Joäsj fan Juda
Joäsj (Hebriuwsk: יוֹאָשׁ) wie in kening fan it keninkryk Juda. It regear fan Joäsj wurdt tusken de jierren 835 - 796 f.Kr. datearre.
Joäsj wie de iennige telch fan it Hûs fan David dat oan de prinsenmoard fan de tirannike Atalja ûntkaam. Nei't kening Achazja yn Israel troch in moard ferstoar, liet Atalja, Achazja's mem dy't út Israel kaam en in strategysk houlik sletten hie mei syn heit Joaram, alle soannen út it Hûs fan David mei in oanspraak op de troan ombringe. Sa koe Atalja allinnich oer it lân hearskje.
Joäsj waard lykwols troch Josjabat, in suster fan de fermoarde kening, op 'e tiid út it paleis helle en dûkte ûnder yn de timpel by de hegepryster Jojada. Nei't Atalja seis jier keninginne wie en Joäsch sân waard, like it Josjaba geunstich om him ta kening te kroanen. Nei't Jojada him fersekere hie fan foldwaande stipe en beskerming, makke hy bûten it witten fan de keninginne it lân op foar de kroaning fan Joäsch. De keninginne kaam der pas achter doe't de opstân al fûleindich oan de gong wie en Joäsch al kroand wie ta de nije kening fan Juda. In lilke Atalja besocht it feest noch te fersteuren, mar hja waard grepen en by de poarte fan it paleis om it libben brocht.
As kening tsjinne Joäsh it lân sa lang as de hegepryster Jojada libbe sa't God dat ha woe. Hy liet de timpel restaurearje en liet foar dat doel in ûnbidich grut bedrach ynsammelje. Mar nei de dea fan Jojada liet de kening syn earen hingje nei oaren en op 'e nij krige de ôfgoaderij wer alle kâns yn it lân. Profeten dy't de elite fan it lân oprôpen om wer it rjochte paad te gean waarden negearre. Oant Sekarja, de soan fan Jojada, it folk taspriek. Hy warskôge dat no't Juda him ôfkeard hie fan de Hear, de Hear Him ek ôfkeare soe fan Juda. Sekarja waard oppakt en yn opdracht fan de kening op it foarhôf fan de timpel stiennige.
Sa liet de kening de soan fan syn rêder deadzje, dy't stoar mei de wurden "Lit de Hear it sjen en wraak nimme". Dêrop foel Aram-Damaskus it lân binnen. It Arameeske leger plondere Jeruzalim en de ôftocht fan de Arameeërs waard betelle mei al it goud út de timpel en it paleis. Mei kening Joäsj kaam it net mear goed. Syn eigen tsjinners fermoarden him, in noch ferlette wraakaksje om't er Sekarja deadzje litten hie. Joäsj. Joäsh hie fjirtich jier regearre en waard opfolge troch Amasja.[1] [2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|