Springe nei ynhâld

Karmel fan Lisieux

Ut Wikipedy
Karmel fan Lisieux

Carmel de Lisieux

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Lisieux
adres 37 Rue du Carmel
koördinaten 49° 08' N 0° 13' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bayeux
Ynformaasje bou
boujier 1838-1848
Webside
Side fan de Kamel fan Lisieux
Side kleaster
Kaart
Karmel fan Lisieux (Frankryk)
Karmel fan Lisieux

De Karmel fan Lisieux is in kleaster fan de karmelitessen yn Lisieux, Frankryk. It is it kleaster dêr't Theresia fan it Bern Jezus en it hillich Antlit wenne, dy't yn 1925 hillich ferklearre waard. Ek tsjintwurdich wennet der noch in mienskip fan karmelitessen. De Karmel kin foar in diel besjoen wurde en der is bliuwend in eksposysje oer it libben fan Sint-Theresia.

It kleaster waard yn 1838 stifte. Foar de stifting waard in hûs mei tún oankocht. It hûs koe maklik ynrjochte wurde om fiif oant seis persoanen ûnder te bringen. Yn de jierren dêrnei waard it kleaster mei in pear bygebouwen útwreide en it slagge de mienskip der yn lytse stikken grûn njonken harren kleaster oan te keapjen. Yn 1848 waard de kleasterkapel foltôge.

Skryn fan Theresia fan Lisieux yn de kapel fan de Karmel

Yn 1888 die Theresia Martin yn 'e âldens fan 15 jier har yntrede yn it kleaster. Earder al wiene har twa âldere susters Pauline (yn 1882) en Marie (yn 1886) yntreden. Hja soe nei har ferstjerren oer de hiele wrâld bekend wurde. Yn 1894 foege ek harren suster Céline Martin har by de mienskip. Net earder yn de skiednis fan de oarder wennen der fjouwer susters út ien en deselde famylje yn itselde kleaster. Nei de dea fan Theresia waarden har skriften bondele en as "Histoire d'une âme" útjûn. Mear as 500 miljoen eksimplaren binne dêr fan ferkocht en it kleaster krige alle jierren tûzenen brieven út de hiele wrâld. De skryn fan Theresia stiet yn de kapel fan it kleaster.

Tsjin it ein fan de 19e iuw groeiden de spannings tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Tredde Republyk. Guon nonnen wiene benaud dat hja itselde lot diele soene as dat fan de karmeliten fan Compiègne. Safier kaam it net, mar de Frânske steat ferdreau yn 1903 de religieuze kongregaasjes út it lân (in soad muontsen en nonnen flechten nei Belgje). De karmelitessen fan Lisieux wisten lykwols oan it dekreet fan útsetting te ûntkommen en bleaune yn harren kleaster.

Nei de lannings yn Normandje yn juny 1944 kaam de stêd yn it front te lizzen. De stêd waard slim bombardearre troch de alliearden en de nonnen krigen fan harren religieuze superieuren de opdracht om foar it earst sûnt harren yntrede it kleaster te ferlitten en mei de hiele mienskip te skûljen yn de krypte fan de nije basilyk fan Lisieux. De ferballing út it kleaster duorre 80 dagen. Op 27 augustus kinne de susters werom nei de Karmel, twatredde fan Lisieux wie ferneatige mar de Karmel wie sparre.

Tsjin it ein fan de 20e iuw naam de oanwaaks fan nije nonnen ôf. De mienskip fergriizge en de karmeliten fregen harren ôf oft it sa wol duorje koe. Yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum fan de stjerdei fan Sint-Theresia waard der mienskiplik neitocht oer de fraach hoe't de takomst der út moast komme te sjen. Der waard in oprop dien oan alle Karmels fan Frankryk om nonnen te freegjen harren by Lisieux oan te sluten. Nonnen út ferskillende kleasters fan Frankryk en oare lannen joegen gehoar oan dy oprop en der waard ek wurke oan it renovearjen fan de fersjennings fan it kleaster. Yn 2009 wennen der 24 nonnen yn 'e âldens fan 24 oant 92 jier.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Carmel de Lisieux