Groucho Marx
Julius Henry (Groucho) Marx (New York, 2 oktober 1890 – Los Angeles, 19 augustus 1977) wie in Amerikaansk komyk fan Joadsk komôf, ien fan de Marx Brothers. Hy wie de tredde fan de fiif soannen fan Sam en Minnie Marx.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Groucho Marx begûn syn wurkpaad op toaniel; mei 15 jier figurearre er yn "The Leroy Trio". Hy die dêrnei fan alles, mar lykwols sûnder in protte súkses. Twa kear lieten de oare leden fan in selskip him sûnder in sint efter, earne yn in stêd fier fan hûs.
Doe't er mei syn bruorren it toaniel opgie, hie er foar it earst súkses mei de muzikale komeedzje I'll Say She Is.
Dy show waard folge troch noch twa Broadway hits: The Cocoanuts en Animal Crackers. Yn de lêste show spile Groucho Captain Spaulding, in type dat de rest fan syn libben syn hammelsmerk bliuwe soe.
The Cocoanuts en Animal Crackers wiene ek de earste films dy't de bruorren útbrochten. De films waarden doe opnaam yn New York; letter waarden sy allegear yn Hollywood opnaam.
De bruorren bouden in filmkarriêre op. Tagelyk gie Groucho yn letter jierren ek foar de radio oan de gong. Hy waard faak útnûge yn in soad programma’s en wie sels ek gasthear yn ferskate shows. It measte súkses hie er mei syn radiokomeedzje You Bet Your Life (1947). De show ferhuze letter nei telefyzje en waard útstjoerd oant yn 1961.
Groucho wie in Amerikaansk liberaal mei krityk op de polityk. Hy hie freonen ûnder de lju dy't yn de jierren 50 as kommunisten beskôge waarden yn de Feriene Steaten. Sadwaande die de FBI ûndersyk nei Groucho.
Groucho hie noch in comeback mei in show yn Carnegie Hall yn 1972 doe't de Marx Brothers ein jierren 60, begjin jierren 70, fannijs in skoft populêr wiene.
Op it filmfestival yn Cannes yn 1972 waard er ta Commandeur des Arts et Lettres lauwere en 1974 ûntfong er in spesjale Academy Award (Oscar) foar it wurk fan de Marx Brothers.
Groucho is op 19 augustus 1977 yn it Cedars Sinai Medical Center ferstoarn.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Groucho: It houlik is in moai ynstitút. Mar wa wol yn in ynstitút libje?
Groucho troude trije kear en skiede trijeris: Alimintaasje is itselde as in dea hynder mei hea fuorje. (Groucho Marx). Alle trije syn froulju wiene oan de alkohol rekke.
Namme | Boaske | Skieden | Bern |
---|---|---|---|
Ruth Johnson | 4 febrewaris 1920 | 15 july 1942 | Arthur en Miriam |
Kay Marvis (aka Gorcey) | 24 febrewaris 1945 | 12 maaie 1951 | Melinda |
Eden Hartford | 17 july 1954 | 4 desimber 1969 | – |
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film | Jier | Rol |
---|---|---|
Humor Risk | 1921 | Minnenien |
The Cocoanuts | 1929 | Mr. Hammer |
Animal Crackers | 1930 | Kaptein Jeffrey T. Spaulding |
Monkey Business | 1931 | Ferstekling |
The House That Shadows Built | 1931 | |
Horse Feathers | 1932 | Professor Quincy Adams Wagstaff |
Hollywood on Parade No.5 | 1932 | |
Duck Soup | 1933 | Rufus T. Firefly |
A night at the Opera | 1935 | Otis P. Driftwood |
Yours For the Asking | 1936 | Sinnebaaier (ekstra) |
A Day at the Races | 1937 | Doktor Hugo Z. Hackenbush |
Room Service | 1938 | Gordon Miller |
At the Circus | 1939 | J. Cheever Loophole |
Go West | 1940 | S. Quentin Quale |
The Big Store | 1941 | Wolf J. Flywheel |
Instatanes | 1943 | |
Screen snapshot No. 110 | 1943 | |
A Night in Casablanca | 1946 | Ronald Kornblow |
Copacabana | 1947 | Lionel Q. Deveraux |
Love Happy | 1949 | Sam Grunion |
Mr. Music | 1950 | Himsels |
Double Dynamite | 1951 | Emile J. Keck |
A Girl in Every Port | 1952 | Benjamin Linn |
Will Success Spoil Rock Hunter? | 1957 | George Schmidlap |
The Story of Mankind | 1957 | Peter Minuit |
Skidoo | 1968 | God |
Fierder lêze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Miriam Marx Allen, Love, Groucho: Letters From Groucho Marx to His Daughter Miriam (1992, ISBN 0-571-12915-3)
- Charlotte Chandler, Hello, I Must Be Going (1979, ISBN 0-14-005222-4)
- Stefan Kanfer, Groucho: The Life and Times of Julius Henry Marx (2000, ISBN 0-375-70207-5)
- Simon Louvish, Monkey Business: The Lives and Legends of the Marx Brothers (2001, ISBN 0-312-25292-7)
- Arthur Marx, Life With Groucho (1954, revised as My Life with Groucho: A Son's Eye View 1988, ISBN 0-330-31132-8))
- Arthur Marx, Son of Groucho (1972, ISBN 0-679-50355-2)
- Groucho Marx, Groucho and Me (1959, ISBN 0-306-80666-5)
- Groucho Marx, Memoirs of a Mangy Lover (1963, ISBN 0-306-81104-9)
- Groucho Marx, The Groucho Letters: Letters From and To Groucho Marx (1967, ISBN 0-306-80607-X)
- Groucho Marx, Beds (1977, ISBN 0-672-52224-1)
- Harpo Marx, Harpo Speaks (1961, fannijs besjoen, útbrocht as Harpo Speaks! 1985, ISBN 0-87910-036-2)
- Glenn Mitchell, The Marx Brothers Encyclopedia (1996, ISBN 0-7134-7838-1)
- Steve Stoliar, Raised Eyebrows: My Years Inside Groucho's House (1996, ISBN 1-881649-73-3)
- Julius H. (Groucho) Marx v. Commissioner of Internal Revenue, 29 T.C. 88 (1957)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marx Brothers fan Wikimedia Commons. |