Gerard van Klaveren
Gerard van Klaveren | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 7 maaie 1951 | |
berteplak | Terneuzen | |
partij | VVD | |
fraksjefoarsitter fan de VVD yn Opsterlân | ||
amtsperioade | 1982 - 1989 | |
fraksjefoarsitter fan de VVD yn Fryslân | ||
amtsperioade | 1988 - 1995 | |
deputearre fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1995 - 2003 | |
boargemaster fan Weststellingwerf | ||
amtsperioade | 2005 - 2017 | |
foargonger | Remco Heite | |
opfolger | André van de Nadort | |
boargemaster fan It Amelân (wnd.) | ||
amtsperioade | 2018 - 2020 | |
foargonger | Albert de Hoop | |
opfolger | Leo Pieter Stoel |
Gerard van Klaveren (Terneuzen, 7 maaie 1951) is in Nederlânsk politikus en publisist.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2003 is er honorêr konsul fan Yslân en sûnt 2005 is er boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf. Fan 1995 oant 2003 wie er deputearre fan Fryslân. Yn dy funksje joech er yn 1999 de oanset ta it Fryske Marreprojekt, in ynvestearringsprogramma fan 330 miljoen euro ornearre om de kwaliteit fan it toeristysk produkt De Friese Meren op te wurdearjen. Eerder wie er fan 1982–1989 fraksjefoarsitter fan de VVD-fraksje yn de gemeenteried fan Opsterlân en fan 1988 oant 1995 fraksjefoarsitter fan de VVD-fraksje yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Oarspronklik wie Van Klaveren makeler yn bedriuwhúsfêsting by DTZ.
Yn 1997 wie Van Klaveren inisjatyfnimmer ta it setten fan in stânbyld fan Harry (Cuby) Muskee, yn Grolloo, de sjonger fan Cuby + Blizzards. Dêrnei rjochte er yn 2000 de Stichting Erfgoed Muskee op, dy't yn 2011 yn Grolloo it Cubymuseum realisearre. Yn 2009 waard troch Van Klaveren de Stifting Liet International oprjochte. Dy stichting hat as doel sjongfestivals te organisearjen foar lieten songen yn Jeropeeske minderheidstalen.
Yn 1999 waard Van Klaveren troch de minister fan ekonomyske Saken beneamd ta foarsitter fan d eStjoergroep Setifisearring Makelers. De opdracht fan 'e stjoergroep wie: ûntwikkelje in troch de brânsj breed droegen sertifisearringsregeling. De minister oppenearre dat dat nedich wie, fanwegen de troch it kabinet foarstelde ôfskaffing fan de titelbeskerming en beëdiging fan makelers mei yngong fan 1 jannewaris 2001. De ornearre sertifisearringsregeling kaam yn 2000 ta stân.
Fanwegen de weromrinnende greidef☼gelstân en benammen dy fan 'e ljip, naam Van Klaveren as boargemaster fan Weststellingwerf it beslút en brek mei de jierrenlange tradyje en Fryslân en neim net it earste ljipaai yn ûntfangst. Hy wie dêrmei de earste boargemaster dy't dêrmei in punt makke.
Boeken/publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By útjouwerij W.J. Thieme & Cie. yn Sutfen ferskynden:
- 1981 De Labrador Retriever
- 1982 De Golden Retriever
- 1985 De Flatcoated Retriever
- 1985 De Friese Stabij en Wetterhoun
- 1986 Het Kooikerhondje
- 1989 Jachthonden
Fanwegen de Vereniging voor Stabij en Wetterhounen:
- 1987 De Fryske Hounen
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânsk politikus
- VVD-politikus
- Nederlânsk makeler
- Nederlânsk bestjoerder
- Frysk politikus
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Frysk deputearre
- Boargemaster fan It Amelân
- Boargemaster fan Weststellingwerf
- Frysk makeler
- Frysk bestjoerder
- Yslânsk diplomaat
- Siuwsk persoan
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1951