Gesalik
Gesalik of Gesalek († 513) wie in Fisigoatyske kening fan 507 oant 513. Gesalik wie in swakke kening, dy't de Franken net ôfhâlde koe fan fierdere oermasteringen. Under syn bewâld bleau allinnich Septimaanje Goatysk, wêrby in ein kaam oan it Goatyske keninkryk yn Galje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gesalik folge syn heit Alarik II op de troan, nei de ferlerne Slach fan Fouillé tsjin de Franken, hoewol't er ûnwettich berne wie, omdat Amalrik, de ienige wetlike soan fan Alarik noch minderjierrich wie.
Hy sette de kriich tsjin de Franken troch, mar hie dêrby net folle súkses. De haadstêd fan it Fisigoatyske ryk waard troch de Franken yn 'e brân stutsen en Narbonne foel yn Boergondyske hannen. Allinnich troch yngripen fan de Ostrogoaten ûnder Teodoarik de Grutte koe in fierdere delgong tsjinhâlden wurde.
Yn 511 waard Gesalik ûnder fuotten helle troch Ibbas en ferdreaun. Hy flechte nei de Fandalen, kaam letter werom en sneuvele yn in gefjocht. De neifolger fan Gesalik wie syn healbroer Amalrik, earst mei Teodoarik as fâd en yn 522 offisjeel as kening.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Schreiber, Hermann, de Goten: vorsten en vazallen (1979).