Jeri Ryan
Jeri Ryan | ||
akteur | ||
Jeri Ryan yn 2014. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jeri Lynn Zimmermann | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 febrewaris, 1968 | |
berteplak | München (Dútslân) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Dútsk | |
jierren aktyf | 1991 – no | |
prizen | Satellite Award 1999 Saturn Award 2001 | |
offisjele webside | ||
www.jeri-ryan.net |
Jeri Ryan (berne as Jeri Lynn Zimmermann; München, 22 febrewaris, 1968) is in Amerikaansk aktrise dy't benammentlik bekend wurden is fan har rol as de befrijde Borg Seven of Nine, yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Voyager. Hja hie fierders fêste rollen yn 'e science fiction-searje Dark Skies, de dramasearje Boston Public en de plysjesearje Body of Proof. Yn 2020 kroep Ryan fannijs yn 'e hûd fan Seven of Nine foar de nije Star Trek-rige Star Trek: Picard.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ryan waard yn 1968 berne yn it (doe noch) Westdútske München, as de dochter fan Gerhard Florian "Jerry" Zimmermann, in sersjant 1e klasse yn it Amerikaanske Leger fan Dútsk etnysk komôf, dy't dêrsanne stasjonearre wie, en dy syn frou Sharon, in sosjaal wurkster. Se hat ien âldere broer, Mark. As legerbern groeide se op op in grut ferskaat oan legerbases yn 'e Amerikaanske steaten Kansas, Marylân, Hawaï, Georgia en Teksas. Doe't se alve jier wie, swaaide har heit ôf út militêre tsjinst en fêstige it gesin him yn it stedsje Paducah, yn 'e steat Kentucky.
Ryan gie nei de middelbere skoalle yn Lone Oak, en nei't se dy yn 1986 ôfrûne hie, studearre se oan 'e Noardwestlike Universiteit te Evanston, in foarstêd fan Chicago, yn Illinois. Yn har studintetiid die Ryan mei oan skientmewedstriden, en yn 1989 waard se keazen ta Miss Illinois. Yn 1990 berikte se it fjirde plak by de Miss America-ferkiezing. Datselde jiers studearre se ôf mei in bachelortitel yn teäter.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid ferfear Ryan nei Los Angeles, om in karriêre as aktrise nei te stribjen. Se makke yn 1991 har debút op 'e tillefyzje mei in gastroltsje yn 'e bekende komeedzjesearje Who's the Boss? Dêrnei folgen ferlykbere rollen yn û.m. de fantasytillefyzjesearje The Flash, it rjochtbankdrama Matlock, de detektivesearjes Murder, She Wrote en Diagnosis: Murder en de soapsearje Melrose Place. Se briek troch mei har rol as de bûtenierdske detektive Juliet Stuart yn 'e rige Dark Skies, út 1997. Hoewol't dy searje nei ien seizoen al stopset waard, hie se der de oandacht fan 'e science fiction-mienskip mei lutsen.
Datselde jiers noch waard Ryan útkeazen foar har bekendste rol, dêr't se wrâldferneamd mei waard, te witten: dy fan Seven of Nine yn 'e rige Star Trek: Voyager, út 'e Star Trek-franchise. Seven of Nine is yn dy science fiction-searje in minsklike frou dy't as jong famke "assimilearre" is troch de Borg, in grizelich ras fan sybernetyske bûtenierdske wêzens. Hja is sadwaande makke ta in tuskenbeiden wêzen dat heal fleis en bloed, heal masine is. Ryan joech har yn it fjirde seizoen fan 'e searje by de fêste cast, yn har no suver ikoanyske straksittende unifoarm, en de sjochsifers fan Star Trek: Voyager yn 'e Feriene Steaten fleagen ynienen mei 60% omheech. Se fertolke de rol fan Seven of Nine fan 1997 oant de ein fan 'e searje yn 2001, en groeide út ta in wier ynternasjonaal sekssymboal. Foar har rol fan Seven of Nine waard Ryan yn 1998 en 1999 nominearre foar de Saturn Award foar bêste aktrise yn in sjenresearje en yn 2000 foar bêste byrol fan in aktrise yn in sjenresearje. Yn 1999 wûn se de Satellite Award foar bêste aktrise yn in dramasearje en yn 2001 wûn se de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjesearje.
Nei't Star Trek: Voyager ôfrûn wie, spile Ryan fan 2001 oant 2004 de rol fan Ronnie Cooke yn it skoaldrama Boston Public, wylst se ek gastrollen hie yn û.m. de komeedzjesearje Two and a Half Men, de dramasearje The O.C., it rjochtbankdrama Boston Legal en de plysjesearje Law & Order: Special Victims Unit. Fierders spile se yn ferskate films, lykas de ûnôfhinklike film Men Cry Bullets (1999) en de romantyske film Down with Love (2003). Yn The Last Man (2000) spile se de lêste frou op 'e Ierde.
