Springe nei ynhâld

Gurbe Douwstra

Ut Wikipedy
Gurbe Douwstra
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 febrewaris 1954
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre trûbadoer
sjongtaal Frysk
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Cliffs of Moher
jierren aktyf 1979-no
offisjele webside
www.gurbedouwstra.frl

Gurbe Douwstra (Drachten, 17 febrewaris 1954) is in Fryske sjonger.

Douwstra is hikke en tein yn Drachten, dêr’t er op it Ychtus Kolleezje syn gymnasium-diploma helle. Hjirnei gie hy nei Grins. Nei syn tsjinsttiid waard hy sjoernalist foar de Ommelander Courant en kaam hy te wenjen yn Uthuzen. Nei in pear jier bedarre hy wer yn Drachten neidat Douwstra wurk krige by de Ljouwerter Krante. Begjin tachtiger jierren gie er oan de slach by Omrop Fryslân, hy wie dêr ferslachjouwer en letter muzykredakteur, presintator en gearstaller fan it streektaalmuzykprogramma 'Radio Froskepôle', dêr't hy hast 2500 ôfleveringen fan makke ha. Yn 2018 gie Douwstra, nei in tsjinstferbân fan mear as 36 jier, earder mei pensioen.

Op it Ychtus Kolleezje spile Douwstra al yn ferskate skoalbands. Hy stifte syn eigen band yn dy tiid, mei de namme Ltd. Dêrnei hat hy noch by in stik as wat groepen sitten, bygelyks Managisha, Zenith en fan 1979 oant 1982 by Maîtresse, dat dêrnei ophold te bestean.

Nei Maîtresse hat hy in skoftlang net mear mei de muzyk dwaande west, mar nei it skriuwen fan inkele lieten foar de trouwerij fan twa freonen begûn hy dochs wer. Hjir ûntstie de folkgroep Bêdbuks út en sûnt 1999 sjongt hy benammen solo. Stadich oan waard de rom fan Douwstra yn Fryslân grutter, yn 2001 hat dat laat ta it meitsjen fan syn earste kompakt skiif, Dizze Stoarm. Fan dizze skiif komt ûnder oare it ferneamde ferske Lit jim Gean Friezen. Fan 2005 is syn skiif Myn Eigen Paad, mei ûnder oare Cliffs of Moher. Sa stie er twa kear op de Fryske Music Night.

Douwstra is in sjonger/lietskriuwer, dy't syn ferskes bringt yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Dat docht er dan ek meast yn it Frysk. Syn lietsjes fariearje fan mankelike harklietsjes oant fleurige ferskes oer de (eigen)aardige saken fan it libben. De fariaasje yn teksten is dêrby al like grut as yn de muzyk, fan bytiden hast sintimenteel oant gekjeiende koartswyl, mei in best stik selsspot, mar wol allegear rjocht út it hert.

Fyftjin jier, fan 2002 oant en mei 2017 foarme hy mei syn kollega-trûbadoers Doede Veeman, Jaap Louwes en Piter Wilkens de gelegenheidsgroep ‘de Fjouwer Trûbadoers’. Mei-inoar hawwe se yn 2004 de skiif ‘Der Tuskenút’ útbrocht en yn 2007 ferskynde fan dit kwartet de twadde cd De âlde púndyk by del. Dit as opmaat fan in ‘ôfskiedstoernee’ yn de hjerst fan 2007. Mei Marcel Smit en Piter Wilkens trede er earst op ûnder de namme Douwstra, Smit & Wilkens mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma Frisicana wat yn 2019 in ferfolch krige mei Frisicana II en yntusken wurdt drok wurke oan in nij lietsjesprogramma 'Frisicana III, the originals', dat yn it seizoen 2020-2021 yn de sealen en teaters stiet,[1] Yn dit programma binne se yn harren ferline dûkt en bringe se ferskes oer en fan Amerikaanske - Americana artysten dy har ynspirearre ha, dit yn it Frysk en it Ingelsk.

Begjin 2020 sette Douwstra útein mei syn earste teater-lietsjesprogramma 'TePlak', in persoanlik libbensferhaal mei âlde en nije lietsjes út it sa stadichoan widdweidige repertoire fan dizze sjonger en lietskriuwer. Dit programma bringt hy foar it fuotljocht mei stipe fan de muzikanten Johanna van der Veen, Wander van Duin en Jan de Vries en ljocht- en lûdstechikus Remko Smids. De toernee van 'TePlak' moast yn maart 2020 hommels ûnderbrutsen wurde troch de útbraak fan it corona-firus, mar sil yn it seizoen 2020-2021 dochs noch ôfmakke wurde.

Ferskate ferskes fan Douwstra hawwe yn it ferline de Fryske Top 100 helle. Under oare syn nûmer Lit jim gean Friezen behelle hege posysjes yn de list. Syn nûmer Cliffs of Moher stiet sûnt 2008, mei twa kear in ûnderbrekking, yntusken tsien kear op it earste plak yn de list.

  • Dizze Stoarm (2001)
  • Myn eigen paad (2005)
  • Thús (2010)
  • Op 'en paad (2019)

De Fjouwer troebadoers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Der tuskenút (2004)
  • De âlde púndyk del (2007)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: