Springe nei ynhâld

Grutte Tsjerke (Elburch)

Ut Wikipedy
Grutte Tsjerke

Grote Kerk

Lokaasje
Provinsje Gelderlân
plak Elburch
koördinaten 52° 26'N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14896
Webside
Side fan de herfoarme gemeente
Kaart
Grutte Tsjerke (Elburch)
Grutte Tsjerke

De Grutte Tsjerke is in tsjerkegebou fan 'e herfoarme gemeente fan Elburch, provinsje Gelderlân.

It monumintale oargel

Op 18 juny 1397 joech de biskop fan Utert, Frederik fan Blankenheim, permisje om mei de bou fan in nije tsjerke yn Elburch útein te setten. De bou wie net sa deeglik en al yn 1448 wie in grutte ferbouwing nedich om it teloargean fan it gebou tefoarren te kommen. De weropbou fan 'e trijeskippige tsjerke hat yn alle gefallen noch oant 1465 duorre. Letter waarden de tsjerke ferboud ta krústsjerke en in sakristy tafoege.

De tsjerke wie yn 'e katolike tiid oan Sint-Nikolaas wijd. Mei in byldestoarm yn 1566 tsjinne de reformaasje yn Elburch oan. Sûnt 1580 waard de tsjerke definityf in protestantsk gebou. Ut de tiid fan foar de reformaasje datearje noch it koerhek en twa koarbanken.

Yn it rampjier 1672 fernielden bûtenlânske troepen de tsjerke. Ek natoergeweld soarge foar grutte skea, yn 1693 waard by swier waar de hege spits op toer troffen troch de bliksem. Letter waard besocht om de spits wer op te bouwen mar troch brek oan jild kaam der neat fan 'e plannen telâne.

Ek de Frânske Revolúsje brocht fernielings. Op 30 maaie 1795 stiften Ingelske soldaten brân yn de tsjerke. Njonken de wapenbuorden moast ek it tsjerkemeubilêr der oan leauwe. It oargel waard ferneatige en de pipen stikken slein. Yn 1797 waarden de noch besteande fresko's oan de muorren en it ferwulft oerfarve mei in wite kalklaach.

De tsjerke waard tusken 1970 en 1975 fan bûten en fan binnen restaurearre. By dy restauraasje waarden ek de oerkalke fresko's foar it ljocht helle.

Yn 1821 waard oan 'e Dútske oargelbouwer G.H. Quellhorst de opdracht jûn om in nij oargel foar de tsjerke te bouwen, dat op 11 april 1825 oplevere waard. Sûnt 1974 besit de tsjerke ek in koeroargel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: