Springe nei ynhâld

Helgolân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hilgelân)
Helgolân
Helgolân (foar) en Düne (efter)
Helgolân (foar) en Düne (efter)
polityk
lân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
Landkreis Pinneberch
sifers
ynwennertal 1.246 (31 desimber 2017)
oerflak 1 km² [1]
offisjele webside
www.helgoland.de
Helgolanner kliffen en de 61,3 meter hege Pinneberch.

Helgolân (ek: Hilgelân, Noardfrysk: Deät Lun (It Lân), Dútsk: Helgoland, Ingelsk: Heligoland) is in eilân yn de Noardsee. Helgolân leit yn de Helgolânske Bocht, dat ûnderdiel is fan de Dútske Bocht, en leit sa'n 69 kilometer noardlik fan Cuxhaven. It eilân falt ûnder de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Neist Helgolân leit it eilantsje Düne. Tegearre foarmje dy twa eilannen de eilannegroep Helgolân. Helgolân is gjin ûnderdiel fan it Dûanegebiet fan de Europeeske Uny, dat de winkels kinne harren produkten belestingfrij ferkeapje.[2]

It fan oarsprong Fryske eilân waard yn augustus 1714 ûnderdiel fan Denemarken, en op 11 septimber 1807 as gefolch fan de Napoleontyske Oarloggen ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk. Op 1 july 1890 droech it Feriene Keninkryk Helgolân middels ferdrach oer oan it Dútske Ryk. Hjoed-de-dei prate de bewenners fan it eilân Noardfrysk, Dútsk of Nederdútsk. De Noardfryske fariant Helgolânsk of Halûndersk, wurdt yn it eilândialekt Halunder neamd.

Byldbepalend foar Helgolân binne de 50 meter reade kliffen en de frijsteande rots 'Lange Anna'. Neist it belestingfrij winkeljen stiet it eilân, en foaral it lytsere eilantsje Düne, bekend om de seehûnen en seerobben dy't op de strannen tahâlde.

Foar de 19e iuw wienen der ferskate nammen foar it eilân yn gebrûk. Dy nammen binne op âlde kaarten oerlevere. Foarbylden binne 'Heelge Landt', 'Heiligland' en 'Hilliglandt'. Yn it Standertfrysk wurdt gauris de namme Hilgelân brûkt. 'Hilgelân' soe stean kinne foar hillich lân. In oare Standertfryske fariant, in streekrjochte oersetting fan it Dútske 'Helgoland', is Helgolân.

Yn it Halûndersk hjit it eilân Deät Lun (it lân).

It eilân wie yn de tiid fan de misjonarissen Willibrord (om 700) en Liudger (om 785) bekend as Forsitelân of Fostelân. Forsite wie in Fryske heidenske God en soe mei it eilân ferbûn west hawwe.[3][4]

Lokaasje fan Helgolân
Reade kliffen fan Helgolân

Helgolân leit yn de Helgolânske Bocht, dat ûnderdiel is fan de Dútske Bocht, en leit sa'n 69 kilometer noardlik fan Cuxhaven. Bestjoerlik is it eilân ûnderdiel fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en it distrikt (Landkreis) Pinneberch. It haadeilân is 1 km² grut en der wenje 1.246 minsken (2017).[5] It eilân is bekend om syn steile reade rotsen. De Lange Anna is in frijsteande rots oan de noardkant en is in symboal fan Hilgelân.

It oerflak fan de folsleine gemeente Helgolân is 4,2 km². Dêrby hearre dielen fan de see en it havengebiet.

Sûnt de stoarm fan 1720/21[6] is Hilgelân fan Düne skieden.

Op it eilân wurdt in ûnderskied makke tusken boppelân, ûnderlân en middelân. It ûnderlân rint fan it súdwesten nei it noardeasten om de sa likernôch 50 meter hege reade rotsen hinne. Oan de noardeastkant fan it eilân is in lyts strân, mar troch de sterke streaming net gaadlik om dêr te swimmen. De havens fan Helgolân lizze oan de súdein fan it ûnderlân. Mei it opblazen fan de bunkers en de bombardeminten dy't dêrop folgen, is it middelân ûntstien. It súdeastlike diel fan it boppelân is mei huzen beboud. Op it boppelân is ek it heechste punt fan Helgolân, de saneamnde Pinneberch mei in hichte fan 61,3 meter.[7]

Panorama fan it ûnbeboude diel fan it boppelân, fanôf de Pinneberch sjoen. It ûnderlân en middelân binne op dizze foto net te sjen.
Panorama fan it ûnbeboude diel fan it boppelân, fanôf de Pinneberch sjoen. It ûnderlân en middelân binne op dizze foto net te sjen.

