Fleanfjild Lelystêd
Lelystad Airport (EHLE), oant 1993 Luchthaven Lelystad neamd, is in fleanfjild, by de stêd Lelystad. De lofthaven is ûnderdiel fan de Schiphol Group.
Lelystad Airport is in sakefleanflijd, en is "it grutste fleanfjild foar lytsere fleantugen". Op Lelystad Airport binne meardere fleanskoallen, wêrûnder Vliegschool Zelf Vliegen, AIS flight academy en de Martinair Vliegschool.
Lelystad Airport hat twa startbanen:
- 05-23 lingte ± 2700 meter (ferhurde), breedte 45 meter
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it ûntstean fan Flevolân wienen yn de provinsje meardere gersbanen oanlein foar de fleantugen dy't nedich wienen foar it drûchlizzen fan de polder. Dy gersbanen wienen net sa effisjint, der moast in lokaasje keazen wurde foar in fleanfjild, dat yn de takomst útwreide kinne moast foar grutter loftferkear. Yn 1973 waard Lelystad Airport offisjeel in fleanfjild, mar hie allinnich in gersbaan. Troch it relatyf folle ferkear moast der in ferhurde baan komme. Dy kaam yn 1981 klear, twa jier nei it ferhurdzjen fan de taksybaan. Lelystad Airport groeide yn it begjin goed, maar berikte net de saaklike funksje dêr't it foar ornearre wie. Yn 1991 waard de lanningsbaan ferlinge nei de hjoeddeiske lingtre fan 1250 meter, útwreide mei de needsaaklike ferljochting. Yn 1993 waard Lelystad Airport eigendom fan de Schiphol Group, em krige it dy namme.
Noch altiten hat Lelystad Airport net de saaklike funksje dy't it hawwe moatte soe, mei troch it ûntbrekken fan loftferkearslieding. De takomst moat mear mooglikheden biede. Eardere ynfiering fan lofftferkearslieding is ein 2008 ôfwiisd troch de Minister fan Ferkear en Wettersteat, der wurdt sjoen nei tydlike alternativen.
Takomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne grutte plannen om fan Lelystad Airport in wichtige regionale lofthaven te meitsjen. De start- en lanningsbaan wurdt ferlinge nei 2100 meter, sadat ek gruttere fleantugen lanje kinne en opstige. Tagelyk wurdt loftferkearslieding ynfierd mei in CAT 1 ILS (Instrument Landing System), sadat ûnder hast alle waaromstannichheden opereard wurde kin. Ek wurdt der oan de noardside in terminal mei platfoarm en parkearterrein boud. In iepenbierferfierferbining wurdt makke mei it (takomstige) NS-Stasjjon Lelystêd Súd. Mei dizze útwreiding wurde linetsjinsten nei Europeeske plakken mooglik. Lelystêd Airport mei trochgroeie nei sirka 2 miljoen passazjiers.
Kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lelystad Approach: 134.530
- Lelystad Tower: 135.180
- Lelystad Delivery: 123.680
- Lelystad Information (ATIS): 120.730
- Naderingshelpmiddels
Aviodrome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2003 is it Temapark Aviodrome op Lelystad fêstige. Oarspronklik wie dit museum op Schiphol, ûnder de namme Aviodome.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|