Springe nei ynhâld

Fregat

Ut Wikipedy
In echt fregat fan 'e Frânske Marine.

In fregat is in lyts type oarlochsskip. As term fynt "fregat" syn oarsprong yn it fyftjinde-iuwske Middellânske-Seegebiet, mar de etymology is ûnwis. Yn it Frysk en Nederlânsk is it wurd perfoarst oernommen út it Frânsk, fan frégate. Mooglik giet it oarspronklik werom op it Latynske aphractus, dat sels wer in lienwurd is op basis fan it Aldgrykske ἄφρακτος, afraktos, dat "ûnferdigene" betsjut (as yn: "ûnferdigene skip").

Troch de iuwen hinne is de oantsjutting "fregat" brûkt foar gâns ferskillende skippen. Yn 'e santjinde iuw en it begjin fan 'e achttjinde iuw wie in fregat in trijemêster mei 24 oant 44 kanonnen, dy't fluch sile en manûvrearje koe by û.m. militêre ferkennings, mar dy't tagelyk dochs swier genôch wie om as linyskip syn plak yn 'e float yn te nimmen foar koördinearre gefjochtsaksjes. Yn fredestiid waarden fregatten gauris ynset as eskorte om keapfarders te beskermjen tsjin seerôvers. Yn it twadde fearn fan 'e achttjinde iuw ûntjoech him by de Frânske marine it 'wiere' fregat: in sylskip mei mar ien kanonnedek en dêrûnder in twadde, ûnbewapene dek dêr't de bemanning sliepte.

De USS Constitution, in orizjineel Amerikaansk fregat út 'e ein fan 'e achttjinde iuw.

Mids njoggentjinde iuw waarden troch de Britten en de Frânsen de earste mei stiel bepânsere steamfregatten ûntwikkele. De term 'fregat' waard keazen om't ek dizze skippen mar ien kanonnedek hiene. Troch lettere fierdere ûntwikkelings rekke de namme 'fregat' efter de tiid en út 'e geunst. Pas yn 'e Twadde Wrâldoarloch kaam er wer yn gebrûk.

De Britske Keninklike Marine hie doe ferlet fan marineskippen om keapfardijskippen te eskortearjen en te beskermjen tsjin 'e U-boaten fan 'e nazy-Dútske Kriegsmarine. Earst waarden dêrfoar torpedoboatjagers ynset, mar dy wiene der te grut en te djoer foar en wiene nedich op oare plakken. Der waard doe in modern marineskip ûntwikkele dat yn grutte tusken de torpedoboatjager en de korvet yn siet. Dêroan waard de namme 'fregat' jûn.

Tsjintwurdich bestiet der net folle konsekwintens en dêrom in protte betizing oer wat in fregat is. Yn prinsipe is it in lytseftich marineskip mei in lingte fan tusken de 100 en 120 m. Sokke skippen wurde ynset foar ûnderseeboatbestriding, mar ek wol as platfoarm foar de lansearring fan stjoerde raketten. De betizing wurdt feroarsake troch it feit dat yn in soad marines de termen 'fregat' en 'torpedoboatjager' trochinoarhinne brûke. De Amerikaanske Marine hie fan 'e 1950-er oant de 1970-er jierren saneamde fregatten dy't eins krusers wiene boud op rompen fan torpedoboatjagers. En yn Jeropa meitsje in protte marines gjin ûnderskie mear tusken fregatten en torpedoboatjagers. Sa hat de Nederlânske Keninklike Marine eins hielendal gjin fregatten mear, inkeld torpedoboatjagers. Mar dy lêste oantsjutting wurdt net brûkt en ynstee sprekt men fan fregatten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.