Helgolân waard yn de 7e iuw troch Friezen bewenne. Neffens in berjocht fan de kristlike misjonaris Willibrord wie kening Redbad om 700 hinne in skoftlang op it eilân. Willibrord besocht de Hilgelanner Friezen yn it tiidrek 690-714 fergees te kerstenjen. 100 jier letter slagge it Liudger en bekearje de Hilgelanners.

Helgoland om 1900 hinne

Yn de 12e iuw foel Hilgelân formeel ûnder de Deenske kroan. It eilân is bekend wurden om syn piraten. It kin goed wêze dat de Likedielers it eilân om 1400 hinne as thúshaven brûkten. Yn de iuwen dêrnei foel Hilgelân formeel ûnder it hartochdom Sleeswyk, dat ûnder de Deenske kroan stie.

Deensk en Ingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1714 wurdt it eilân ferovere troch Denemark. De Britten besetten Helgolân yn 1807 en makken der ien fan harren koloanjes fan. De Ingelsken makken yn it tiidrek 1808-1813 gebrûk fan it eilân as smokkelplak omdat Napoleon it grutste part fan Europa beset hie. De Ingelske keninginne Victoria betanke de Hilgelanners dêrfoar troch se frij te stellen fan belesting. [8][9] Yn 1890 ruilje de Britten Helgolân foar it Dútske eilân Sansibar (no part fan Tanzania). Hilgelân waard dêrnei in gemeente fan 'e Kreis Pinneberg. Nei de oername troch Dútslân hold Hilgelân syn belestingprivileezje.

Twadde Wrâldkriich en weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hilgelân om 1929/30 hinne

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Helgolân fan militêr belang. De Kriegsmarine boude ûnder de reade rotsen in beskermhaven foar syn ûnderseeboaten. Op it eilân Düne waard in fleanbasis foar de Luftwaffe oanlein. Nei in oanfal fan de Britske loftmacht op 18 april 1945 wie it eilân ûnbewenber en de befolking moast nei de fêstewâl. Dêrfoar hienen fyftjin Hilgelanners besocht om kontakt te sykjen mei de Britten om in Britske loftoanfal foar te kommen. Lykwols waarden se op de dei fan de Britske loftoanfal pakt. Trije dagen letter, op 21 april, waarden sân fan de fyftjen Hilgelanners deasketten troch de Dútsers.

Op 18 april 1947 besochten de Britten mei 6700 ton springstof it eilân op te blazen. Dat wie de grutste net-nuklêre eksploazje ea. Op 20 desimber 1950 setten twa studinten mei harren learaar nei it ûnbewenne eilân. Dêr stutsen hja de Dútske flagge, de flagge fan de Europeeske Beweging en de flagge fan it Hilgelân yn ‘e grûn. Troch dy aksje kaam der in beweging op gong om it eilân te rêden. Yn jannewaris 1951 kaam it fersyk fan it Dútske parlemint om it eilân werom te jaan. De Britten joegen Hilgelân op 1 maart 1952 werom oan West-Dútslân.

Krater fan in 5000 kilo bom.

Yn 1952 waard der in kommisje foarme foar de weropbou fan it eilân. Georg Wellhausen, dy't him by de weropbou fan Hamboarch fertsjinstlik makke hie, krige de lieding oer de kommisje. Wellhausen woe de huzen op deselde manier delsette as foar de oarloch. By de âlde bebouwingsstruktuer fan it eilân wie nammentlik al rekken holden mei de hurde seewyn. It súdlike part fan it eilân feroare fan foarm troch Alliearde bommen, it saneamde 'Middellân' (Mittelland) ûnstie. Wellhausen woe dy nije lânskipsformaasje gewurde litte. Op it Middellân waarden in sikehûs en bejaardehûs boud. Wellhausen en syn meiwurkers hawwe mei in soad bouwurken it hjoeddeistige byld fan Helgolân bepaald. Foar in part lieten Wellhausen en syn meiwurkers har ynspirearje troch foarbylden út Skandinaavje, lykas mei de kleurrike houten húskes by de haven. Mei de weropbou kamen der ek mear toeristen nei it eilân. Yn 1962 krige Helgolân it nasjonaal erkende predikaat Nordseeheilbad. Yn 1967 wie de weropbou fan Helgolân offisjeel ôfsletten.