Fan 2006 oant 2008 hie Ryan ien fan 'e haadrollen yn it rjochtbankdrama Shark, mei as tsjinspiler James Woods. Ek hie se fan 2009 oant 2011 sân ôfleverings lang in weromkearende rol yn 'e dramasearje Leverage. Fan 2011 oant 2013 hie se in fêste rol yn 'e medyske misdiesearje Body of Proof, njonken Dana Delany. Fan 2014 oant 2017 wie se yn in weromkearende rol te sjen yn trije ôfleverings fan 'e plysjesearje Major Crimes. As Veronica Allen spile Ryan fan 2016 oant 2019 yn tolve ôfleverings fan 'e plysjesearje Bosch.
Yn 2020 kroep Ryan fannijs yn 'e hûd fan har súksesrol Seven of Nine foar in nije Star Trek-rige, te witten: Star Trek: Picard. Yn it twadde seizoen waard se in fêst lid fan 'e cast yn dy searje. Star Trek: Picard draait om admiraal b.tsj. Jean-Luc Picard út 'e rige Star Trek: The Next Generation, út 'e 1980-er jierren. Ryan wurdt yn 'e nije searje sadwaande feriene mei sir Patrick Stewart, in oare akteur dy't wrâlferneamd wurden is troch Star Trek. Op dy wize wurde twa Star Trek-ikoanen gearbrocht. Foar har wurk yn it earste seizoen fan 'e searje waard Ryan nominearre foar de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1990 kaam Ryan op in goeddiedichheidsevenemint yn 'e kunde mei de ynvestearringsbankier Jack Ryan, mei wa't se op 15 juny 1991 troude. Se krigen ien soan, Alex (1994). Jack Ryan wenne yn Chicago, wylst Jeri Ryan har karriêre yn Los Angeles hie. Harren hiele houlik troch reizgen se om bar op en del, oant se úteinlik op 27 augustus 1999 skieden.
Doe't Jack Ryan him yn 2003 kandidaat stelde foar de Amerikaanske Senaat, kaam er ûnder druk te stean om 'e reden foar de skieding iepenbier te meitsjen. Uteinlik bepaalde de rjochter yn juny 2004 dat alle offisjele stikken oangeande de skieding op 'e tafel komme moasten, ek al wiene sawol Jack as Jeri Ryan dêr op tsjin. Ut 'e stikken die bliken dat Jeri Ryan as direkte oanlieding foar de skieding opjûn hie dat Jack Ryan der by har op oanstien hie om seks mei him te hawwen yn iepenbiere romten en yn seksklubs yn New York, New Orleans en Parys. Jack Ryan hie al dy beskuldigings yn 1999 ûntkend, en doe't se yn 2004 iepenbier waarden, ûntstried er se op 'e nij. Hoewol't Jeri Ryan wegere hjiroer kommentaar te jaan, útsein ien koart kommunikee, soarge dizze affêre derfoar dat Jack Ryan him weromlûke moast út 'e striid om 'e senaatssit fan Illinois, wêrnei't syn wichtichste rivaal Barack Obama senator waard.
Nei har skieding fan har earste man gie Jeri Ryan yn 2000 in hoart om mei Brannon Braga, ien fan 'e produsinten fan Star Trek: Voyager. Dêrby waarden hja stalkt troch in Marlon Estacio Pagtakhan, dy't har neffens de berjochten yn 'e media brieven stjoerde wêryn't er Ryan mei ferkrêfting en Braga mei marteling bedrige. Pagtakhan waard yn maaie 2001 feroardiele foar stalking en bedriging.
