Springe nei ynhâld

Gregoarius fan Utert

Ut Wikipedy
Gregoarius fan Utert
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gregorius
nasjonaliteit Frankysk
berne ±700
berteplak Trier (Frankyske Ryk)
stoarn ±775
stjerplak Utert (Frankyske Ryk)
etnisiteit Frankysk
wurkpaad
berop/amt roomsk abt
aktyf as abt fan it kleaster Sinte-Marten
warder fan it bisdom Utert
jierren aktyf 750 – ±775
reden
  bekendheid
● syn foaroansteande posysje
● syn hillichferklearring
● it ferneamde hilligelibben dat
   neitiid oer him skreaun waard

Gregoarius fan Utert700775) wie in roomsk sindeling, abt en hillige, dy't tweintich jier lang de biskopssit fan Utert op 'e noed hie en dêrom ek wolris biskop fan Utert neamd wurdt, al ûndergied er feitlik nea de biskopswijinge.

Gregoarius waard earne yn 'e jierren 700-705 berne as telch út in aadlik Frankysk laach yn it Dútske Trier. Syn heit Alberik wie de soan fan Addula, dy't as widdo abdisse waard fan it kleaster Pfalzel (of yn it Latyn Palatiolum) deunby Trier. Troch de gelikensens fan 'e nammen en teffens troch in neitiid ferfalske testamint is Addula gauris betize mei de hillige Adela fan Pfalzel, de dochter fan Dagobert II fan Austraazje, sadat Gregoarius wol by fersin in lid fan it keningshûs fan 'e Merovingen tocht is.

In byld fan Gregoarius fan Utert oan 'e gevel fan in gebou oan 'e Kromme Nijegrêft te Utert.

Gregoarius genoat yn syn jonkheid ûnderrjocht te Pfalzel. Doe't Bonifatius yn 722 op trochreis de nacht dêr trochbrocht, rekke Gregoarius sa fan him ûnder de yndruk, dat er him halje-trawalje by de man joech en Bonifatius syn learling waard. Neitiid holp er Bonifatius by dy syn wurk yn Hessen, Tueringen en Fryslân, en ek beselskippe er him op syn trêde reis nei Rome, yn 738. Om 750 hinne waard Gregoarius beneamd ta abt fan it kleaster fan Sinte-Marten, te Utert.

Yn 744 wie Willibrord, de earste biskop fan Utert, ferstoarn sûnder in opfolger oan te wizen. Bonifatius hie dêrop Eoban oansteld om as in soarte fan steedhâlder it bisdom te bestjoeren. Yn 754 gie Bonifatius, beselskippe troch û.o. Eoban, op syn lêste sindingsreis nei Fryslân, wêrby't se allebeide yn 'e neite fan Dokkum omkamen. Dit wie ien fan 'e pear reizen wêrop't Gregoarius net mei syn master gie; mooglik wied er yn Utert efterbleaun om it bisdom net alhielendal sûnder tafersjoch te litten. Nei de dea fan sawol Bonifatius as Eoban oarderen paus Stefanus II en de Frankyske hofmeier Pepyn de Jongere Gregoarius om 'e biskopssit fan Utert te noedzjen. Hy wegere lykwols om ta biskop wijd te wurden, mei't er fûn dat er te min wie foar sa'n heech amt. Likegoed wurdt er gauris oantsjut as biskop fan Utert.

De kleasterskoalle fan it Martensstift, Gregoarius syn abdij, woeks út ta in soarte fan seminaarje foar sindelingen fan alderlei komôf. Der wiene Franken, Friezen, Saksen en sels Beieren en Swaben. Ek út it Angelsaksyske Ingelân wei kamen learlingen, hoewol't dat lân sels oer poerbêste skoallen beskikte. De bekendste ûnder de dissipels fan Gregoarius wie de Fries Liudger, dy't neitiid de earste biskop fan Múnster waard. Dyselde waard letter ek de auteur fan 'e Vita Gregorii Abbatis Traiectensis (It Libben fan Gregoarius, Abt fan Utert), in hilligelibben oer Gregoarius.

In jier as trije foar syn dea krige Gregoarius te lijen fan in ferlamming fan syn lofterside, mooglik as gefolch fan in oerhaal, dy't him stadichoan oer syn hiele lichem fersprate. Doe't er, yn 775 of dêromtrint, syn dea neieroan kommen fielde, liet er him nei tsjerke ta drage, dat er yn it hûs fan God stjerre mocht. Letter waard it meastepart fan syn holle oerbrocht nei it Limburchske Susteren, dêr't noch altyd de foarnaamste skryn stiet dy't oan 'e hillige Gregoarius fan Utert wijd is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.