De "Hummerhütten" of "Hummerbuden" (kreefthutten) op it ûnderlân binne it resultaat fan ien fan de bouprojekten fan de weropbou fan Helgolân.

Yn de 1960'er jierren naam it oantal toeristen allinnich mar ta. Dat feroare oan it begjin fan de 1970'er jierren. Doe krige Helgolân hieltyd mear it goedkeap imago troch it belestingfrije guod dat der ferkocht waard. Der kamen minder toeristen en op de fêstewâl wienen de minsken net mear ûnder de yndruk fan de weropbou. Dêrnei sette Helgolân folle mear yn op saken as natuer, om sa it eilân wer populêr te meitsjen by de toeristen. Fan de rike skiednis binne bunkerresten, ynslachkraters en it middellân te sjen.

Yn 2008 kaam de gemeente Helgolân mei in plan om de eilân Helgolân en Dune, dy't sûnt 1721 fan elkoar skieden binne, wer mei elkoar te ferbinen. Yn 2011 waard der in referindum holden oer dy eilânferbining. Fan de 1065 jildige stimmen wienen 583 (54,74 %) tsjin en 482 (45,26 %) foar. It plan waard fuortsmiten.

Sûnt 2015 hat de gemeente behoarlike ynkomsten fan in wynmûnepark dat 25-30 kilometer noardlik fan Helgolân leit.[10] Troch it wurk yn de wynyndustry en it toerisme feroaret de gearstalling fan de eilanner befolking ek. Sa waard by de gemeenteriedsferkiezings fan it eilân ek de Poalske taal by de ferkiezingskampanje brûkt om stimmen te winnen.[11]

Op Helgolân wurdt it Halûndersk praat, in fariant fan it Frysk. Sûnt 2004 is it Halûndersk neist it Dútsk in offisjele bestjoerstaal wurden. Ienris yn de trije jier komme Friezen fanút Westerlauwersk Fryslân, Noardfryslân en Sealterlân op it eilân gear foar in Frysk kulturiel festival dat inkele dagen duorret: It Friesen-Droapen.

Likernôch de helte fan de "Halûnders" prate noch Frysk, fan de oare helte binne de measte Nedersaksysktalich. It Nedersaksysk is op Helgolân net erkind, mar hat yn hiel Dútslân wol de status fan rykstaal.

It Friezendroapen is in kultureel evenemint dat ornaris trije dagen duorret. It wurdt organisearre troch de gemeente Helgolân, de Fryske Rie en de dielsteat Sleeswyk-Holstein. It evenemint wurdt alle trije jier jier hâlden. Der binne yn dat wykein ferskate aktiviteiten op it mêd fan muzyk, sport of media. De dielnimmers komme út alle ferskillende Fryske lannen.

Alle jierren wurdt yn maaie de maraton fan Helgolân organisearre. De dielnimmers drave fiif rûntsjes fan 8,4 oer it boppe- en ûnderlân.[12] It oantal dielnimmers leit sa om de 200 hinne.

Replika fan de Stienkiste fan Helgolân.
Bunkerstelsel.

It Museum Helgolân hat útstallingen op it mêd fan natuerkunde en regionale skiednis fan it eilân. Sûnt 1996 is der in stifting dy’t it museum beheart. Neist ferskate útstallingen is der in museumplein, dêr’t replika’s fan de bekende kleurrike Helgolanner havenhúskes steane, mei yn de ferskillende húskes ferskillende skiedkundige ûnderwerpen. It museum is ek bekend wurden troch de replika fan de stienkiste fan Helgolân. It James-Krüss-Museum, wijd oan de skriuwer James Krüss, is ûnderdiel fan it Museum Helgolân.

Fan de âlde bunkerstelstels binne noch sa’n 400 meter ûnderierdske bunkers foar it publyk iepensteld en kinne mei in rûnlieding besichtige wurde. It krekt oantal kilometer oan bunkers op it eilân is noch hieltyd net mei krektens oan te jaan.

Sportferienings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Helgolân is oan de noardeastkant fan it ûnderlân in fuotbalfjild mei keunstgers en in atletykbaan mei in springkûle. De fuotbalôfdieling fan VfL Fosite Helgoland is (krekt as alle ferienings yn it 'Kreis Pinneberg') lid fan de Hamburger Fußball-Verband. Der binne gjin Helgolanner fuotbalploegen dy’t dielnimme oan in kompetysje. Redenen dêrfoar binne de lange reistiden en de hege kosten. Dêrom spylje de alvetallen fan de feriening inkeld freonskiplike wedstriden.

Ekonomy en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rots "Lange Anna"
It swimbad Mare Frisicum
Yn it súdlike havengebiet binne ferskillende grutte wynenerzjyfirma's fertsjintwurdige.
Fleanfjild op Düne

Fan 1826 ôf komt it toerisme op gong, earst as 'Seebad'. De skjinne lucht en de natoer en de rêst lûke in protte toeristen. Helgolân falt bûten it Europeeske en Dútske belestinggebiet. Op it ûnderlân binne in protte winkels te finen dy't sigaretten, sterke drank en parfum ferkeapje. Der binne sa likernôch 2200 bêden yn de ferskillende pensions, hotels, apparteminten, ensafh.

Tige nijsgjirrich is de frijsteande rots "Lange Anna" oan de noardkant fan it eilân. Bysûndere bisten binne de Jan-van-gent fûgels oan de westlike rotswand. Seehûnen binne meast te finen op de strannen fan Düne. Düne is ek it iennichste eilân mei strannen dêr'tst swimme kinst. It haadeilân Helgolân hat oan de noardeastkant wol in lyts strantsje, mar troch de sterke streaming is swimmen dêr gefaarlik. Wol is it mooglik om op it haadeilân te swimmen yn it swimbad 'Mare Frisicum'.

It eilân hat sa likernôch 100 arbeidsplakken foar minsken dy’t yn skiften fan 14 dagen op it eilân tahâlde. Der is wenromte foar de wurknimmers, dy’t faak fan de fêstewâl of fan bûten Dútslân komme, boud. It grutste hotel fan it eilân is gruttendiels oan wynenerzjyfirma’s ferhierd.

De Hafenprojektgesellschaft Helgoland mbH (HGH) stelde yn 2013 it súdlike havengebiet iepen foar de bou fan ûnderhâld- en servicesintra fan ferskate wynenerzjyfirma’s. De wynenerzjyfirma’s Lykas E.ON, RWE en WindMW bouden dêr sa’n servicepunt en betsjinje dêrmei ferskillende wynparken yn de Dútske Bocht. Yn 2014 waard der 23 kilometer noardlik fan Helgolân in grut wynpark oplevere, dêr’t de gemeente Helgolân oan meifertsjinnet.

  • Mei de fearboat kin men fan Cuxhaven nei it eilân komme. Der binne ek fluggere katamarans nei Helgolân. Dy farre fan Hamboarch, Wedel en Cuxhaven nei it eilân. Mei de fearboat duorret de reis sa likernôch 3 oeren, mei de katamaran 75 minuten.
  • Fleanmasinen fan de OLT fleane fan Bremerhaven en Heide-Büsum.
  • Tusken Helgolân en Düne fart in fearboatsje. Fan 08.00 oere oant 19.00 fart it boatsje om it healoere, dêrnei om 't oere. Hoe let de lêste boat fart hinget ôf fan it seizoen.
  • Oan de súdkant fan it eilân is in passantehaven.
  • It eilân is autofrij en der mei net fytst wurde. Der binne útsûnderings foar elektryske bestelweintsjes en de auto fan de plysje.
St. Nicolai tsjerke.

