Floaris III fan Hollân
Floaris III (om 1140 hinne – Tyrus,Antiochje, 1 augustus 1190) wie fan 1157 oant 1190 greve fan Hollân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Floaris folge yn 1157 syn heit Durk VI op as greve fan Hollân. Hy wie in trouwe bûnsgenoat fan de Dútske keizer Freark Barbarossa. Yn 1158 en fan 1176 oant 1178 stie hy de keizer persoanlik by yn syn striid yn Itaalje.
De greven fan Hollân, Gelre en hartochdom Kleef dienen alle mei oan de tredde krústocht. Keizer Freark Barbarossa ferdronk doe't hy in rivier oerstekke soe en greve Floaris III ferstoar net lang nei him op 1 augustus 1190, fan útputting yn Antiochje. Oare boarnen geane der fanút dat hy ferstoarn is oan de pest dy’t yn Antiochje op dat stuit hearske. Hy is te hôf brocht yn de Petrustsjerke fan Antiochje.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Floaris wie troud mei Ada fan Skotlân, de suster fan de Skotske kening Malcolm IV. Hy troude op 28 septimber1162 en tegearre krigen se 10 bern, 5 soannen en 5 dochters.
- Durk, dy’t syn heit as Durk VII opfolgje soe.
- Willem, dy’t it greefskip fan Ada, de dochter fan Durk VII ôfnimme soe.
- Hindrik
- Floaris, dy’t biskop fan Glasgow wurden is.
- Boudewyn
- Ada, dy’t troude mei Otto I fan Brandenburch
- Sofia
- Margaretha, dy’t letter trouwe soe mei Durk V fan Kleef
- Elisabeth, (jong ferstoarn)
- Agnes, dy’t abdis wurden is yn Rijnsburg.