Yn 2003 kaam Ryan, dy't hobbykok en frankofyl is, yn 'e kunde mei de Frânske sjef-kok Christophe Émé. It pear troude op 16 juny 2007 yn it Frânske departemint Maine-et-Loire, yn it fyftjinde-iuwske Château de Noirieux, ûnder Angers. Yn 2008 krigen se in dochter, Gisèle Émé, berne te Los Angeles. Tegearre wiene Ryan en Émé fierders fan 2005 oant 2010 eigner fan it restaurant Ortolan, ek yn Los Angeles.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1991 | Who's the Boss? | Pam | gastrol; ôfl. The Unsinkable Tony Micelli |
1991 | The Flash | Felicia Kane | gastrol; ôfl. The Deadly Nightshade |
1991 | Top of the Heap | Tyler | gastrol; ôfl. The Marrying Guy |
1991 | Nightmare in Columbia County | Dawn Elizabeth Smith | tillefyzjefilm; ek bekend as Victim of Beauty |
1991 | Nurses | Lisa | gastrol; ôfl. Mother, Jugs, and Zach |
1991 | Reasonable Doubts | Rachel Beckwith | gastrol; ôfl. Graduation Day |
1992 | Flash III: Deadly Nightshade | Felicia Kane | tillefyzjefilm |
1992 | Just Deserts | Nicole | tillefyzjefilm |
1993 | In the Line of Duty: Ambush in Waco | Rebecca | tillefyzjefilm |
1993 | The Jackie Thomas Show | Pauline Yardley | gastrol; ôfl. Jackie and the Model |
1993 | Matlock | Carrie Locke | gastrol; 2 ôfl. |
1994 | Time Trax | Lauren Sanders | gastrol; ôfl. Out for Blood |
1995 | Murder, She Wrote | Maura | gastrol; ôfl. Death n' Denial |
1995 | Charlie Grace | Claire | gastrol; ôfl. Designer Knock-Off |
1996 | The Client | Jennifer | gastrol; ôfl. The Morning After |
1996 | Melrose Place | Valerie Madison | gastrol; 2 ôfl. |
1996 | Diagnosis: Murder | Melissa Farnes | gastrol; ôfl. Murder by the Book |
1996 | Pier 66 | Beth Saunders | tillefyzjefilm |
1997 | Dark Skies | Juliet Stuart | haadrol; 8 ôfl. |
1997–2001 | Star Trek: Voyager | Seven of Nine | fêste rol; 102 ôfl. Satellite Award foar bêste aktrise yn in dramasearje (1999) Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjesearje (2001) 2 × nom. Saturn Award foar bêste aktrise yn in sjenresearje (1998 & 1999) nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn sjenresearje (2000) |
1999 | The Sentinel | Alexis Barnes | gastrol; 2 ôfl. |
1999 | Dilbert | Seven of Nine-wekker | gastrol; ôfl. The Gift |
2001–2004 | Boston Public | Ronnie Cooke | fêste rol; 59 ôfl. |
2004–2011 | Two and a Half Men | Sherri | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2005 | The Commuters | Anne | tillefyzjefilm |
2005 | The O.C. | Charlotte Morgan | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2006 | Boston Legal | Courtney Reese | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2006–2009 | Iron Chef America | n.f.t. | dielnimmer oan in reality-itensiedersprogramma; 2 ôfl. |
2006–2008 | Shark | Jessica Devlin | fêste rol; 34 ôfl. |
2009 | Law & Order: Special Victims Unit | Patrice Larue | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2009–2011 | Leverage | Tara Cole | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2010 | Dead Lines | Sophie Fyne | tillefyzjefilm |
2010 | Psych | dokter Kim Phoenix | gastrol; ôfl. The Head, the Tail, and the Whole Damn Episode |
2010 | Secrets in the Walls | Rachel Easton | tillefyzjefilm |
2011 | Law & Order: Criminal Intent | Naomi Halloran | gastrol; ôfl. Boots on the Ground |
2011 | Mortal Kombat: Legacy | Sonya Blade | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2011–2012 | Warehouse 13 | majoar Amanda Lattimer | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2011–2013 | Body of Proof | Kate Murphy | fêste rol; 42 ôfl. |
2014–2017 | Major Crimes | Linda Rothman | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2014 | Helix | Constance Sutton | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2015 | NCIS | Rebecca Chase (2e eks-frou fan Gibbs) | gastrol; ôfl. Check |
2015 | Arrow | Jessica Danforth | gastrol; ôfl. The Candidate |
2016 | Against the Wild: Survive the Serengeti | Jennifer Croft | tillefyzjefilm |
2016–2019 | Bosch | Veronica Allen | weromkearende rol; 12 ôfl. |
2020–no | Star Trek: Picard | Seven of Nine | fêste rol; >10 ôfl. nom. Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje |
2020 | The Ready Room | n.f.t. | gast yn in praatprogramma; 2 ôfl. |
2020 | MacGyver | Gwendolyn Hayes | weromkearende rol; 3 ôfl. |
films | |||
1999 | Men Cry Bullets | Lydia | |
2000 | The Last Man | Sarah | |
2000 | Disney's The Kid | gast fan Larry King | |
2000 | Dracula 2000 | Valerie Sharpe | ek bekend as Wes Craven Presents: Dracula 2000 |
2003 | Down with Love | Gwendolyn | |
2010 | Mortal Kombat: Rebirth | Sonya Blade | koarte film |
2019 | Devil's Revenge | Susan | |
fideospultsjes | |||
2001 | Star Trek: Voyager – Elite Force | Seven of Nine | as stimaktrise; yn patch 1.2 en it Expansion Pack |
2014 & 2020 | Star Trek Online | Seven of Nine | as stimaktrise |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Jeri Ryan
- (in) Folsleine filmografy fan Jeri Ryan yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografy fan Jeri Ryan op StarTrek.com
- (in) Biografy fan Jeri Ryan op Memory-Alpha.org
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|