Springe nei ynhâld

Groukopflinters

Ut Wikipedy

De groukopflinters (Hesperiidae) binne in famylje fan oerdeiflinters yn it skift fan de flinters (Lepiodoptera).

De famylje fan de groukopflinters bestiet út mear as 4.000 soarten. Dêrfan komme yn Europa 39 soarten foar. Groukopflinters wurde sa neamd omdat se yn ferhâlding ta de rest fan it lichem in grutte kop hawwe. Se hawwe deselde wize fan fleanen as de nachtflintersoarten.

De rûpen fan groukopkes libje tusken blêden dy byinoar spuonne binne. It binnenste fan de blêden is beklaaid mei spinsel. Fan dêrút meitsje se koarte útstapkes nei bûten. Se frette har fol en geane werom de blêden yn. In opfallend ferskynsel is dat de rûpen har eigen kjitte fier fuort sjitte sadat it eigen hús skjin bliuwt.

De flinters hawwe in lange roltonge. By guon skaaien moat der rûmte makke wurde foar de roltonge yn de pop. Guon roltongen wurde wol 16 mm lang.

De soarten yn dizze famylje like biologysk in soad opelkoar. Oer it algemien groeie de rûpen traach en lizze de flinters mar in pear aaikes. Se libje meastentiids yn it iepen fjild.

Ampittia virgata

Er binne sa’n 4.000 ferskillende soarten groukopflinters. Faak wurde dizze soarten yndield neffens de neikommende ûnderfamyljes.