Springe nei ynhâld

Hearresleat

Ut Wikipedy
Hearresleat
Hearresleat tusken 1816-1827, troch Dirk Piebes Sjollema

De Hearresleat is in kanaal dat begjint yn It Hearrenfean en yn noardlike rjochting oan de eastkant fan it spoar bylâns Nijbrêge, Haskerdiken en Vegelinsoard rint. Ungefear by de Grevensmole komme de Hearresleat, Mûntsjerak, Nije Hearrenfeanster Kanaal en It Deel by inoar. Djipte oant -1,7 m.

De Hearresleat is in feanfeart en waard yn 1555 yn opdracht fan Piter fan Dekema, ien fan de hearen fan it fean, groeven foar it ferfier fan turf. Yn eastlike rjochting begûn men mei it graven fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Beide kanalen binne no net mear mei inoar ferbûn. Dêrfoar yn 't plak kaam de Lindegracht. Hjir lei eartiids ek in brêge, mar dy is ek ferfongen troch in oerklûzing.

Yn it sintrum fan It Hearrenfean slút de Hearresleat by de Hearrenwâlsterbrêge oan op de Engelenfeart. De westkant fan de Hearresleat is de Hearrewâl en de eastkant de Fok.

Brêgen yn de Hearresleat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Hearresleat lizze fjouwer beweechbere brêgen (sintrum It Hearrenfean fan súd nei noard).