Ealwyn fan York skreau om it jier 800 in earste berjocht oer de besite fan de kristlike misjonaris Willibrord oan it eilân, dy’t sa likernôch 100 jier dêrfoar it eilân besocht hie. Yn dizze tiid waard de fêstewâl fan Sleeswyk-Holstein noch net troch kristlike misjonarissen kerstene. Ealwien hie it libben fan Willibrord opskreaun om him as hillige loovje te kinnen. Yn de skriften fan Ealwien falt lykwols net mei wissichheid ôf te lieden oft it wol om Helgolân giet. Yn it berjocht wurdt ek koart oer de religy fan de eilânbewenners en de god Fosite ferteld, dy’t oars nergens neamd wurdt. Der wurdt ek in wetterwel op it eilân beskreaun, dêr’t de minsken allinnich yn stilte wetter helje mochten. Mooglik hat Ealwien dat út de antike literatuer weihelle. Bûten de skriftlike boarnen fan Ealwien binne der gjin oare boarnen oer de oarspronklike religy fan it eilân, dat nei alle gedachten heidensk wie. Om 1900 hinne waard de Helgolanner god Fosite op it eilân as in personifikaasje fan it eilân brûkt, lykas Germanie foar de Dútske naasje brûkt waard. Willibrord hat yn alle gefallen gjin súkses op Helgolân hân. It earste kapeltsje soe pas om it jier 791 hinne troch de Fryske biskop Liudger boud wurde. Hy liet ek alle heidenske hillichdommen, wijd oan Fosite, stikken meitsje. Nei de reformaasje wienen der, oan ’e ein fan de 19e iuw ta, allinnich evangelysk-luterske bewenners op it eilân.

Tsjintwurdich is der in evangelysk-luterske tsjerkemienskip dy‘t sa’n 870 minsken beslacht en dêrmei in mearderheid op it eilân is. Op 29 novimber 1959 waard de evangelyske St.-Nicolai-Tsjerke ynwijd. De tsjerke is neamd nei de beskermhillige fan de seefarders en keaplju, Nikolaas fan Myra. De roomsk-katolike tsjerkemienskip fan Helgolân hat sa’n 140 leden. Sûnt de ynwijïng fan de St.-Michaels-Tsjerke op 27 juny 1971 hie Helgolân in katolike tsjerke op it plak dêr’t eartiids in kapel stie. De tsjerke is neamd nei de ierdsingel Michael.

Flagge fan Helgolân

De flagge fan Helgolân liket in soad op syn wapen. In flagge mei trije kleuren, fan boppe nei ûnder: Grien, Read en Wyt. Eltse kleur hat in eigen betsjutting, sa't yn dit ferske ta utering komt:

Dútsk Nedersaksysk Frysk

Grün ist das Land,
rot ist die Kant',
weiß ist der Sand,
das sind die Farben von Helgoland.

Green is dat Land,
roat is de Kant,
witt est de Sunn,
dat sünd de Farven van't Hilligelunn.

Grien is it lân,
Read is de râne,
Wyt is it sân,
Dit binne de kleuren fan Helgolân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It haadeilân Helgolân hat in oerflak fan 1 km². Düne is 0,7 km² grut. Yn dit artikel wurdt allinnich it haadeilân behannele.
  2. Webside fan it Eastenrykske Bundesministerium Finanzen: Zollgebiet der EU
  3. Alcuin, Vita Sancti Willibrordi, sa likernôch om 796, haadstik 9 o/m 12 (digitaal yn it Ingelsk)
  4. Altfridus, Vita sancti Liudgerii, sa likernôch om 840, haadstik 19
  5. Statisk Amt Nord (sjoen op 10 desimber 2018)
  6. Helgoland-1711/21
  7. 20 Jahre Helgoländer Gipfelkreuz – Quelle: https://www.shz.de/20906437 ©2018
  8. Die Mehrwertsteuer-Piraten von Helgoland (sjoen op 22.04.2010)
  9. Ein Stück Helgoland für zu Hause (sjoen op 22.04.2010)
  10. Webside welt.de: Chinesen kaufen Offshore-Windpark vor Helgoland (lêst sjoen op 22 novimber 2018)
  11. Webside welt.de: Wir werden immer jünge (lêst sjoen op 22 novimber 2018)
  12. NDR: Gute Bedingungen beim Helgoland-Marathon (sjoen op 12 desimber 2018)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hilgelân fan Wikimedia Commons.
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje