Gjûmri
Gjûmri Գյումրի | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
Provinsje | Sjirak | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 121.976 (2012) | |
Oerflak | 54 km² | |
Befolkingsticht. | ± 2.300 / km² | |
Hichte | 1.509 m | |
Oar | ||
Stifting | 8e iuw f.Kr., weropboud yn 1837 | |
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Koördinaten | 40°47'NB, 43°50'EL | |
Offisjele webside | ||
Side fan de stêd | ||
Kaart | ||
Gjûmri (Armeensk: Գյումրի) is de haadstêd fan 'e provinsje Sjirak yn Armeenje. It is de op ien nei grutste stêd fan Armeenje. De stêd stie yn 'e 19e iuw bekend ûnder de namme Aleksandropol en it wie doe ien fan 'e grutste stêden fan it troch it Keizerryk Ruslân bestjoerde East-Armeenje. It hie doe in ynwennertal dat lyk wie oan Jerevan. Yn 'e Sovjettiid krige de stêd de namme Leninakan. Oant de grutte ierdskodding fan 1988 dy't de stêd slim rekke hie de stêd likernôch 200.000 ynwenners. By de telling fan 2011 hie de stêd 121.976 ynwenners.
Gjûmri is ek de sit fan it bisdom Sjirak fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit yn it west fan it lân net fier fan 'e grins mei Turkije op in hichte fan likernôch 1590 meter. It ynwennertal is ûngefear 130.000 en de minsken hawwe dêr in eigen dialekt.
Fan 1840 oant 1924 hiet de stêd Aleksandropol (Russysk: Александрополь; Armeensk: Ալեքսանրապոլ) en yn 'e Sovjettiid waard de stêd nei Vladimir Lenin ferneamd. Leninakan (Ленинакан, Լենինական) waard yn 1991 wer omdoopt ta Kumajri (Կումայրի).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut argeologysk ûndersyk yn de Sovjettiid hat bliken dien dat it moderne Gjûmri al sûnt 3000 f.Kr bewenne is. Neffens ynskripsjes dy't werom geane op 'e 8e iuw f.Kr. hiet it plak yn it doedestiidske Urartû Kumajri. De hjoeddeiske stêd ûntstie yn 1836 by de stifting fan in Russyske fêsting. Oant de Earste Wrâldkriich wie it de haadstêd fan in ûjezd fan it gûvernemint Jerevan.
Op 7 desimber 1988 die in swiere ierdskodding de regio Lori yn it noarden fan Armeenje de grûn skodzjen. By de ramp kamen 25.000 minsken om it libben. Njonken de stêd Spitak, dy't hast folslein ferneatige waard, waarden Leninakan en Kirovakan en in soad omlizzende doarpen slim rekke.
In soad, benammen net-sosjalistyske, lannen holpen it lân mei de werbou. De styl fan 'e nijbou ferwiist fakentiden nei de arsjitektuer fan it donorlân, itjinge in tige ôfwikseljende arsjitektuer oplevere.
Op 25 juny 2016 brocht paus Fransiscus in besite oan 'e stêd en droech op it Vartanants Plein dêr de misse op. Ek katolikos Karekin II die mei oan 'e seremoanje.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat de yndustry oanbelanget binne de tapytweverijen en metaalferwurkjende fabriken it neamen wurdich. Nei de grutte ierdskodding fan 1988 is de wurkleazens lykwols heech. It doel is om fan 'e stêd it IT-sintrum fan Armeenje te meitsjen. Sûnt 2014 moat it Gyumri Technology Center de technology yn 'e regio fuortsterkje. Jonge minsken wurde dêr û.o. foarme yn it programearjen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Resten fan it eardere Kumajri.
-
Stedhûs.
-
Vartanants Plein.
-
Tsjerke fan it Teken.
-
Russysk-otterdokske Tsjerke fan Aleksandra.
-
Weropbou Ferlossertsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|