Springe nei ynhâld

Johannes Draaijer

Ut Wikipedy
Johannes Draaijer
sporter
Johannes Draaijer (1987)
Johannes Draaijer (1987)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 8 maart 1963
berteplak Nijemardum
stjerdatum 27 febrewaris 1990
stjerplak Hoeven
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1981
karriêre-ein 1990

Johannes Draaijer (Nijemardum, 8 maart 1963 - Hoeven, 27 febrewaris 1990), wie in Fryske hurdfytser.

Draaijer wûn as fjirtjinjierrige boeresoan it kampioenskip fan Gaasterlân foar net-lisinsjehâlders yn Balk. Hy begûn syn KNWU- fytskarriêre op 19 juny 1980 by Fytsferiening Olympia. Nei in skoft by de junioaren waard er yn 1981 amateur. Syn earste oerwinning helle er op 15 juny 1984 yn Ie. De resultaten fan de HTS-yngenieur foelen op en hy kaam by de sponsorformaasje Jo van Aarle Auto's/Ecco Schoenen.

Yn 1986 waard de kampioen fan Fryslân opnomd yn de nasjonale seleksje fan bûnscoach André Boskamp. It wie in teloarstelling dat hy net starte koe op it WK yn Colorado Springs (USA). 1987 wie in goed jier foar de ynwenner fan Sondel. Yn de wichtige etappekoers foar amateurs, de Fredeskoers, wûn er de fyftjinde etappe foar ferneamde lju as Uwe Raab, Uwe Ampler en Atle Kvalsvoll. Ek de fjintjinde etappe wûn er troch Djamolidine Abduzhaparov út de Sovjet-Uny te ferslaan. Yn it einklassemint waard hy fjirtjinde. Troch de "Club van 48" waard Johannes útroppen ta 'meast beloftefolle fytser fan it jier', ek om't er foar de twadde kear kampioen fan Fryslân én, op 27 juny 1987, kampioen fan Nederlân by de amateurs waard.

Op 1 jannewaris 1988 krige er in profkontrakt by PDM ûnder lieding fan ploechlieder Jan Gisbers. Yn syn earste jier by de breariders gie it de nei it Brabânske Hoeven ferhuze Draaijer net sa foar de wyn. Gryp soarge foar opjefte yn de Omloop fan Switserlân en sadwaande wie der gjin startgelegenheid foar him yn de Omgong fan Frankryk. Mar it jier dêrop koe Gisbers net om Johannes Draaijer hinne, al wie der foar him, meidat alles by PDM om Steven Rooks draaide, allinnich in feinterol weilein.

Draaijer ferstoar yn 1990 26 jier âld oan in hertstilstân. Nei de autopsje waard de offisjele deaferklearring lykwols op widzedea steld. Geroften dat doping in rol spile hat by de dea fan Draaijer waarden sterke troch it feit dat koart dêrfoar ek de hurdfytsers Bert Oosterbosch (32) en Connie Meijer (25) oan in hertstilstân ferstoarn wiene. De dea fan dy fytsers, en ek dy fan Draaijer, waard letter – wol sûnder oertsjûgjend bewiis – taskreaun oan eksperiminten mei EPO, in middel dat yn dy tiid krekt troch de sportwrâld ûntdutsen waard.

  • 1988
    • 2e Oostakker;
    • 3e yn 6e b-rit Fjouwerdeiske fan Dúntsjerk
    • 3e yn 3e rit Katalaanske Wike
    • 8e Profomgong fan Fryslân
    • 8e Putte-Mechelen; 10e yn 3e rit Omgong fan Switserlân
    • 12e Tour de l'Oise
    • 19e Omgong fan Lúksemburch (18e in 2e rit; 19e yn 5e rit)
    • 21e Omgong fan Nederlân (13e yn 5e rit; 15e yn 2e rit; 17e yn 1e rit)
    • 27e Rund um den Henniger Turm
  • 1989
    • 2e Profronde fan Surhústerfean
    • 2e yn 2e rit Omgong fan Astuerje
    • 4e Roosendaal; 18e Omgong fan Murcia (1e yn 1e rit)
    • 18e Sisyljaanske Fytswike
    • 13e yn 3e rit en 17e yn de prolooch fan de Omgong fan Nederlân
    • 20e yn 20e rit Omgong fan Frankryk
    • 23e Wincanton Classic; 41e Omgong fan Flaanderen
    • 45e Parys-Roubaix; 130e einklassemint Omgong fan Frankryk
  • 1990:
    • 4e yn 1e a-rit fan de Sisyljaanske Fytswike

Jurjen Draaijer, broer van Johannes, 22 desimber 1970 fytste by fytsferiening Olympia fan It Hearrenfean. Hy helle as HTS-studint efter Johannes Veenstra, in sulvere medalje op it offisjeuze kampioenskip fan Fryslân Tiidriden yn Rie. Letter fytste Jurjen foar Snits.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: