Naasje is fêstige yn Kamsack, dat bûten it eigentlik reservaat leit. It Keeseekoose Reservaat 66 beslacht in oerflak fan 6.927,9 ha oftewol likernôch 69,3 km².

De bewenners fan it reservaat binne allegearre leden fan 'e Keeseekoose Earste Naasje. Hja binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), in Algonkwynsktalich folk dat ien fan 'e talrykste Yndiaanske groepen fan Kanada foarmet. De Odjibwe fan 'e Keeseekoose Earste Naasje hearre ta de subgroep fan 'e Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe of Saulteaux). Neffens ynformaasje fan 'e Keeseekoose Earste Naasje hie it Keeseekoose Reservaat 66 yn 2018 679 permaninte bewenners, oftewol 30,1% fan 'e leden fan 'e stamme. Dêrûnder wiene 361 manlju en 318 froulju. De befolkingstichtens fan it reservaat bedroech dêrmei yn 2018 9,8 minsken de km².

Ekonomy en foarsjennings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Keeseekoose Reservaat 66 beskikt oer in eigen basisskoalle, dy't oplutsen is fan hout en beton, mei in metalen dak, en behalven klaslokalen ek in gymnastykseal, in mienskipsromte, in fuotbalfjild en in atletykbaan omfiemet. Fierders binne der yn it reservaat in lyts winkelsintrum, in pompstasjon en in tsjerke. De wetshanthavening is yn 'e hannen fan 'e Royal Canadian Mounted Police (RCMP), dy't in plysjeburo yn it deunby leine Fort Pelly hat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: